It team fan Ljouwert City of Literature jout graach lêstips foar de kommende feestdagen en fakânsje. Koördinator marketing Berber van Oyen tipt Confrontaties fan Simone Atangana Bekono.

Simone Atangana Bekono
Confrontaties
Lebowksi 2020

“Ik hâld in listje mei lêstips by op de tillefoan. Meastentiids basearre op resinsjes. De list wurdt hieltyd langer en spitigernôch lês ik der mar in fraksje fan. Mar it listje rêdt my gauris as minsken freegje wat ik op ‘e jierdei ha wol en by it rûchwei iens yn de trije moannen sykjen nei in nij boek foar de boekeklup. Sa lêze wy no Confrontations troch in positive NRC-resinsje fan begjin 2021 en de priis fan it boek as ‘Bêste boek foar jonge minsken’ yn septimber fan dit jier. It ferhaal oer de 16-jierrige Salomé Atabong dy’t fêstsit yn in jeugddetinsjesintrum lêst as in trein. En dan is dit noch mar it debút fan Atangana Bekono! Lêze dus. En hâld dizze skriuwer/dichter yn de gaten.”


Ynspirearre? Bestel Confrontaties by de lokale boekhannel!

foto Berber: Jacob van Essen