Se kamen efkes del
Troch Janneke Spoelstra
Fynst it fragmint hjoed yn in auto yn Wurdum
op in keunstich sinneskerm, ûntwurpen troch Marleen Stoelwinder
Ik wie bûten en hearde wat yn it grint.
It hert makke in spronkje. Heit en mem?
Past it wol, komme wy gelegen? Jawis,
jim altyd. We dogge in slach troch de tún.
Drinke in kopke kofje. Wat hawwe wy
en sy by d’ ein hân? En op priemmen?
It moat wat oars west hawwe yn it grint.
Heit en mem binne al in skoftke wei.
Mar ik tankje myn brein dat it mooglik
makke, fan ’e middei kamen se efkes del.
Janneke Spoelstra
Janneke Spoelstra (Hijum, 1962) skriuwt gedichten en proaza. Se wurket as leksikograaf by de Fryske Akademy en hat dêrneist in oersetburo, Vertaalbureau It Oerset. Se wennet mei freondinne, kat en hinnen yn Alde Leie. Fan har kamen út de dichtbondels Goeie is it wachtwurd (2004), Langst fan ’e dagen (2011) en Wij yn ’e draaimûne (2019). Yn 2008 ferskynde har ferhalebondel In Jikse-libben út en yn 2019 de roman De parallaks. Fan beide kaam ek in Nederlânske oersetting út, resp. Wat ze dan dacht (2013) en De parallax (2022).
jannekespoelstra.nl
Foto: Gatske Kraak
