Ljouwert UNESCO City of Literature siket yn gearwurking mei it Wrâlderfgoedsintrum Waadsee yn Lauwerseach (WEC) en it literatuerfestival Meet Me at the Lighthouse op Skiermûntseach (MMATL) twa skriuwers út Fryslân dy’t in gedicht skriuwe oer harren relaasje mei de seehûn – nei in idee fan Heidelberg UNESCO City of Literature.

Meld dy oan!

Wolst meidwaan oan dizze iepen call? Stjoer foar moandei 10 augustus 2026 in koarte motivaasje nei info@leeuwardencityofliterature.nl dêr’tst yn oanjoust wêrom’t dit projekt by dy past en hoe’tst it oanpakke soest.

Fan moandei 17 augustus 2026 ôf selektearje wy út alle ynstjoeringen 2 dichters foar dizze iepen call. Dêrnei bringe wy dy yn kontakt mei it WEC yn Lauwerseach dêr’tst foar dit projekt (fan 1 septimber o/m Bistedei 4 oktober) dyn eigen seehûn folgest om oan dyn gedicht te wurkjen.

  • Lingte gedicht: 200-500 wurden (maksimaal 3.000 tekens ynklusyf spaasjes en ynterpunksje)
  • Taal: Nederlânsk, Ingelsk, Frysk of Fryske streektaal
  • Deadline oanleverjen gedicht: snein 4 oktober 2026
  • Fergoeding: € 500,00

Yn oerlis mei de selektearre dichters, it WEC en it literatuerfestival Meet Me at the Lighthouse sjogge wy dêrnei nei presintaasjemooglikheden fan dyn gedicht. Boppedat wurdt dyn gedicht ynstjoerd foar it ynternasjonale projekt ‘What (not) to say on animals (in zoos)’ fan Heidelberg UNESCO City of Literature en online yn it Dútsk publisearre.

Wrâlderfgoedsintrum Waadsee

It Wrâlderfgoedsintrum Waadsee yn Lauwerseach is it nije thús fan Zeehondencentrum Pieterburen, dêr’t besikers it Waadgebiet ûntdekke kinne. Sjoch foar mear ynformaasje op ontdekwec.nl.

Literatuerfestival Meet Me at the Lighthouse – 12 o/m 15 novimber 2026

Meet Me at the Lighthouse (MMATL) is in literatuerfestival op Skiermûntseach. MMATL wurdt makke út leafde foar literatuer, kultuer en natuer. It tema fan dit jier is ‘Dwaalgasten’. O.a. Marjolijn van Heemstra, Ellen Deckwitz, Nisrine Mbarki Ben Ayad, Jaap Robben en Peter Buwalda steane dit jier op it poadium. Sjoch foar mear ynformaasje op mmatl.nl.

Ljouwert UNESCO City of Literature

As UNESCO City of Literature ynvestearje Ljouwert en Fryslân yn in profesjoneel meartalich literêr klimaat, in ynternasjonaal netwurk en lêsbefoardering. Mei dizze bliuwende titel foar stêd en provinsje makket Ljouwert diel út fan it wrâldwide netwurk fan goed 400 Creative Cities en 62 oare Cities of Literature. Dit netwurk biedt in soad mooglikheden foar gearwurking en útwikseling, lykas foar dit projekt fan Heidelberg UNESCO City of Literature.

Hast nei oanlieding fan dizze iepen call in fraach? Nim dan kontakt op mei Sito Wijngaarden fia sito@leeuwardencityofliterature.nl.