It team fan Ljouwert City of Literature jout graach lêstips foar de kommende feestdagen en fakânsje. Projektmeiwurker Tryntsje van der Steege tipt de seizoenssyklus Herfst, Winter, Lente en Zomer fan Ali Smith.

Ali Smith
Herfst, Winter, Lente en Zomer
Prometheus 2021

“Ik tip graach fjouwer boeken yn ien kear: de prachtige fjouwer-seizoenssyklus fan de Skotske skriuwer Ali Smith, dêr’t Winter fansels no it meast tapaslik fan is. Ali Smith skriuwt hiel raak en prikeljend oer eins alles: taal en keunst, ûnderwiis en klimaat, skiednis, Brexit, flechtlingen en corona. It moaie is dat se dy (swiere) tema’s tagonklik makket troch hiel gewoane libbens fan hiel útienrinnende mar altyd libbensechte personaazjes te beskriuwen, dy’t ek nochris troch de fjouwer boeken hinne op ûnferwachte wize meiinoar ferbûn blike te wêzen. Aktueel, orizjineel, grappich, boeiend en it brûst fan fernuvering en libbenslust.”

Ynspirearre? Bestel Herfst, Winter, Lente en Zomer by de lokale boekhannel!

foto Tryntsje: Natalia Balanina