De fyfde edysje fan ús magazine LETTER ferskynt op freed 12 july as simmerske lêsbylage by de Leeuwarder Courant en it Friesch Dagblad.

Yn it magazine ûnder mear: ynterviews mei skriuwers Rinke Verkerk en Sipke de Schiffart, foarpublikaasjes, in strip en lêstips. It tema is dit kear: ûngemak.

Foto: Mirjan van der Meer