Briefwisseling Arjan en Marrit - deel 11

7 september 2026

Hee Marrit!

Miskien fyn ik it moaiste by it meitsjen fan in gedicht wol it betinken fan de titel. Ast wat makkest, en it krijt in namme, dan is it …. echt? Ik wit net krekt. Ast dan nei in skoft dichtsjen – miskien mei in reade tried yn it wurk – genôch hast foar in bondel hast, dan mei dy bondel ek in namme krije! Hearlik. Soms komt it net, mar hat immen oars in suggestje. Myn meast resinte bondel hjit Ien tel de ierde stil. In suggestje fan myn redakteur, Elske Kampen. Hoe giet soks by dy? Hast in titel yn de holle foardatst begjinst? Of komt dat ûnder it meitsjen? Of pas nei de tiid, as it manuskript der is? (Ha fêst in eksimplaar fan dyn oankommende Mag ik eindelijk liggen? besteld by van der Velde).

De simmer hat foar my aardich rêstich west, wat lytse putsjes, ôfspraken, in pear deadlines. Foar takom jier moat dat oars, miskien sykje ik in simmerbaan. Gjin skriuwwurk, of foar de klasse stean, wat oars. Ik tocht oan fruitplukken. In buorman fan my hat dat ek in skoft dien. Mary Louise seit dat ik it net dwaan moat. Midden yn de nacht fan bêd, en it is sa hyt yn dy kassen, dat soe ik net oerlibje. En hoe dan fierder? Tsja. 

Ik skriuw dy dizze brief moarns, de stêd wurdt wekker, it is al oeral in lawaai fan heipeallen, hammers en boaren, der wurdt wat ôfboud. Juster kuiere ik by in flat del dêr’t twa manlju mei grutte apparaten de gevel oan it renovearjen wiene. Se drilden it semint tusken de stiennen wei, net alles fansels, oars stoart it gebou yn! Se stiene yn sa’n bakje fan in heechwurker. In moaie blauwe heechwurker, mar ek in swierenien. Te swier foar de stoep! Dat de kommende wiken ferwachtsje ik ek trotwaar-renovaasje. Sa sjochst mar wer: fan wurk komt wurk. 

Fannemiddei ha ik net ien (1) mar twa (2!!!) gearkomsten, achterinoar oan. Wurd ik no einlings werklik folwoeksen? Spesjaal foar de gelegenheid in wyt boesgroen oandien, al sjoch ik no dat ûnder by de seame dochs in pear kofjespatten sitte, en in ûnbestimde flek dy’t op in Arabyske letter liket. Wylst haffeljend op in stik  bôle mei tsiis, type we dapper fierder!

Ien fan de boeken dêr’t ik mei dwaande bin, sil ek meikoarten nei de drukker. De lêste dinkjes neisjen, ditten en datten en dan …. in titel betinke. Sis, is it in idee om by it ferskinen fan in boek ek bertekaartsjes om te stjoeren? “Do makkest myn boekekast folslein”, “Sa swier yn myn hannen, sa licht yn myn hert” of “Och wat tûk! Myn idee is no in boek! Wolkom (plak foar titel)” 

Hertlike groetnis!

Arjan

Arjan,

Wat een prachtige poëtische brief heb je mij geschreven. Rustige zomers kunnen ook goed doen. Het is belangrijk om na te kunnen denken, te kunnen mompelen, een ommetje te maken, naar het plafond staren en het dan ineens te weten. Maar, hetzelfde hier. Zo kan het niet langer. Wij zijn niet dood, wij zijn springlevend, tenminste, ik hoop jij ook nog terwijl ik deze brief aan jou schrijf, maar de cultuursector lijkt dood. Heb jij enig idee hoe het kan? Geen geld, weinig geld, hoor ik overal. De politiek werkt niet mee, dat klopt, maar dat kan niet de enige reden zijn. Zijn de mensen ons dichters zat? Toegegeven, we redden geen levens, maar dat kunnen we wel. Ik zie jou geen fruit plukken, ik denk dat je je verslaapt en dan kun je weer je biezen pakken, maar je kan het altijd proberen. Ik denk aan werken in een snackbar en daar niet alleen frikandellen uit de frituurpan vissen maar ook verhalen, van mensen die daar komen. Verder ben ik geen opportunist hoor. Ik ben bang dat ik ook snel mijn biezen weer kan pakken, maar ik zal me naar mijn beste kunnen gedragen.

Een titel bedenk ik vaak na het schrijven, soms tijdens, zoals bij een roman. Wat mooi dat je al een exemplaar hebt gereserveerd en ik kijk uit naar je aanwezigheid op mijn boekpresentatie op 25 oktober. God, wat wordt dat een mooi feest.

Toeters en bellen, veel eten en drinken natuurlijk, muziek, het leven en de literatuur vieren en mijzelf natuurlijk, want ik heb het toch maar mooi geflikt.

Jij in een wit overhemd, dat moet ik zien! Trek je die aan naar mijn presentatie? Je bent altijd welkom. Vlekken of geen vlekken, overhemd of niet. Ik zou het erg prettig voor je vinden als je volwassen wordt, maar niet te veel, dat is ook zonde.

En geboortekaartjes laten versturen, dat vind ik een heel goed idee! Een beetje kitscherig, maar dat kan af en toe ook lekker zijn. Wanneer verschijnt het boek? Houd je ook een presentatie? Een bloemlezing is het toch? Een afscheidscadeau van jou als dichter van Friesland? God man, we hebben er bijna drie jaar opzitten. Ik vind het confronterend, de tijd, de tijd, de tijd…

Liefs!

Inhoud