Op de lêste dei fan Arcadia 2025, snein 24 augustus, bringt Elmar Kuiper syn ferhaal Lêste winsk by Sân Dei yn Bouwurk. Elmar skreau Lêste winsk foar it projekt Lyts gelok fan Leeuwarden UNESCO City of Literature.

Sân Dei is in alternative, eigensinnige tsjinst foar elkenien, alle wiken organisearre troch Arcadia. Om’t elkenien him wolris ôffreget: wat doch ik hjir eins op dizze wrâld? Wat is skientme? Wat biedt treast? Wat docht der überhaupt ta? Dichters, filosofen, keunstners, muzikanten en wittenskippers nimme dy mei yn harren aventoerlike gedachten en traktearje op ynspirearjende fiersichten. In fleurige moarn fol hoopfolle ferhalen, foar minsken dy’t yn it goede (besykje te) leauwe.

Elmar Kuiper (1969) is aktyf as skriuwer fan gedichten, koarte ferhalen en toaniel. Dêrneist is er ek byldzjend keunstner en skriuwt er sa no en dan resinsjes. Sân Frysktalige bondels steane der op syn namme: Hertbyt, Ut namme fan mysels, Granytglimkes, Hiemsiik, Stienkeal (Bornmeer), Wite Mûle, Swarte Molke (Hispel) en Ferlosboartsje (Hispel). Hechtzwaluwen ferskynde by Augustus en Ruimtedier en Blauwe hanen by Atlas Contact. Dit jier ferskynt de achtste Fryske bondel fan Kuiper; Moedfear by Hispel. In seleksje út syn wurk is oersetten en útjûn yn it Dútsk ûnder de titel Da scharwenzeln spottvögel mit der schwerkraft en yn it Ingelsk as Earthskin.

Elkenien is wolkom om him op Sân dei ynspirearje te litten troch moaie wurden, gedachten en muzyk. Op 24 augustus binne ek Henrike Gootjes, Yusuf Kemal Osturk en Tanne Wijbenga (BROEI) te gast. Sân Dei begjint om 10.00 oere mei kofje, tee, ranja en taart.

Dit evenemint fynt plak yn Bouwurk op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert. De tagong is fergees. Wol even oanmelde op de webside.

Foto: Joyce Schotsborg

Nei de webside →