It Stimuleringsfonds Creatieve Industrie en het Nederlands Letterenfonds roppe skriuwers, dichters en ûntwerpers op in projektfoarstel yn te tsjinjen foar it programma ‘Literatuur op het Scherm’  2020. Ynleverje kin oant en mei moandei 25 maaie. 

Binnen it programma ‘Literatuur op het Scherm’ ûntwikkelje skriuwers yn ‘e mande mei ynteraksje-ûntwerpers, gamemakkers of digitale mediamakkers, literêre produksjes rjochte op it digitale domein. Mei ‘Literatuur op het Scherm’ wolle it Letterenfonds en it Stimuleringsfonds talint, gearwurking en kennisútwikseling tusken ferskate dissiplinen fersterke. 

De oprop stiet iepen foar alle foarmen fan Nederlânsktalige literatuer (proaza en poëzy, berne en jeugdliteratuer). Ek de kar foar it platfoarm, hard en software is frij, salang as it mar in digitaal platfoarm oanbelanget. Te tinken falt oan webomjouwingen, mobile tapassingen, gameplatfoarms, VR/AR of in oar nij medium.

Yn it projekt is in wurkbudzjet fan op syn meast € 12.500 (ynkl. btw) beskikber foar de ûntwikkeling fan in wurkjend prototype. Dêrneist is der in ekstra budzjet fan € 3.000 (ynkl. btw) per team foar de slotpresintaasje. Der kinne yn dizze iepen oprop fjouwer projekten stipe wurde. 

Mear ynformaasje en oanfraach yntsjinje

Foto: Bruno Gomiero via Unsplash