Huverich foar de omwaarjende miening-itis? - Leeuwarden City of Literature

De Culturele Apotheek biedt literêre antystoffen

Der liket tsjintwurdich net oan te ûntkommen: stevige stânpunten fan stiel. Suver alle dagen wurde wy om ’e earen slein mei ûnbûgsume mieningen. Foar of tsjin boeren of it stikstofbelied. Foar of tsjin wapenleverânsjes oan Oekraïne. Foar of tsjin de opfang fan flechtlingen. Foar of tsjin Israël. Soest hast tinke dat elkenien altyd oertsjûge is fan it eigen keihurde gelyk. En datst dat sels ek wêze moatte soest.

De realiteit: it gros fan ’e minsken skipperet en twivelet. De measten witte net fuortdaliks wat se earne fan fine moatte of besjogge saken graach fan mear as ien kant. Mannich sjogge it wrakseljen fan likegoed de iene as de oare. It blykt ek út ûndersyk: de mearderheid fan de Nederlanners tinkt behoarlik nuansearre oer alderlei kwestjes dêr’t op ’e flanken in fûle striid oer fierd wurdt. Mar it is in hiele útdaging om as lid fan ’e stille midden tsjin ’e hapkleare soundbite-trend yn te gean.

Fielsto gauris drang of twang om flinke stânpunten yn te nimmen? De Culturele Apotheek riedt dy graach in literêr kuerke oan om dysels dêrfan te befrijen, en dyn langstme nei mear nuânse te fersterkjen.

Lês om te begjinnen de prikeljend aktuele briefroman Tussen werelden fan Juli Zeh & Simon Stone. Kom yn ’e kunde mei stúdzjefreonen Stefan en Theresa, dy’t nei jierren radiostilte wer kontakt mei-inoar sykje. Stefan is sjoernalist wurden by in prestizjeus progressyf wykblêd, wylst Theresa it melkfeebedriuw fan har heit oernaam. Hy is fol fan klimaataktivisme en antyrasisme, wylst sy har foaral drok makket oer it fuortbestean fan har bedriuw. Harren korrespondinsje makket hilarysk én pynlik sichtber hoe maklik minsken fêstrinne yn ’e rinfuorgen fan harren eigen gelyk. Bist sekuer yn ien klap genêzen fan it langstme wat 200% wis te witten. 

Ferwaarme dyn nuânse-spieren dêrnei mei Het laatste voorjaar fan Minke Douwesz, wêryn’t fyftiger Ese ‘gewoan’ har bêst docht it goede te dwaan, har ekologyske fuotprint sa lyts mooglik te meitsjen én in ynspirearjende dosinte te wêzen. Se hat ferantwurdlikheidssin sûnder rjochtlinich te wêzen, raast har miening net fan ’e dakken, mar hannelet wol nei har eigen noarmen. Beskieden en drystmoedich tagelyk is Ese. Fiel hoefolle wearde sa’n hâlding hat.

Earst noch wat streekrjochte ferlichting fan miening-itis-jûkte nedich? Mooglik helpt dit gedicht fan de Perzyske poëet Rumi (1217-1273):

De freonelike mins

Foarby it oardiel
fan goed en ferkeard
is in iepen fjild

Ik tref dy dêr.

De Culturele Apotheek en Leeuwarden UNESCO City of Literature wurkje gear yn it ramt fan it Frysk Lêsoffensyf. Sa kinst yn ’e winter fan 2024 op fin soad plakken yn ’e provinsje mei-inoar lêze. Aardich feitsje oer Rumi: koartlyn smieten Stjoer/Onze Familie yn Ljouwert, Leeuwarden City of Literature en kultuermakker Jochem Knoef de lapen gear. Ynspirearre troch Rumi waarden ûnder de titel ‘Now is the time to say new things’ assosjaasjes en oantinkens fan nijkommers omset yn meartalige literatuer en op muzyk set (te belústerjen fia Spotify).