Snein 25 april gie op Omrop Fryslân TV de fjirde fan in seary poëzijfideo’s fan Nyk de Vries as Dichter fan Fryslân yn premjêre. De fjirde poëzijfilm, in film mei Sinan Cihangir, is in ferfilming fan it gedicht Spegel.

Yn it projekt mei filmmakker Herman Zeilstra wurde sân gedichten fan de Dichter fan Fryslân ferfilme. Geandewei dit jier wurde der meardere poëzijfideo’s útstjoerd fia Omrop Fryslân TV. De fideo’s binne dêrnei ek online te sjen fia de websiden fan Dichter fan Fryslân, Leeuwarden City of Literature, LF2028, de LC en fan Omrop Fryslân.

Spegel is skreaun foar it projekt Wjerspegelje fan Merk Fryslân en Leeuwarden City of Literature. Tekst en muzyk: Nyk de Vries. Oersetting nei it Ingelsk: David Colmer.