De grutste byldetún yn Europa wurdt wer oansetten. Sneon 20 maart meie de 11fountains wer kletterje. Tidens Ljouwert-Fryslân 2018, Kulturele Haadstêd fan Europa, ferrykten alve ynternasjonaal ferneamde keunstners de alve Fryske stêden mei unike wetterwurken. It keunstprojekt 11fountains wurdt no al sjoen as it kulturele erfgoed fan Fryslân. Alle jierren op Kletterdei wurde de fonteinen oansetten foar in nij seizoen wêryn’t mist, iis, stoom en seewetter de kreaasjes ta libben bringe.

Dichter fan Fryslân bringt oade

Mei in fontein yn elk fan ‘e Fryske stêden kin it keunstprojekt 11fountains mei rjocht de namme drage fan de grutste byldetún yn Europa. It jierlikse oansetten fan de fonteinen is in feestlik momint. Fanwegen de hjoeddeistige maatregels kinne der spitigernôch gjin taskôgers by it evenemint wêze. Om it momint dochs te fieren giet op 20 maart om 09.00 oere in fideo live op www.friesland.nl/11fountains, wêryn’t de keunstwurken bewûndere wurde kinne troch in breed publyk. Ekstra spesjaal is it gedicht dat Dichter fan Fryslân Nyk de Vries spesjaal skreau foar de 11fonteinen en foardraacht yn ‘e fideo. De fonteinen binne in spesjaal plak foar him. “Wat ik leuk fyn is dat it altyd it plak west hat dêr’t minsken mei ferskillende ynsichten byinoar komme,” seit de Vries.