‘Tagelyk’ is de titel fan it nije album fan skriuwer/muzikant Nyk de Vries (earder Dichter fan Fryslân) en it Rotterdamske Artvark Saxophone Quartet. It is in opmerklik keunstwurk wurden, in muzykalbum en harkboek yn ien mei yllustraasjes fan keunstner Willie Darktrousers.

De presintaasje is op 14 juny yn Doka yn Amsterdam en de hiele simmer binne der optredens op festivals (û.o. Lowlands) en fergese optredens by in grut tal boekhannels troch hiel Nederlân, wêrûnder op sneon 1 july om 15:30 oere by boekhannel Van der Velde yn Ljouwert.

Op 10 en 11 juny is de dokumintêre NYK op ‘e nij te sjen by FryslânDOK.
Sneon 10 juny om 15:30 oere op NPO2 en snein 11 july om 15:30 oere op NPO2 en om 17:00 oere op Omrop Fryslân (werhelling alle oeren).
De dokumintêre is hjir werom te sjen.