De foar fersoargingstehuzen ûntwikkele poëzykaarten wienen foar ús de ynspiraasjeboarne om oan te heakjen op ‘Fryslân fan boppen’, wêrby’t de provinsje út de loft wei filme wurdt. Wy fregen de Typesetters – in kollektyf dat bekend stiet om harren poëtyske teksten yn de iepenbiere romte – om in fragmint te pleatsen by Mienskipssintrum Leppehiem yn Akkrum. De Typesetters keazen de earste twa rigels út it gedicht ‘Ik dreamde my in tún’ fan Baukje Wytsma. Op basis fan in foarôf makke ûntwerp brochten se de tekst sneon 25 april mei krytferve oan op it foarterrein fan Leppehiem. Under tafersjoch fan nijsgjirrige en entûsjaste ynwenners, fanôf balkontsjes en fan efter ruten.Op tiisdei 28 april makken de drones fan ‘Fryslân fan boppen’ (in inisjatyf fan de Fryske gemeenten en Leeuwarden-Fryslân 2028 yn gearwurking mei de Ljouwerter Krante en Omrop Fryslân) opnamen fan de ‘Merenroute’ en fleagen ek oer Akkrum. De útstjoering wie woansdei 29 april te sjen op Omrop Fryslân en is online te besjen (frij oan it begjin ).

Wy wolle de Typesetters en Mienskipssintrum Leppehiem tige betankje foar harren meiwurking!

Foto’s: Sito Wijngaarden