Juster gie op Omrop Fryslân TV de tredde fan in seary poëzijfideo’s fan Nyk de Vries as Dichter fan Fryslân yn premjêre. De tredde poëzijfilm is basearre op it gedicht ‘Asman’.

Yn it projekt mei filmmakker Herman Zeilstra sille sân gedichten fan de Dichter fan Fryslân ferfilme wurde. Geandewei dit jier sille der meardere poëzijfideo’s útstjoerd wurde fia Omrop Fryslân TV. De fideo’s binne ferfolgens ek online te sjen fia de webside fan Dichter fan Fryslân, Leeuwarden City of Literature, LF2028, de Leeuwarder Courant, it Friesch Dagblad en de webside fan Omrop Fryslân.

‘Asman’ is skreaun ta eare fan 150 jier stedsreiniging yn Ljouwert foar Stichting Poëzietableaus Leeuwarden. Tekst en muzyk: Nyk de Vries. Oersetting nei it Leewarders: Anne Feddema. Oersetting nei it Ingels: David Colmer.