Gedicht

Sykhelje mar djip
Lit dyn tinzen ferrinne
Lis dreamen iepen

Willem Schoorstra

Oer de bank

Machiel Braaksma: “We hawwe hjir sicht op de kearn fan Dokkum: dêr bist dielnimmer, hjir bist beskôger. Dit plak nûget út ta útrêsten, mimerjen, observearjen en reflektearjen. Willem Schoorstra syn gedicht is in hiele moaie oprop, oanbefelling en útnûging om dat te dwaan. De bank is hjirby de drager, it fehikel. Ek letterlik. In skateboard stiet foar ûntspanne, de holle leech meitsje, frij wêze, it aventoer, en slút sa oan op Willem syn gedicht en helpt it út te dragen. It gedicht bringt dy, tegearre mei de ôfbylding fan it universum, by wat bysûnders: it plakje op’ e bank, it plakje yn’ e holle en it plakje binnen it grutte gehiel. Oft je no 4 jier binne of 80, hjir wei komme of fan de oare kant fan de wrâld, dizze bank is ynklusyf, elkenien krijt efkes in seintsje fan werkenning en kin der troch oanlutsen wurde.”

Oer de makkers

Dichter | Willem Schoorstra, berne yn 1959 yn Ternaard, debutearre yn 2001 mei de gedichtebondel Ynwijing. Dêrnei kaam de ferhalebondel Berjochten út Babel, en de romans Swarte Ingels (Fedde Schurerpriis), De ôfrekken, Rêdbâd, Pier – de profesij fan bline Simen, De nacht fan Mare (Rink van der Velde priis), Jacht op de Codex Frisicus en yn 2023 Erfskip – de saga fan Ubba Skylding. De romans Swarte Ingels, Pier en Rêdbâd ferskynden ek yn it Nederlânsk. Yn 2019 waard Rosmos publisearre, it Kadoboek fan de Boekewike. Yn 2020 kaam de Poëtyske Edda oer it fuotljocht, in oersetting fan de ferneamde samling gedichten út it Yslânsk. Dy útjefte waard yn 2024 bekroane mei de provinsjale Obe Postmapriis foar bêste oersetting fan de ôfrûne fjouwer jier. Neist it skriuwen fan romans hâldt Schoorstra him ek dwaande mei senario’s, kollums, essays en ferskillende literêre en histoaryske projekten.

Byldzjend keunstner | It wurk fan Machiel Braaksma hat in licht dadaïstyske ynslach. Hy plukt dingen út it deistich libben, montearret se op ‘e nij en skept sa mei it nije byld dat ûntstiet, situaasjes dy’t hilarysk, oandwaanlik, betiizjend, relativearjend of bekommentariearjend binne. Troch te assosiearjen leit hy ferbannen tusken saken dy’t gewoanwei net in soad mei-inoar te krijen hawwe. Dat fertaalt him û.o. yn teksten, kollaazjes en bylden yn allerhanne foarmen. “Ik besykje altyd tsjinoerstelde begripen yn ien byld te ferienigjen. In byld moat sawol ynbannich as útsprutsen wêze, wat iepenbierje en ferstopje, antwurden jaan en fragen stelle, en, sûplesse etalearje troch logika en gekte hân yn hân gean te litten.”

Mei tank oan

Provinsje Fryslân, Gemeente Noardeast-Fryslân, Walter Baas, Elzinga Jistrum, De Mannen van Staal Leeuwarden
Foto: Hoge Noorden | Jacob van Essen