Bisto of kensto ien dy’t graach ferhalen, gedichten of in toanielstik skriuwt? Bist 14 jier of âlder en wolst leare hoe’tst der noch better yn wurde kinst? Dan is de skriuwkursus fan Explore the North en Meeuw Jonge Theatermakers wat foar dy!



Foarôfgeand oan de lessen organisearje Explore the North en Meeuw Jonge Theatermakers twa yntroduksjeworkshops yn De Westerkerk yn Ljouwert: op 12 en 19 septimber. Yn dizze workshops kinst útsykje oft dit echt wat foar dy is. Kinst dy oant 10 septimber oanmelde foar de yntroduksjeworkshops.