Eva Koreman: 'De e-reader hat myn lêslibben rêden' - Leeuwarden City of Literature

Eva Koreman (1984) is radiomakker by NPO 3FM en NPO Radio 1, ûnder mear fan VPRO’s Een Uur Cultuur. Se die mei oan De Slimste Mens en wie te sjen yn Expeditie Robinson. Yn in oar libben wie se drummer, lid fan it Feministisch Alcoholisch Verbonden helle se in Bachelor Bèta-gamma (mei in major sosjology) en in pealdûnssertifikaat. Se hat in yndrukwekkende finylsamling en is in ferwoeden boekelêzer. Wy sprekke Eva yn Amsterdam oer ûnder mear Stephen King, hyperfokus, de e-reader en lêsrituelen.

Tekst en foto: Marc Knip | Foar Eva’s lêstips, skroll nei ûnderen

Wannear begûnst te lêzen?

‘Ik kin my gjin libben sûnder boeken yn it sin bringe. As jong famke wenne ik mei myn âlden yn Diemen-Noard, dat in biblioteek mei in beskieden berneôfdieling hie. Dêr wie al gau trochhinne. Fan myn achtste ôf mocht ik sels op woansdeitemiddei op ’e fyts op paad en fûn ik mysels al gau werom op de ôfdieling foar folwoeksenen. Dêr giene letterlik wrâlden foar my iepen. Ik hie al wol Roald Dahl en Thea Beckman lêzen, en wist wilens dat ik in foarkar hie foar spannende boeken, mar ik woe mear. Dus de earste titels dy’t ik meinaam wiene The Vision fan Dean R, Koontz en Cuyo fan Stephen King, boeken foar folwoeksenen. Ik wist net wat ik meimakke, hiele nachten lies ik troch. Hooked. Nei’t myn mem mei de bibliotekaresse praat hie, mocht ik boeken foar folwoeksenen lienen bliuwe. Doe wie de hikke hielendal fan ’e daam. It gie my eins krekt wat te heech wat ik lies, mar dat makke it no krekt sa opwinend. Der stiene wurden yn dy boeken dêr’t ik net krekt fan wist wat se betsjutten, mar dêr’t ik wol fan trochhie dat ik se net oan myn âlden freegje koe, haha.’

Bist altyd sa’n soad lêzen bleaun?

‘Om myn fyftjinde hinne waard ik foar it earst fereale en ûntduts ik it op stap gean. Drinke en feeste koe yn dy tiid gewoan noch lekker ûnkontrolearre, dus it lêzen ferdwûn nei de achtergrûn. Der wiene oare saken dy’t ûntdutsen wurde moasten. Dêrnei begûn ik oan in stúdzje, dus ik tink dat ik fan pak him beet myn fyftjinde oant myn fiifentweintichste net folle foar de aardichheid lêzen ha. Mar dêrnei hie ik it al gau wer te pakken.’

By hokker sjenres en skriuwers bist yn ’e rin fan ’e jierren terjochte kommen?

‘Myn leafde foar Stephen King is altyd bleaun. Dy man wurdt noch altyd mei elk boek better en fynt himsels hieltyd op ’e nij út. Lês bygelyks mar ris The Institute út 2019. Sa typysk King, mar tagelyk slach er hiele nije wegen yn. Ik ha mei mysels de ôfspraak dat ik om de trije of fjouwer boeken in King pakke mei, oars lês ik neat oars mear. Mar in skriuwer dêr’t ik ek fan genietsje kin is bygelyks Umberto Eco, hoewol’t ik dy net gau midden yn ’e nacht lêze sil. No ja, oan dy beide enoarm ferskillende auteurs, en oan myn Top-5, kinst tink ik wol sjen hoe breed myn belangstelling en smaak binne.

Hoe en wêr lêsto?

‘Eartiids die ik oan hynsteriden en yn ’e maneezje hiest in hoekje mei in kachel en boeken. Dêr koe ik soms oerenlang lêze, hielendal fan ’e wrâld, mei dy hyperfokus dy’tst eins allinnich as bern hast. En der dan letter achter komme dat minsken al dy tiid om dy socht ha. Fantastysk. Doe’t ik jong wie, lies eins wêr en wannear’t ik mar koe. Mar dan komme ynienen in karriêre, in relaasje en it mem-wêzen om ’e hoeke. Wilens lês ik eins allinnich mar op bêd, útsein yn ’e fakânsje. En hoe better it boek, hoe betider ik op bêd gean. Doe’t ik swier wie, twa jier lyn, sliepte ik min en ha ik in e-reader kocht, myn bêste oankeap oait. It is gjin telefoan hin, dus wurdt ûnder it lêzen net hieltyd ôflieden troch oare saken, lykas wurk of socials. En hoechst gjin ljochtsje oan te dwaan, dêr’tst dyn partner of bern mei steurst. Sûnt ik Een Uur Cultuur meitsje, dêr’t ik in soad foar lêze moat, betsjut dat spitigernôch dat ik soms myn wurk mei op bêd nim. Mar dêr stean ek foardielen tsjinoer: nije wike is Marion Pauw te gast en foardat har nije roman yn ’e minkel leit, lês ik dy al lekker op bêd. In foarrjocht. En ik kin dy no al sizze: se hat it him wer lapt. Geweldich! No ja, hoe dan ek, de iennichste reden dat it my noch altyd slagget om sa’n soad te lêzen, is de e-reader. En in boekekast ha wy op ús 49 kante meter dochs al net mear, sûnt de lêskeamer in bernekeamer waard.’

Wat betsjut lêzen foar dy?

‘It is in kado oan jinsels; pakst dyn boek, giest in oare wrâld yn, fuort fan alles, fan dyn wurk, dyn relaasje, dyn mem-wêzen. It is echt wat dat hielendal fan dysels is, sûnder datst der immen tekoart mei dochst. Hearlik. En ast fan lêzen hâldst, is wekker lizzen ek net mear sa frustrearjend. Mei in bytsje gelok wurdst der ek noch tûker fan, hoewol’t dat foar my gjin betingst is om fan in boek te genietsjen. Mar it mei fansels wol, en soms jout in roman my nije ynsichten. Detransition, Baby fan Torrey Peters bygelyks, dat ik koartlyn lies, hat myn fyzje op it libben fan transminsken beynfloede. Dêroer fertel ik mear yn myn Top 5.’

Hokker rituelen hast? 

‘No, as ik mei fakânsje gean, mei ik ien boek yn it foar keapje en ien boek op it fleanfjild. As ik nei in boekwinkel gean, praat ik mei mysels ôf wat ik besteegje mei: oars gjin ik fallyt. En sa’t ik net fan in ôfladen board mei iten hâld, wurd ik ek net bliid fan in fol nachtkastke: gjin steapels boeken dêrop, oars begjint it te fielen as ‘moatten’. En noch in aardige tip: freegje foar dyn jierdei ris oan dyn freonen oft se dy ‘harren’ favorite boek jaan wolle. Sa learst dyn freonen better kennen en ûntsnapst út de twingende en noch ‘jonge’ algoritmen fan de e-readerswrâld. Sa krige ik om ûndúdlike redenen hieltyd de Seven Sisters-rige fan Lucinda Riley oanret. Dat lûkt my dus hielendál net. Want ik fyn echt net alles goed hear. In boek as Eat Pray Love fan Elizabeth Gilbert bygelyks: dêr koe ik dus hielendal net oer. Privilezjearre gemiich, presintearre as wat útsûnderliks. Mmm, ik sil my hjir wol net populêr mei meitsje, haha.’

Silst dy sels nochris weagje oan it skriuwen fan in roman?

‘Ik tink it wol, mar ik ûnderskat it net. Wat my sa dreech liket – en wat ik enoarm bewûnderje oan myn favorite auteurs – is om in ferhaal te fertellen dat hielendal lossongen is fan dyn eigen libben fan de werklikheid om dy hinne. Lykas de geweldige Jeff VanderMeer – hy stiet yn myn Top 5 – dy’t letterlik in bûtenierdsk soarte fantasy hat, sadat ik my ôffreegje hokker paden en ferbiningen hy eins yn harsens hat te lizzen. Dus ja, ik soe hiel graach in roman skriuwe, ik ha it idee foar in ferhaal ek al lizzen, ik ha allinnich noch gjin ein. En gjin tiid. Want skriuwen is in fak dat 100% tawijing freget. Mar dat boek komt der.’

Eva’s Top 5 lêstips


1. Jeff VanderMeer – Annihilation (2014)
It wie lang lyn dat ik mysels sa ferlear yn it lêzen fan in boek as mei dit earste diel fan de Southern Reach Trilogy. It is sci-fi sûnder aliens. VanderMeer skriuwt oer Gebiet X, dêr’t wat frjemds mei is en dat troch de oerheid fan ’e bûtenwrâld ôfsletten is. De teams dy’t nei binnen stjoerd binne, komme net werom, op ien man nei, mar dêr is dúdlik wat nuvers mei oan ’e hân. Annihilation folget in team ûnferskrokken, mar ek troch it libben tekene froulju dy’t op ûndersyk gean. De ferbyldingskrêft fan de skriuwer is fenomenaal, hy brûkt eleminten út de wittenskip dy’t it ferhaal plausibel meitsje en hy spilet in tûk spul mei ferwachtingen en oannamen.

2. Stephen King – 11/22/63 (2011)
Foar elk dy’t fan spannende sciencefiction- of aksjefilms hâldt, mar net sa fan lêzen, ried ik dizze Stephen King oan, it ideale ynstapboek. Skiedkundich kloppet it hielendal, útsein dat der in portal nei in oare tiid is. Mar fierder is it min ofte mear in klassike whodunnit, in ferskuorrend spannend ferhaal oer de moard op presidint Kennedy en oer hoe’t de wrâld derút sjen soe as dat nea bard wie. Immen reizget út de ienentweintichste iuw wei werom nei 1963 en besiket de oanslach tefoaren te kommen. King sketst in skitterjend tiidsbyld, dêr’t bygelyks elkenien noch yn smookt en rasisme in grut diel útmakket fan it deistich libben.

3. Torrey Peters – Detransition, Baby (2021)
Yn de trans-literatuer giet it dochs hiel faak oer it trans wêzen, faak mei in tragyske of seksualisearjende lading. Mar Peters, in transfrou, skriuwt gewoan oer har (leafdes)libben yn New York en har bernewinsk. It trans wêzen is fansels wol ûnderdiel fan har identiteit, mar dat is net wat hingjen bliuwt nei it lêzen fan de lêste sin. Ik fûn it in ferfrissende, supergoed skreaune en konfrontearjende roman, dy’t dy beseffe lit hoe’n bytsje transpersoanen heard wurde bûten de kontekst fan it trans wêzen. Detransition, Baby giet oer alle aspekten fan it libben, net allinnich oer genderidentiteit.

4. Gabrielle Zevin – Tomorrow, and Tomorrow, and Tomorrow (2022)
Dit ferhaal giet oer in Koreaansk ymmigrantebern en in Amerikaanske rikeljusdochter, dy’t in bysûndere freonskip slute en wrâldferneamd wurde sille mei harren gamedesigns. Ik bin sels gjin gamer, mar ik wit wol dat it ús wrâld yngripend feroare hat en dat gaming troch mannichien as keunstfoarm beskôge wurdt. Zevin skreau in spannend, nuansearre en prachtich skreaun ferhaal oer sukses en leafde.

5. David Mitchell – Utopia Avenue (2020)
En dan dit boek, dat ik as muzykleafhawwer alle oare muzykleafhawwers – en hielendal de boomers – fan herten oanrekommandearje. Wat in ferskuorrend alsidich skriuwer is Mitchell dochs. Dit is wer in hiel oare roman as bygelyks syn Cloud Atlas. It is in lekker psychedelysk ferhaal oer in fiktive, eigensinnige Britse band út ’e sixties. Der sitte geweldige cameo’s yn fan bygelyks David Bowie, dy’t ergens om in fjoerke freget, of Joni Mitchell, dy’t achteleas foarbykomt. Hearlik hoe’t de skriuwnocht, de leafde foar en de kennis fan muzyk fan dizze roman ôfspatte.

BERNEBOEKETIP: Matthew Forsythe – Pokko heeft een trommel (2020)
Ik skamje my mei weromwurkjende krêft oer de stomme cadeau’s dy’t ik de lêste jierren meinommen ha nei bernefeestjes. Want ik hie fansels hieltyd dit boek jaan moatten! Ik lês it om ’e dei foar oan myn dochter en se krijt der gjin genôch fan. It is in magistraal ferhaal oer muzyk meitsjen, oer trochsettingsfermogen, fol humor en mei prachtige yllustraasjes. Pokko is in kikkert dy’t in trommel krigen hat. Har âlden wurde gek fan it getrommel en stjoere har nei bûten. En dan bart der fan alles…