Yn 2020 bestiet de Ljouwerter stedsreiniging 150 jier. Foar de Stichting Poëzietableaus Leeuwarden oanlieding om oan de poëzyrûte in gedicht ta te foegjen as oade oan de jiskeman. Nyk de Vries, op it stuit Dichter fan Fryslân, woe der graach oan meiwurkje. Syn prachtige fers ‘Asman’ is mei tank oan Anne Feddema oerset nei it Liwwadders, de omgongstaal by de stedsreiniging. De ûntbleating (yn lytse rûnte) fûn plak op woansdei 9 desimber.

It poëzytablo hat in plak krigen op De Skrâns foar it eardere Randstad-gebou, deun by it plak dêr’t eartiids de yngong fan de stedsreiniging wie. It tablo ‘Asman’ hat typografysk de foarm fan in ôffalsek en waard ûntbleate troch Piet Prins, dy’t wurket by Omrin (hy giet kommend jier mei pensjoen) en dy’t syn heit ‘tonnenman’ wie. Hy stiet dêrmei symboal foar alle jiskelju dy’t de ôfrûne 150 jier harren bêste krêften oan dizze essinsjele oerheidstaak jûn hawwe. Nyk de Vries lies by dy gelegenheid in gedicht foar.

It tablo is mei mooglik makke troch stipe fan Omrin en de gemeente Ljouwert.

Lês it fers

Foto: Joni Gutierrez fia Unsplash