Sûnt it begjin fan de lockdown ferskynt der alle jûnen by it ynfallen fan it tsjuster earne yn Ljouwert in tekst op in gebou. Teätermakker Karina Kroft en technysk ûntwerper Remko Smids feroarje hieltyd in oare keale muorre foar even yn in keunstwurk. De foto’s wurde noch deselde jûn mei #leeuwardenprojections dield op sosjale media en op harren webside.

Leeuwarden UNESCO City of Literature helpt it duo sûnt koart op lytse skaal troch sitaten fan Fryske dichters oan te leverjen. Ek kin it projekt – dat Kroft en Smids op eigen inisjatyf út ein set binne – rekkenje op in finansjele bydrage.

Karina Kroft is teätermakker mei in niget oan lokaasjeteater. Se makket repertoirestikken tagonklik foar in breed publyk en lit de lestigere ûnderwerpen net lizze. Remko Smids wurket as technysk ûntwerper en leit him ta op fideoprojeksje en op ynventive manieren om dy yn te setten.

Foto’s: Jacob van Essen