It team fan Ljouwert City of Literature jout graach lêstips foar de kommende feestdagen en fakânsje. Meiwurker kommunikaasje Grietje Deinum tipt de apps Online bibliotheek en de Tijdschriftenapp.

Online bibliotheek
Tijdschriftenbieb
Yn de appstore of playstore

“Dit is gjin streekrjochte boeketip of lêstip, mar mear in sa-kinst-ek-lêze-tip. De (fergees) app fan de Online bibliotheek stiet no likernôch in jier op myn telefoan, mei net minder as 35631 E-books en 7894 harkboeken (ek yn it Frysk!). Dat skeelt wat tôgjen en it aktivearjen is (úteinlik) hiel ienfâldich: ynlogge mei it nûmer op dyn bibleteekkaart (dus moatst wol lid wêze fan de bibleteek) en dyn wachtwurd (‘boeken’, nei in groundhogdayeftige mailwiksel mei de balymeiwurkster). Sa harke ik ôfrûne simmer yn ‘e hingmat nei De Saamhorigheidsgroep fan Merlijn de Boer en ‘t Hooge Nest fan Roxane van Iperen. Dat lêste boek wie sa spannend en gie my al harkjend net fluch genôch, dat ik stapte oer op it E-book. Fan it hjerst rûn ik mei Beppe Xenia fan Hein Jaap Hilarides op ‘e holle. Gelokkich seach ik de app Tijdschiftenbieb ferline wike pas. Beide apps: bêste útfining sûnt de bibliobus.”


foto Grietje: Reyer Boxem