Tegearre rouwe yn stilte
Op 28 april oansteande sil de earste edysje fan de Literêre Rouwtsjinst plakfine. De Literêre Rouwtsjinst makket plak om te rouwen yn stilte. De inisjatyfnimmers foar dizze tsjinst binne skriuwers Mees van Rijswijk, Preston Losack en Marrit Jellema (Stadsdichter fan Ljouwert). De Literêre routsjinst biedt in plak om gear te kommen en mei-inoar te rouwen. Yn stilte, omdat der sa min stilte is, en tegearre omdat der safolle iensumens is foar minsken dy’t rouwe. De Literêre routsjinst duorret in oere en tuskentroch drage Mees, Preston en Marrit elk in gedicht foar dat past by it tema. Nim plak op de kessens yn de eardere Westertsjerke en jou romte en stilte oan dyn fertriet. Nei de tiid is der romte om mei-inoar te praten en kofje en tee te drinken.