Op it Frysk Boekefeest by Tresoar binne de winners fan de Gielegou Rige krekt bekendmakke. Ut 71 ynstjoerings hat de seleksjekommisje seis begjinnende Fryske skriuwers selektearre dy’t mei in skriuwersbeurs fan €20.000 de kâns krije om harren earste Fryske roman te skriuwen. Ofrûne simmer kaam Tresoar nei bûten mei de iepen oprop fan de Gielegou. Doe wie der noch sprake van fiif skriuwersbeurzen. Mar troch in legaat koe Tresoar noch in ekstra beurs beskikber stelle en mocht de kommisje in kar fan seis skriuwers meitsje.
De kommisje stie foar de opdracht om út in grut ferskaat oan skriuwers, plannen en sjenres in seleksje te meitsjen. In sitaat út it sjueryrapport: ‘Wy wiene op ’e syk nei moderne, tagonklik skreaune teksten, nei plannen mei de potinsje om in nij, leafst jonger lêzerspublyk te berikken en nei ambisjeuze skriuwers dy’t útstriele dat sy net fan doel binne om it by ien boek yn it Frysk te litten. Wy hienen boppedat de opdracht om nij talint te finen. Guon wienen dat stadium al foarby, mar dan bygelyks yn in oare taal of foarm, mar foldienen wol oan de oare betingsten en hienen in plan en in fragmint dat ús wol hiel entûsjast makke. Uteinlik hat it by de grinsgefallen altyd de krêft fan it ferhaal west dy’t de kar bepaalde.’
De seis selektearre skriuwers binne:
- Jilt Jorritsma mei ‘Jacht’
- Tryntsje van der Steege mei ‘De postboade’
- Myrte Marije Veenbaas mei ‘Sjoch my’
- Bart Temme mei ‘De kaktusman’
- Suzanne Ruys mei ‘Terp’
- Eelke Veltman mei ‘Hillich Dom’ (net op de foto)
De winners krije njonken de skriuwersbeurs ek profesjonele begelieding. Sa wurde se keppele oan in redakteur, yn kontakt brocht mei útjouwers en kinne se, as se dat wolle, gebrûk meitsje fan it oanbod fan de Skriuwersfakskoalle yn Ljouwert. De romans fan de seis skriuwers wurde oer in pear jier publisearre yn de nije Gielegou Rige.
Net-selektearre skriuwers
De grutte groep skriuwers dy’t net selektearre is, wurdt ynkoarten troch Tresoar útnûge foar ferskate workshops dêr’t se ynformaasje krije oer hoe’t se har Fryske roman dochs realisearje kinne. ‘Der is mei hope sprutsen fan in nije weach yn de Fryske literatuer. Dan moat dy weach de kâns krije om troch te rôljen.’ Wurden fan de seleksjekommisje. Yn gearwurking mei it literêre fjild yn Fryslân wol Tresoar him dêr de kommende jierren sterk foar meitsje.
De Gielegou Rige is in gearwurking tusken Tresoar, it Nederlands Letterenfonds en de Provinsje Fryslân. It projekt set yn op it stimulearjen fan begjinnende skriuwers om Frysk proaza te skriuwen en wol in nije generaasje lêzers ynteressearje foar Fryske boeken en literatuer.
It folsleine rapport fan de seleksjekommisje fan de Gielegou Rige is te lêzen op de webside fan Tresoar.
De leden fan de kommisje wiene:
- Erik Betten – skriuwer, histoarikus
- Akke Gerlsma – dosint Frysk en Nederlânsk oan de learare-oplieding NHL Stenden
- Karen Bies – dokumintêremakker, skriuwer
- Ronnie Terpstra – boekhanneler by Van der Velde
- Baukje Zijlstra – skriuwer, redakteur, meartalichheidskoördinator

