Gedicht
der is altyd
iten en drinken foar elkenien
sjoch, wy meitsje it hjir yn dizze keuken, mei-inoar
kofje?
fansels, jawis, dat ek
en kin ik dan soms ek mei ien prate?
soms? der is altyd, der is altyd wol ien
en ferhalen? fan ferhalen ha ik sa’n ferlet
de stim fan immen
fansels, jawis, dat ek
it tilt hjir op fan de wurden
do stroffelest hjir oer de letters, yn alle talen
se binne net altyd like aardich, dy ferhalen, ik sis it mar fêst
mar in glimk is ek beskikber yn elke taal
witst, it makket ús net út wa’tsto bist
sit mar, kies in noflik plak
wolst ek trouwens?
der is noch wol in buordsje iten oer
altyd
der is altyd noch wol in buordsje oer dus sis it mar … bliuwst noch efkes?
Marrit Jellema
(oersetting: Arjan Hut)
Oer de bank
Yn in wyk mei 58 nasjonaliteiten, is it wichtich dat alle minsken harren sjoen fiele, sa sei wykgeboubehearder Dick Bootsma. Al speurende nei mooglike yngongen – de tún fan it wyksintrum en de wykbewenners – moast Machiel Braaksma oan woartelhout tinke. Hy ferbûn dat mei de wykbewenners: ien fan de dingen dy’t de minsken mien hawwe en dy’t se mei-inoar ferbynt is dat har roots earne oars lizze. Machiel: “Ik tink dat de bewenners har der hiel bot fan bewust binne dat se harren eigen roots hawwe en dat dat deistich sichtber wurdt troch taal, brûken, klean en iten. Dat grutte ferskaat is tagelyk wat harren bynt: se binne yn in selde situaasje. Mei de bank wurdt it hiele bewustwêzen fan ‘roots’, identiteit, rûtes, libbenspaden en trajekten ôflizze oanstipt. De bank is tagelyk hast in ‘monolyt’, in stjelsel yn de foarm fan in atlas mei in typografysk feestje fan wurden út it gedicht fan Marrit Jellema. Ast in wurd yn dyn spesifike taal tsjinkomst, dan fielst datst yn dyn gehiel dat sichtber makke bist. Wurdst even ien op ien oansprutsen.”
Oer de makkers
Dichter | Marrit Jellema is skriuwer, dichter, spoken word artyst en sûnt jannewaris 2024 de Stedsdichter fan Ljouwert. Yn 2019 wûn se in spoken award yn de kategory Lyrics, yn 2021 brocht se har earste spoken word album ‘superpersoonlijk’ út en stie se yn de finale fan it NK poetryslam. Yn 2023 folge har twadde album ‘Voor Altijd’. Marrit is ynisjatyfnimmer fan it spoken word poadium Hoge Woorden yn Ljouwert en kombinearret har skriuwwurk it leafst mei sosjale en maatskiplike projekten om literatuer hinne.
Byldzjend keunstner | It wurk fan Machiel Braaksma hat in licht dadaïstyske ynslach. Hy plukt dingen út it deistich libben, montearret se op ‘e nij en skept sa mei it nije byld dat ûntstiet, situaasjes dy’t hilarysk, oandwaanlik, betiizjend, relativearjend of bekommentariearjend binne. Troch te assosiearjen leit hy ferbannen tusken saken dy’t gewoanwei net in soad mei-inoar te krijen hawwe. Dat fertaalt him û.o. yn teksten, kollaazjes en bylden yn allerhanne foarmen. “Ik besykje altyd tsjinoerstelde begripen yn ien byld te ferienigjen. In byld moat sawol ynbannich as útsprutsen wêze, wat iepenbierje en ferstopje, antwurden jaan en fragen stelle, en, sûplesse etalearje troch logika en gekte hân yn hân gean te litten.”
Mei tank oan
Provinsje Fryslân, Gemeente Leeuwarden, Jan de Waard, Water Baas, Stedon Leeuwarden, Duropabel Eindhoven, Wijkcentrum Bilgaard
Foto: Hoge Noorden | Jacob van Essen