Ut it eigen lichem swermje - Leeuwarden City of Literature

‘In boek moat de bile wêze foar de beferzen see yn ússels.’

Franz Kafka

Tekst: Lieke van den Krommenacker | Oersetting: Martsje de Jong | Yllustraasjes: Julia van der Bos

I
Yn in brief oan syn healsusters pleite Adriaan van Dis yn maaie 2022 foar it ‘mentaal ferbouwen’ fan safe spaces ta places of discomfort. ‘Pakken dêr’tst bewust de konfrontaasje mei dyn eigen libbensoertsjûging en wrâldbyld oangiest.’ Dêr’tst net dyn kop yn it sân stekst foar ûnnoflike ûnderfiningen, mar dy der earder yn ûnderdompelest. By útstek geskikt foar dizze ekersysje: de literatuer. ‘Al lêzend kinne wy fan kleur en sekse feroarje. Begryp krije foar it slachtoffer, mar ek foar de skoft,’ sa seit Van Dis. Ja, tocht ik. Ja, ja, ja. Lit de literatuer foaral ûnnoflik wêze; in spegel, skuorpapier, de hân dy’t dyn kop út dat sân lûkt en it sân yn dyn eagen struit, oant de beskreaune werklikheid presys sear genôch docht. Dat ik dyselde literatuer ûnbewust brûkte om my net bûten myn safe space bejaan te hoegen, begûn my pas letter te daagjen.

II
Wikenlang hie ik fan it stasjon yn Stedum stadich achter him oan skufele nei it boekbynatelier. Him foaral net ynhelle, om it awkward waarpraatsje te mijen. In soad wist ik net fan myn mei-kursisten – boekbiners binne gjin praters, boppedat fereasket de beuzichheid de nedige konsintraasje – mar wol dit: behalve potten boekbinerslym dielden wy net in soad. Yn dit idee waard ik befêstige doe’t ien fan harren, lit ik sizze Johan, ûnder de les in kado krige fan in oare groepsgenoat: in byld fan in Swarte Pyt. ‘Rêden’ fan immens souder, dêr’t it stie te ferstofjen, en bedoeld foar Johan syn samling, safolle begriep ik. It kaam him oant boppe de knibbels. Nei de les kuiere Johan werom nei de trein, Piet stiif ûnder de earm klamme. Doe’t ik justjes letter deselde en fierder lege kûpee yn stapte, skode ik fan skrik tsjin Johan oer yn de fjouwersits. Piet hong wat stiif neist him, fan boppen oant ûnderen yn teedoeken bewuolle.

‘Ik garje boeken en artefakten oer negers,’ sei Johan.

III
Yn Citizen (2014), in samling poëzy en (byld)essees oer alledeisk rasisme, skriuwt Claudia Rankine:

‘Yn ’e rige by de drogist bist einlings oan bar, en dan dochs net as hy foarkringt en syn guod op ’e toanbank set. De kasjêre seit: Menear, sy wie earst. As hy him omdraait is er echt ferbaasd.
O godskes, ik hie jo net sjoen.
Jo binne grif hastich, opperest. 
Nee, nee, nee, ik seach jo wier net.’

IV 
Ik wurkje in skoftsje yn ’e biblioteek. Op in dei trof ik, krekt foar myn tsjinst, in kollega dêr’t ik fan tocht dat er ferhuze wie.
‘Hee, hoi!’ sei ik. ‘Soesto net nei Amsterdam, foar dyn staazje?’
‘Nee hear’, antwurde hy, ‘dat wie ús oare kollega.’
It skamread begûn oan in opmars op myn spierwite kaken.
‘O, sorry!’ brocht ik út. 
‘It is okee’, sei hy, ‘wy wurde hiel faak trochinoar helle.’

V
Lêzen en libjen binne net itselde, al hawwe wy gauris oanstriid dy beide mei-inoar te fertiizjen. Wat ik bedoel is dit: dy’t lêst oer antyrasisme en dêr ynstimmend by knikt, is noch gjin antyrasist.

VI
Yn april wist Johan Derksen yn it telefyzjeprogramma VI him wer ris de lilkens fan mannich sjogger op ’e hals te heljen. Hy hie Twadde Keamerlid Habtamu de Hoop (PvdA) belachlik makke. De jonge koe neffens Derksen noait in echte Fries wêze, want dy binne net swart. Derksen is dochs ek gjin Surinamer? Oan tafel waard lake.

Karin Amatmoekrim reagearre yn in kollumn yn NRC Handelsblad, dêr’t se yn skreau: ‘(…) it wiere kwea is it meibewegen mei haat, it gewurde litten dêrfan, de skouderopheljende akseptaasje.’

Hoe faak hie ik mei de haat meibeweegd? Hie ik it neilitten om, fanbinnen ynienkrompen, fatsoenlik yn it ferwar te kommen tsjin myn neven dy’t jierrenlang, sadree’t se frege waard wat út de keuken mei te nimmen, laitsjend seine: stiet der soms Turk op myn foarholle? En wat hie ik der wier tsjinyn brocht doe’t in skoantante ûnder it lêste krystmiel tajoech ‘eins bêst rasistysk te wêzen’ en har lûdop ôffrege wêrom’t dat no dochs sa’n beladen wurd wurden wie. En by the way, wat wie der no krekt mis mei Wilders? Dat ‘yslike links’ wie dochs folle slimmer?

De yn ’e oven geare spruten smakken der net ien minder om.

VII

Literatuer kin noch sa’n spegel wêze, salang’t it libben komfortabel genôch is, is allinnich deryn sjen noait genôch. 

VIII
‘Ik fyn it hiel ferfelend datst hieltyd it n-wurd seist,’ begûn ik tsjin Johan. It wie de ôftraap fan in rige awkward bepaald-gjin-waarpraatsjes. Wifkjend die ik, relevante literatuer mentaal yn ’e oanslach, út ’e doeken wêrom’t ik it gebrûk fan it n-wurd respektleas achte. Wêrnei’t Johan sichtber tefreden in folgjend collector’s item út syn tas graaide: in eardere útjefte fan De negerhut van Oom Tom, ynklusyf tekening dêr’t in swarte man yn ôfseame wurdt troch syn ûnderdrukker.

Ik woe yn it ferhef komme, yn it ferhef komme tsjin Johan en yn it ferhef komme foar Sabrine Ingabire, dy’t yn har debútroman Lotgenoten sa ûnûntkomber skriuwt oer wat it betsjut om swart te wêzen yn in wite wrâld. Om net wyt te wêzen en dy net swart genôch te fielen.

Ik woe yn it ferhef komme foar mysels, en sykje nei in plak dat ik sûnder skamte ynnimme koe.

‘Mar,’ sei Johan. ‘Wat dochsto dan om wat te feroarjen?’

‘No, eh,’ stammere ik, mear freegjend as wat oars, ‘boeken lêze fan minsken dy’t dei yn dei út mei rasisme en ûnderdrukking te krijen hawwe…? Besykje myn bline flekken te sjen…

wilde opstaan voor mezelf, en zoeken naar een plek die ik zonder schaamte kon innemen. 

…it petear oangean?’

‘Ja,’ sei Johan, ‘mar dit dochst dochs ek allegear yn dyn eigen bubbel?’

Ik fielde my betrape en klemset tagelyk.

IX
Yn de roman Iemand moest het doen fan Sanne Huysmans driget in groep bewenners fan de fiktive Kapelstraat al wat harren tafertroud is kwyt te reitsjen oan de foarútgong. Wylst ynternet, asfalt en elektrisiteit har oantsjinje, sjogge se fol wantrouwen troch harren finsters – en nei elkoar.

‘De basis fan elk kontakt wie ferbylding,’ skriuwt Huysmans. In eintsje fierderop: ‘Ferbylding wie ferlitte: út de hurdheid fan it eigen lichem swermje. Om út in oarekant wei itselde te sjen, dat der fan dy kant besjoen hiel oars útseach.’

Ja, tocht ik. En: guon oarekanten sil ik yn dit libben noait berikke kinne. Tichterby as de ferbylding kin ik net komme.

Ien fan ’e Kapelstraatbewenners is Bert. ‘Bert koe net út syn eagen wei, hy soe net witte hoe.’

En dus gedraacht Bert him it hiele boek lang as in lul

Hoe mear’t ik oer Bert lies, hoe mear ik him mei moederaasje beseach.

X
Miskien is de rol fan ûngemak yn ’e literatuer wol dit:

Yn in oar ferdwine kinne, dat wy ússels ûnder eagen komme kinne. Dan: derút weigean om wrachtiger en foaral krêftdiediger yn ’e werklikheid werom te kommen.