Op freed 6 novimber swaaie om 19.00 oere yn Fryslân in soad doarren iepen en wurde ferhalen ferteld by de ‘Verhalenavond’. By de minsken thús, yn kafees, by musea, yn sikehuzen en… by dy? Elkenien hat in ferhaal te fertellen, dus doch foaral mei!

It tema is dit jier ‘It Firus’, mar fansels bepaalst sels wat en wêr’st fertelst. Dyn ferhaal duorret op syn heechst acht minuten, sadat op de jûn ferskate ploechjes minsken nei dy harkje kinne. Opjaan as ferteller kin oant 23 oktober. Der binne ferskeidene tips foar sawol it ferhaal sels as it corona-proof meitsjen fan dyn bydrage.

De jierlikse ferhalejûn yn novimber is in ferfolch op de suksesfolle 2018verhalen wêr’t it Kulturele Haadstêdjier 2018 mei begûn. Op ‘Verhalenavond’ moetet de hiele provinsje Fryslân inoar om te harkjen nei de ferhalen.

Foto: Marjan Hoexum fia Pier21