Snein 20 desimber is de twadde fan in seary koarte poëzijfilms fan Nyk de Vries as Dichter fan Fryslân yn premjêre gongen op Omrop Fryslân TV (Fryslân Dok). Yn it projekt mei filmmakker Herman Zeilstra sille sân gedichten fan de Dichter fan Fryslân ferfilme wurde.

De twadde poëzijfilm is basearre op it krystgedicht ‘Hoe komt it moarn’. De poëzijfilms binne ek online te sjen fia de webside fan Dichter fan Fryslân, Leeuwarden City of Literature, LF2028 en Omrop Fryslân.