Foarlêzen is net allinne gesellich, mar ek hiel belangryk foar de taalûntwikkeling fan jonge bern. It tema is dit jier ‘op aventoer’. Alle pjutten yn Fryslân krije in prachtich nij foarlêsboekje, dat neist it Frysk ek ferskynt yn it Bildts, Stellingwarfs en Franekers. Foar bern fan 4 o/m 8 jier ferskynt der in nij boekje fan Keimpe de Krokodil. Yn biblioteken binne ferskate foarstellingen te sjen.
Nei de webside →