Briefwiksel Arjan-Marrit (ôftraap) - Leeuwarden City of Literature

Arjan Hut is sûnt novimber 2023 Dichter fan Fryslân, Marrit Jellema sûnt jannewaris 2024 Stadsdichter fan Ljouwert. De kommende moannen korrespondearje se mei-inoar. Dit is it begjin fan harren briefwiksel oer harren belibbenissen.

Leave Marrit,

Wat in nuvere wike. Tiisdei ha ik middeis it kolleezje foar de Skriuwersfakskoalle taret. It tema: ritmysk skriuwen, mei as foarbyld in gedicht fan Hindirk Hannema. In oerke letter mailde ien dat Hindirk dea is. Hy wie noch mar 33 jier. Ik woe it net leauwe, tocht oan in nije, rare stunt fan ús leave kollega-dichter. Dêr soe ik minder fan opsjen. Woansdeis de hiele dei mei berneboeke-ambassadeur Tialda Hoogeveen workshopt op in basisskoalle yn De Gerdyk. Yn it middeisskoft kuieren we troch it doarp. De wyn helle oan, it stie op reinen. Jûns yn Ljouwert nei in spontaan organisearre byienkomst west, yn de Kleine Bagijn. Stilte en triennen en fragen. Wannear hie ik him foar it lêst sjoen?
Mei KUO yn de auto rieden we freed nei de begraffenistsjinst yn Bakhuzen. Iten en drinken mei, strakblauwe loft, it like as gongen we in dei nei it strân. De Sint Odulfustsjerke siet hielendal fol. In see fan wylde blommen by it alter. Nei de tsjinst sloech it waar om, de himel kearde him binnenstbûten. Sigrid Kingma hie in stipkesparaplu. Guon stieken ûnder de beammen in sigaret op. En doe wist ik wannear’t ik Hindirk foar it lêst seach. It wie yn de Westertsjerke, op 30 jannewaris. De jûn dat’sto beneamd waardst ta nije stedsdichter fan Ljouwert. Apart no? Gabrielle Terpstra en ik presintearren, ien rôp wat út it publyk. It wie Hindirk. Ik reagearre heal. Wat hy sei, wat ik sei, dat wit ik net mear, behalve dat it – excusez le mot – deasloech. Nei de seremoanje ha ik net mear mei him praat, miskien eachkontakt, in knikje, dy glimk fan him, wa wit. Hy woe de lêste tiid gjinien mear sjen. Syn bondel leit op tafel njonken my, ik doar him net op te romjen. Ik hoopje, Marrit, de oare kear in happy brief. Yn alle gefallen, wat der ek bart, lit ús kontakt hâlde.

Mei waarme groet,
Arjan


Hoi leave Arjan,

In hiel nuvere wike. Sa’n wike dêr’tst fan witst dat dy bestien hat, mar net mear krekt hoe. Ik koe earst ek allinnich mar tinke dat it net echt wie. Dat it net koe, dat it net mocht, dat it yndied earder ‘in stunt’ wêze moast as dat it wier wie. Spitigernôch wie it wier. Bysûnder datst krekt dy wike in gedicht fan Hindirk behannelje soest. Dat hie er tink ik prachtich fûn. Krektlyk as dat de tsjerke hielendal fuld wie mei minsken. Hy waard miskien net altyd begrepen, mar wol snapt. Hoe dan ek, it bliuwt geweldich tragysk en fertrietlik. Ik wit it noch, fan dy jûn op 30 jannewaris, mar ek gjin details mear. By my is it faak dat ik my alle oare kearen wol yn it sin bringe kin, mar net de lêste kear. En dat is krekt de belangrykste. Hasto dat ek? Ik doch krekt oft ik it wol wit, fan dy jûn. En dan doch ik as ha ik mei him praat sa’t wy altyd praten. Koart, mar mei oprjochte ynteresse en altyd in grapke en in glim. Soms hast dat nedich, dwaan as of.
It fielt ek nuver om no foarút te blikken. Eins soene wy yn dizze brief fertelle oer wat wy allegear by de ein ha as stedsdichter fan Ljouwert en do as dichter fan Fryslân. Der bart safolle. In hiel soad moaie dingen wat wurk oanbelanget en ek projekten dy’t wy tegearre dwaan sille en al dogge. Gelokkich kinne wy dêr noch net it measte oer sizze, dan hoech ik der no ek net ferplicht oer út te weidzjen wylst wy mei wat hiel oars dwaande binne. Mei wat dat grutter is as alles.
Yn de folgjende brief, oer in moanne, kinne wy grif mear fertelle. Ik wol de minsken allinnich witte litte dat der in soad moais oankomt. Dat se noch efkes geduld hawwe moatte, mar dat ik hiel hurd dwaande bin sadat se nei de simmer hooplik rûnom poëzy sjen sille. Der moat libben tsjinoer dizze brief stean. Gelokkich ha wy noch wurden.

Ik soe de bondel foarearst lizze litte. Miskien helpt it dy.

Leafs en oant gau,
Marrit

Foto boppe-oan: Flavio Amiel / Unsplash