Snein 8 novimber is de earste fan in seary koarte poëzijfilms fan Nyk de Vries as Dichter fan Fryslân op Omrop Fryslân TV (Fryslân Dok) yn premjêre gongen. Yn it projekt mei filmmakker Herman Zeilstra sille sân gedichten fan de Dichter fan Fryslân ferfilme wurde.

De earste poëzijfilm is basearre op it gedicht ‘Begjin’ dat de Dichter fan Fryslân skreau by de start fan syn dichterskip fan Fryslân.

De poëzijfilms binne ek online te sjen fia Dichter fan Fryslân, dizze webside, LF2028 en Omrop Fryslân.

Film 1: Begjin