Anne-Goaitske Breteler (Dokkum, 1996), opgroeid oan de foet fan ’e seedyk yn de noardeasthoeke fan Fryslân, is antropolooch, auteur en tentoanstelling- en podcastmakker. Yn 2018 ferskynde har non-fiksje debút De traanjagers en yn 2020 har Fryske berneboek In nuvere nacht. Yn 2024 kaam har twadde non-fiksje boek út: De laatste dagen van de dorpsgek. It Kadoboek 2025 wurdt presintearre op freed 7 novimber by de ôftraap fan it Frysk Boekefeest yn de Kanselarij yn Ljouwert.

Anne-Goaitske Breteler: “Ik fyn it fantastysk en in hiele eare dat ik it Kadoboek 2025 skriuwe mei. It wurdt in non-fiksje boek oer de broers en susters Zwart (fjouwer yn totaal), dy’t harren hiele libben op in pleats yn Moddergat wenne ha. De lêste Zwart is fiif jier lyn stoarn en sûnt dy tiid wurdt de pleats net mear bewenne en fertutearzet de boel. Dat fenomeen wol ik graach oan ’e oarder bringe yn it Kadoboek.”

Oprop
As der minsken yn Fryslân binne dy’t de famylje Zwart út Moddergat goed kend ha en ferhalen oer harren diele wolle mei Anne-Goaitske Breteler, dan kin dat fia har e-mailadres: contact@agbreteler.nl. Alle ynformaasje en foto’s binne wolkom!

Fryske Boekewike fan 8 o/m 16 novimber 2025
It Kadoboek 2025 wurdt presintearre op freed 7 novimber by de ôftraap fan it Frysk Boekefeest yn de Kanselarij yn Ljouwert. It Kadoboek is de hiele Boekewike fan 8 o/m 16 novimber fergees te krijen by oankeap fan teminsten € 15,- oan Fryske boeken. It Kadoboek wurdt útjûn yn gearwurking mei útjouwerij Afûk.

It Kadoboek is in inisjatyf fan Boeken fan Fryslân. Sjoch foar mear ynformaasje oer de aktiviteiten en projekten fan Boeken fan Fryslân op www.boekenfanfryslan.frl.
Boeken fan Fryslân – foar útjouwers, skriuwers, lêzers en boekferkeapers.

Foto: Tryntsje Nauta