De Verwonderkamer is in literêr projekt fan Explore the North, Leeuwarden City of Literature en deBuren. Meitsje it ûnfoarstelbere tinkber op basis fan in duorsum literêr format: dat is de taak dy’t trije teams fan ien Fryske en ien Flaamske keunstner krigen. Yn plak fan in fysike residinsje yn Ljouwert mei in presintaasje op it Explore the North festival, holden de duo’s in digitale residinsjewike en wurke se oan in wintersliepkuier, God syn klanteservice en in poëtysk ûndersyk nei it hillige.

Yn De Verwonderkamer binne Fryske makkers Anne-Goaitske Breteler, Nicole van den Berg en Raymond Muller keppele oan Flaamske makkers Arno Boey, Betül Sefika en Marie Borremans. Yn ‘e oanrin nei de residinsje krigen de keppels workshops oer keunst en (ûn)foarstelberens, fan Barend van Heusden, heechlearaar Cultuur en Cognitie oan de RUG, en fan dichter/aktrise/tsjoender Maud van Hauwaert.

Lês hjir de briefwiksel fan Anne-Goaitske Breteler en Arno Boey

Lês hjir de briefwiksel fan Nicole van den Berg en Betul Sefika