Fan 15 novimber ôf iepenet de Zinnenfabriek de doarren op de Nijstêd 29 yn Ljouwert. Dizze pop-up poëzywinkel is oprjochte troch Stedsdichter Marrit Jellema, yn gearwurking mei de gemeente Ljouwert. De winkel wurdt rund troch Marrit en har team fan wurdkeunstners. Jong en âld is wolkom om rûn te sneupen tusken kastkes en fakjes fol ferrassende teksten en orizjinele gedichten. De Zinnenfabriek is iepen op freed – en sneontemiddei fan 12:00 – 17:00 oere, oant heal desimber. Op 30 novimber organisearret Ljouwert UNESCO City of Literature in ynrinsprekoere Boeken op resept fan de Culturele Apotheek yn de Zinnenfabriek.
Underfyn it yn de Zinnenfabriek
De Zinnenfabriek is mear as in winkel; it is in beleving. By binnenkomst wurdst begroete troch muorren fol boeken en plafonds fersierd mei swevende papierkes, en yn de kastkes en fakjes fynst gedichten oer deistige produkten lykas húshâldlike artikels, beautyprodukten, iten en klean. Oeral lizze hânskreaune roltsjes mei rymjende fynsten, klear om meinommen te wurden as persoanlik boadskip by kado’s. Achteryn de winkel sitte bern om in grutte tafel yn petear mei in wurdkeunstner, dwaande mei it meitsjen fan harren eigen Sinteklazegedicht. By de toanbank wurdt yntusken it lêste gedicht oer in hierdrûger ôfrekkene.
In kado fan de gemeente Ljouwert en de Stedsdichter fan Ljouwert
De Zinnenfabriek is in moanne iepen en biedt alle ynwenners gedichten as in kultureel eindejiersgeskink fan de gemeente. Marrit Jellema, de Stedsdichter fan Ljouwert, liedt it projekt en wurket gear mei ferskate lokale wurdkeunstners en frijwilligers, dy’t allegearre werkenber binne oan harren vintage fabryksoutfit. De winkel is op freed – en sneontemiddeis iepen. De gedichten binne makke troch ferskate wurdkeunstners út Ljouwert, yn ferskate talen; Frysk, Liwwadders en Ingelsk. Se hawwe gjin fêste priis mar wurde oanbean op basis fan it pay-what-you-can prinsipe; in klant mei sels bepale wat hy of sy it wurdich fynt, en misse kin. It is ek mooglik om yn datselde prinsipe gedichten op maat meitsje te litten troch ien fan de wurdkeunstners út de Zinnenfabriek.
Workshops en eveneminten
Op woansdeitemiddei 27 novimber kinne bern oant 12 jier meidwaan oan in fergeze Sinteklaasgedichteworkshop. Under begelieding fan in wurdkeunstner leare se de knepen fan it fak en meitsje se har eigen rymjende kadoverskes; sa wurde se helppiten fan Sinteklaas. Op sneon 30 novimber stiet út namme fan Ljouwert UNESCO City of Literature de Culturele Apotheek yn de winkel om boeken op resept oan te rieden; foar elkenien dy’t keuzestress hat mei dizze feestdagen. Op de lêste woansdeitejûn fan De Zinnenfabriek, 11 desimber, fynt der in bysûndere Poetry Slam plak, wêrby’t sawol wurdkeunstners as publyk de kreative magy fan poëzy ûnderfine kinne.
Partners en gearwurkingen
De Zinnenfabriek is in inisjatyf fan de Stadsdichter fan Ljouwert, Gemeente Leeuwarden en Studio Zeepsop. It wurdt stipe troch ferskate partners, wêrûnder Ljouwert City of Literature, Explore the North, Boekhandel van der Velde en dbieb. It pân wurdt spesjaal foar dizze moanne beskikber steld troch Tjeerd Hoekstra. De Zinnenfabriek azemet literatuer en poëzy, mei in ynrjochting dy’t mei tank oan twaddehânsk winkel Strune in unike sfear krijt. De meubels, dy’t in tydlik thús fine yn it Zinnenfabriek, binne te keap. Tegearre mei harren wurdt it Zinnenfabriek in ynspirearjend moetingsplak foar literatuerleafhawwers en nijsgjirrige besikers.
Praktyske ynformaasje
Iepeningstiden: Freed – en sneontemiddeis fan 12:00 – 17:00
Lokaasje: Nijstêd 29, Ljouwert
De Zinnenfabriek is it plak om dit neijier de kreativiteit fan Ljouwert te ûntdekken en orizjinele gedichten mei te nimmen as in persoanlik kado by elke feestlike gelegenheid.