Redaksjoneel: Ungemak - Leeuwarden City of Literature

Yn oktober fan dit jier wie ik, tegearre mei kollega Tryntsje van der Steege, oanwêzich by de jiergearkomste fan it wrâldwide netwurk fan Cities of Literature, yn Quebec, Kanada. Goed fyftich minsken fertsjintwurdigen dêr mear as tritich stêden út fjouwer hoeken fan ’e wrâld. Mar fansels rûn de oanwêzigens fan Beirut, Slemani yn Irak, en mear noch Lviv en Odesa yn Oekrayne, it meast yn it each. It is gefaarlik libjen yn dy stêden en it fereasket op syn minst moed om der ek echt werom te kearen.

It wiene lange dagen fol fan wurden dy’t it omtinken wurdich wiene en soms wiene taspraken of besprekkingen planút saai of sels in bytsje ferfelend. Trochstrings ferrinne dit soarte konferinsjes sa. It meast ynspirearjend en weardefol wiene earlik sein de petearen dy’t wy ûnderinoar hiene. Mar it wiene tagelyk ek de dagen dat Israël opskrikt waard troch wrede oanfallen fan Hamas en dêrnei fûleindich weromsloech. Mannichien ûnder ús besefte fuort wat de spanwiidte fan dy bittere striid wurde kinne soe.

Myn eigen tinzen giene fuortdaliks út nei de roman Apeirogon fan Colum McCarthy. In ‘apeirogon’ is in wiskundige figuer mei in ûntelber oantal siden en de roman draait om de ferhalen fan in Palestynske heit en in Israëlyske heit dy’t allebeide harren bern ferlieze en befreone reitsje. Harren ferhalen binne noait ôf en moatte hieltyd opnij ferteld wurde, yn tûzen-en-ien farianten. Dy roman is ien fan de meast yndrukwekkende boeken dy’t ik oait lêzen ha en tagelyk ek ien fan de meast hoopjaande.

In soad oer it driigjende gefaar bleau yn dy dagen net útsprutsen, yn Quebec. Yn hotelkeamers en op ’e telefoans waard it nijs op ’e foet folge, it ûngemak bleau lykwols foaral binnenkeamers en waard op syn heechst binnenmûlsk ferwurde. Oandien rekken wy dêrom ek in pear dagen letter, oan de Saint Lawrence River, doe’t dichter-arts Jean Désy tsjûge fan syn ferbûnens mei de rivier, de Frânske taal en it noarden en hy syn prachtige gedichten foarlies. Dy man fielde him al in balling as er sels mar tocht oan de stêd Montréal. Hoe bot ferdreaun moatte minsken yn oarlochsgebieten of flechtlingen har dan net fiele?

Pas yn ’e lêste oeren fan dy wike, doe’t wy ferbleaune yn Wendake en omtinken hiene foar de first nation problematyk en indiginous people yn Kanada, kaam de oarloch keihurd binnen op ’e konferinsje. In jonge frou út Odesa kaam oan it wurd. Sy makke persoanlik kleure ferhalen fan ús deistige nijsberjochten oer deaden en ferwûnen en bombardeminten. Se hie der wurk fan har wurden te finen, mar wat koarter har sinnen waarden, wat mear yndruk se makken. Se krigen in universele envergure. It waard stil en der waard alderferskuorrendst nei har harke.

Ergens op in neisimmermiddei dit jier, spruts skriuwer Adriaan van Dis moaie wurden yn in útstjoering fan Buitenhof. In soad nijs berikt minsken net, sa sette er útien op dy fan him sa bekende elokwinte wize, mar as wy der skiednis fan meitsje, in ferhaal, dan rekket it ús blykber. Dat is wat ús dêr yn Wendake oerkaam. Fertsjintwurdigers út mear as tritich stêden fan oer de hiele wrâld. 

Skiednis moat yndied hieltyd op ’e nij ferteld wurde. It libben is in ‘apeirogon’. Der binne altyd wer oare stimmen om nei te harkjen, en der binne altyd wer oare boarnen dy’tst rieplachtsje kinst. Dat hâldt wol yn datst dy algeduerigen op ’e nij ta dy skiednis ferhâlde moast. ‘De wrâld is gjin safespace,’ sa spruts Van Dis, ‘it is in plak fan ûngemak en troch te lêzen, troch de wrâldliteratuer ta dy te nimmen, witst dat de wrâld yngewikkeld yninoar sit. Oardielje en feroardielje net fuortdaliks, nim der kennis fan. Omearmje it ûngemak.’

Ernst Bruinsma
Direkteur Leeuwarden UNESCO City of Literature

Op de foto (troch Natalia Balanina): stiet it Leeuwarden City of Literature-team: f.l.n.r.: Sito Wijngaarden, Tryntsje van der Steege, Berber van Oyen-Peenstra, Grietje Deinum en Ernst Bruinsma. Mei tank oan Van der Velde Boeken yn Ljouwert, dêr’t we dizze foto meitsje mochten yn harren pân mei wiidweidich twaddehânsk oanbod.