Strip Bubbels - Leeuwarden City of Literature

Troch: Studio van Beek

Gerco van Beek, yllustrator/ûntwerper/cartoonist, wurket in soad foar deiblêden, magazines, websides en TV. Hat Minerva dien en siet jierren yn it reklamefak. En altyd mar tekenje. Foarhinne de wrâld fan papier, inket en wetterige ferfkes, hjoed-de-dei mei kompjûter en iPad. Krekt sa moai, wol sa rap. Mar elk konseptsje of ideetsje begjint noch altyd op papier, of op ‘e efterkant fan in slúf, in ôfskuorde hoeke papier, of gewoan tusken de earen ûnder in kuier of moarns ûnder dûs.