Ferdjipping foar Frysk skriuwtalint - Leeuwarden City of Literature

It is healwei njoggenen jûns en skoft op de Skriuwersfakskoalle. Ut twa sealen yn Tresoar, Literatuermuseum, argyf en biblioteek Fryslân, rinne lessen leech. In tsiental studinten giet oan de grutte tafel sitten, middenyn ’e hal. Der leit koeke op tafel, se kletse en drinke in kopke tee. De iene helte hat krekt poëzyles hân en de oare helte Skriuwtechnyk A.

Tekst: Anna Lillioja | Oersetting: Martsje de Jong | Foto: Hoge Noorden / Jacob van Essen

‘It skoft dogge wy altyd mei-inoar,’ seit dichter en dosint Skriuwtechnyk A, Arjan Hut. ‘Wy fine it moai as der echt in skoalse sfear hinget.’ It is in bysûndere dei, want hjoed hawwe de organisators fan de Skriuwersfakskoalle in hantekening set ûnder in nije gearwurking. De Fryske skoalle sil fan 1 july ôf ûnder de wjukken nommen wurde fan de lanlike Skriuwersfakskoalle; in ynstitút mei mear as 40 jier ûnderfining. In stap dy’t neffens de belutsenen soargje sil foar gâns nije mooglikheden, likegoed yn de útwreiding fan it lesprogramma yn Fryslân, as foar útwikseling fan studinten en dosinten.

Tusken lokale literêre helden

Foar de gelegenheid wurdt de les fan Arjan hjoed jûn yn de Gysbert-Japicxseal, neamd nei de Fryske dichter en skriuwer ûnder waans namme ek de wichtichste Fryske literatuerpriis útrikt wurdt. De studinten lêze koarte gedichten foar, dy’t se de ôfrûne wike as húswurk makke hawwe. Sketsen fan hjitte, miggen, bleate basten en de sinne klinke troch de romte, der wurdt gnyske en fol werkenning knikt.

It wie in waarme wike. Op ’e goudkleurde wanden fan ’e ymposante seal hingje de portretten fan eardere winners fan de Gysbert-Japicxpriis. ‘Uderdiel fan de priis is dat der in portret fan dy skildere wurdt,’ ljochtet Arjan ta. ‘Wa wit hinget it gesicht fan ien fan ús studinten hjir ea ek.’ Dat soe moai wêze; ien fan ’e wichtichste doelstellings fan de Skriuwersfakskoalle is nammentlik it fersterkjen fan de oanwaaks fan talintfolle Fryske skriuwers.

De Skriuwersfakskoalle gie yn 2021 fan start op inisjatyf fan Leeuwarden City of Literature, Tresoar en de Skriuwersfakskoalle yn Grins. Ien persoan yn it bysûnder spile in grutte rol yn it oanjeien fan skriuwlessen yn it noarden fan Nederlân. Pauline Durlachter is al sûnt de begjinjierren belutsen by de Skriuwersfakskoalle. Earst as studint (‘Ik bin noch altyd net ôfstudearre,’ seit se dêr laitsjend oer), doe as meiwurker en letter sette sy de oplieding yn Grins op, dy’t yn 2022 al opgien is yn de lanlike Skriuwersfakskoalle.

‘Mei de fêstiging yn Grins hie ik de ambysje om net allinnich les te jaan yn it skriuwen, mar de learlingen ek yn ’e kunde komme te litten mei it kulturele fjild dêr’t se by hearre,’ fertelt se oan de telefoan. Ek by de Skriuwersfakskoalle is dit aspekt wichtich. De studinten komme hjir net allinnich yn ’e kunde mei it literatuerfjild yn it algemien, mar ek spesifyk mei de Fryske literêre tradysje. Ek yn ’e les fan Arjan lizze der by alle studinten boeken op tafel: de jûn begjint altyd mei it besprekken fan itjinge dat lêzen wurdt. Lêstendeis hat de groep op literêre kuier troch Ljouwert west, dêr’t se by lâns ferskillende gedichten yn de iepenbiere romte rûnen en mei-inoar liezen. ‘It skriuwen kin soms iensum wêze,’ seit Arjan. ‘Dan is it net allinnich noflik om hjir by-inoar te kommen, mar ek om te witten datst diel útmakkest fan in lange en rike skiednis.’

Appe yn it Frysk

Foar in soad fan de studinten yn Ljouwert is de Frysktaligens fan de lessen in reden op himsels om mei te dwaan. Lara (38) út de oare klasse fan jûn sit yn har twadde stúdzjejier oan de Skriuwersfakskoalle. ‘Ik bin grutwurden yn Brabân,’ fertelt se. ‘Mar myn pake wie in Fries. Frysk praten en skriuwen leare like my in moaie manier om mear yn kontakt te kommen mei myn foarâlden.’ Se learde fjouwer jier lyn pas Frysk, mar wûn wilens al in priis foar har Frysktalige poëzy.

In oare frou seit dat it har net allinnich om it skriuwen learen giet, mar ek om it behâld fan de Fryske taal. ‘Sûnt ik hjir op les sit, app ik ek yn it Frysk. Yn de famylje-appgroep seagen se earst al raar op. Mar ik sei: jim binne ek Friezen, dat jim moatte dat gewoan lêze kinne!’ Studint Tryntsje út it tredde jier skriuwt har ferhalen wilens ta har eigen fernuvering graach yn it Frysk, hoewol’t se har ynearsten ynskreau foar de Nederlânsktalige kursus, dy’t yn dbieb jûn wurdt. ‘Dy blykte al fol te sitten.’

Mear karfakken en gastdosinten

Mar ek foar aspirantskriuwers dy’t graach yn it Nederlânsk les krije wolle, biedt de gearwurking mei de lanlike organisaasje gâns nije opsjes. ‘Wy sjogge nei mooglikheden om karfakken en gastlessen fan oare dosinten oan te bieden yn it programma,’ sei direkteur fan de Skriuwersfakskoalle, Hans Hogenkamp. ‘Yn Amsterdam en yn Grins binne der in oantal fakken dy’tst yn Ljouwert noch net hast, lykas non-fiksje en jeugdliteratuer.’ Ek is der faaks meikoarten de mooglikheid om modules te folgjen oan de Senariofakskoalle – in susterûndernimming fan de Skriuwersfakskoalle. In goede ûntjouwing, fynt Pauline. ‘Wy moatte sjen nei wat de studint nedich hat om him te ûntwikkeljen as skriuwer en dêryn temjitte komme kinne. Soms is dat wat hiel oars as dat de studint sels ferwachte hie. Gauris komme minsken der pas studearjende en skriuwende achter, hokker sjenre harren goed leit.’

‘Wy wolle studinten noch mear karút biede,’ seit ek Jitske de Hoop, dy’t yn opdracht fan Leeuwarden City of Literature as kertiermakker belutsen wie by it ynrjochtsjen fan de nije gearwurking. Neist de fakken dy’t no al jûn wurde yn Ljouwert, lykas basismodules Skriuwtechnyk A en B, en de fakken dêr’t yn ôfstudearre wurde kin: proaza, poëzy, essee en toaniel, binne der ek ambysjes om hjir nije fakken en losse kursussen oan te bieden. Hjirta wurdt idealiter net allinnich mei de lanlike organisaasje, mar ek mei de lokale, Fryske partijen gearwurke. In earste pilot waard dien mei it fak berneboekenskriuwe. ‘Dit idee is ûntstien út de grutte fraach nei mear Frysktalige berne- en jeugdliteratuer,’ leit Jitske út. Wa wit hat it fan jongsôf stimulearjen fan Frysktalich lêzen ek in sniebaleffekt op ’e oanwaaks fan Frysktalige skriuwers. Sûnder lêzers ommers gjin skriuwers.

De wrâld ta dy trochkringe litte

Dy’t benijd is wêr’t syn as har eigen talint en ynteresses op skriuwmêd lizze, kin neffens Pauline it bêste de modules Skriuwtechnyk A en B folgje. ‘It is in earste ûntdekkingstocht fan it skriuwen yn twa kear tolve lessen. Komst yn ’e kunde mei likegoed poëzy, as essee, proaza en toanielskriuwen. Eksperimintearrest en hast foaral ek in soad wille mei taal.’

De lessen binne bedoeld om dyn kreativiteit en de basisprinsipes fan it skriuwen te ûntwikkeljen. Lykas dy ferwûnderje, mar ek it learen te jaan en krijen fan feedback. ‘In skriuwer hat tagelyk in tinne en in tsjokke hûd nedich,’ seit Pauline. ‘Moatst de wrâld om dy hinne ta dy trochkringe litte kinne. Mar moatst ek goed oer krityk kinne. Want dêr wurdst in bettere skriuwer fan.’

‘Wy wolle studinten noch mear karút biede’

Jitske de Hoop

Foto: Natalia Balanina

Foto boppe-oan: f.l.n.r.: Ernst Bruinsma, Pauline Durlacher, Vincent Kortmann, Jitske de Hoop, Hans Hogenkamp en Arjen Dijkstra, by it ûndertekenjen fan de gearwurkingsoerienkomst.

————

Is de Skriuwersfakskoalle ek wat foar dy?
Op woansdei 11 septimber is der in fergees tagonklike yntroduksjeles.