Magazine LETTER 2024 - Leeuwarden City of Literature

Op 12 july 2024 is de fiifde edysje ferskynd fan ús magazine LETTER, as simmerske lêsbylage by Leeuwarder Courant en Friesch Dagblad. Yn dizze útjefte ferbine wy de global goals – dêr’t wy as UNESCO-organisaasje mei ferbûn binne – mei lêzen en literatuer.

Mei in klik op de cover-ôfbylding hjirneist kinst it magazine online trochblêdzje (by it lêzen op dyn mobyl kin it nedich wêze om de Issuu-app te downloaden).

Kinst LETTER ek downloade foar op dyn e-reader of foar yn in lês/boeke-app op dyn pc/mobyl:

LETTER is ek op te heljen op ferskate lokaasjes yn Fryslân. Hjirûnder kinst de measte artikels yn twa talen lêze.

Foar it earst ferskynde ek in (beskieden) studinte-ferzje fan magazine LETTTER, as bylage fan de Leeuwarder Studentenkrant.

 
Redaksjoneel: Lêze yn ymmorele tiden
Ferdjipping foar Frysk skriuwtalint
Yn petear mei Rinke Verkerk
Ut it eigen lichem swermje
Portretten fan leargjirrige skriuwers
Strip Bubbels
Sipke de Schiffart skriuwt sûnder rem
In laitsjende nihilist (Gummbah)
Set dyn tosken yn de soundbites
Ik kom net wer (foarpublikaasje)
Huverich foar de omwaarjende miening-itis?
Briefwiksel Arjan-Marrit (ôftraap)