• NL
    • EN
    • FY
Alle verhalen
  • NL
    • EN
    • FY
Alle verhalen
7
Elske Kampen
9
Tsead Bruinja

Raket

Door Freddie Scheltema

Deze tekst vind je op het sportpark van De Harkemase Boys
De Bosk 20, 9281 NR Harkema

 

It is glûpende hyt. It is noch gjin alve oere moarns, mar de termometer tikket no al de tritich graden oan. Paul en ik sitte yn it skaad op in bankje by de Jumbo, yn it winkelsintrum op De Westereen. Wy binne hjir omdat wy yn opdracht in Fryske skriuwer ynterviewe sille. Freon Paul makket de foto’s en ik skriuw it stikje.
‘Wat in fantastyske dei,’ sis ik en wy sjogge nei de minsken mei karren fol boadskippen.
‘Min ljocht,’ mompelet de tige swittende fotograaf, ‘der is gjin wolkje oan ’e loft. Sa kin ik gjin skerpe foto meitsje. Weardeleas.’
‘Mar it is dochs in hearlike simmer?’ besykje ik.
Paul bromt wat en skopt tsjin in stientsje.
‘Witst wêr’t ik no sin oan ha?’ seit er dan.
‘No?’
‘In raket.’
‘Raket?’ sis ik ferbaasd. En ik tink oan de hobby fan dy megalomane Elon Musk.
‘Ja, raket. Sa’n iislolly.’
Ik sjoch ferwûndere nei de fotograaf.
‘Sa’n iisko op in stokje?’
‘Ja, dat bedoel ik.’
Paul giet oerein. ‘Wachtsje hjir.’ En hy rint nei de supermerk mei de giel-swarte kleuren. Even letter komt er nei bûten mei in doaze ûnder syn earm.
‘Hast in hiele doaze iisko’s kocht?’ freegje ik ferheard.
‘Ja, se ferkeapje se net it stik.’
‘Hoefolle sitte der yn dy doaze?’
‘Eh, tweintich.’
Ik skodholje.
‘Tweintich? Wat moatte wy yn godsnamme mei tweintich raketten?’
‘Utdiele,’ seit Paul. En hy rint nei de yngong fan de supermerk en biedt de Jumbo klanten in ferfrissende iisko oan. Earst tinke de minsken dat it in reklamestunt is en binne se wat skrutel, mar at se yn de gaten hawwe dat der gjin ferplichtings oan fêst sitte, nimme se de geste begearich yn ûntfangst. Ik diel ek út en rin nei in man dy’t krekt syn boadskippen yn in âlde Volvo stationcar laadt.
‘Goeie, mynhear,’ sis ik. ‘Mei ik jo in iisko oanbiede?’
De man sjocht nei de frisse en fruitige iiskâlde delikatesse yn myn hân.
‘In raket?’ en de man glimket en leit syn holle wat skeef. ‘Och, dat hellet oantinkens nei boppen.’
‘O ja?’
‘Dat bringt my fjirtich jier werom yn de tiid’.
Hy stoarret nei de strak blauwe loft. Syn iene hân yn ’e bûse, yn de oare de kâlde raket.
‘Ik wie achttjin jier en mei freonen op fakânsje op Skylge. We wiene krekt allegear slagge foar de HAVO. Nei in swiere nacht yn de kroegen fan Midslân waard ik, troch toarst en pineholle, betiid wekker. Ik luts in broek en shirt oan en rûn fan ús tintsje op Camping Terpstra nei Midslân. Wylst ik it doarp yn rûn, seach ik yn myn beurs. En doe kaam ik der achter dat ik noch ien gûne en fiifentachtich sinten hie. Myn finansjele tastân wie erbarmlik. It nachtlibben op Skylge hie syn priis.’
De man laket om syn eigen gedachten.
‘Dus gong ik mar yn ’e rige stean by de Rabobank om myn lêste sinten fan de rekken te heljen om myn ferbliuw op it eilân te ferlingjen.’
De man set syn sinnebril rjocht.
‘Dat wie yn de tiid datst noch gjin paske of kredytkaart hiest,’ ferdúdliket er.
‘Hawar, it duorre in ivichheid foar it loket en út ferfeling telde ik de minsken dy’t yn ’e wachtrige stiene. En doe seach ik it famke dat ik justerjûn ek sjoen hie mar, nettsjinsteande de alkohol yn myn liif, net doarste oan te sprekken. Se hie heallang blondearre hier en hie in slobberich swart T-shirt oan mei dêr oerhinne in brede rôze riem. De legging wie ek rôze en se rûn op hege learzens. En se like krekt op Madonna.’
Wer laket de man.
‘Ik hipte ûngeduldich fan de iene foet op de oare wylst âlde fan dagen oersaaie einleaze petearen hâlden mei de bankmeiwurker efter it loket.’
De man strykt troch syn tinne hier.
‘En doe die ik wat ik noch noait dien hie. Ik gie út ’e rige en stapte op myn Madonna ôf. En ik sei: “Dit duorret my te lang. It libben is te kostber om hjir te wachtsjen. Sille wy in bakje kofje dwaan?”
It famke seach my op en del en lake. En myn god, wat lake se moai!
“Sure,” sei se, “wêrom ek net.” En se stapte sûnder fierder nei te tinken út ’e rige.
Mei ús twaen rûnen wy de haadstrjitte fan Midslân yn. Ik wie sa grutsk as in pau mei har oan ’e side. Mar doe’t ik njonken dit plaatsje rûn, betocht ik my dat ik net iens twa kofje betelje koe. De skrik sloech my om it hert! Lokkich krige ik in helder idee. Ik sei: “Bliuw even stean,” en ik glûpte in Sparwinkel yn. Ik kaam werom mei twa raketiislolly’s foar fyftich sinten it stik. “It is te waarm foar kofje. Ik ha in iisko foar dy.” En wer lake se de moaiste laits dy’t ik ea sjoen hie. Wy giene op in bankje yn ’e sinne sitten en genieten swijend fan ús raket.’
No is de man efkes stil.
‘En dat wie it begjin fan ús ferkearing. Wat Ola wetteriis fan 50 sinten al net dwaan kin.’
De man wriuwt oan syn kiel en ik hear oandwaning yn syn stim.
‘No binne wy fjirtich jier fierder en ik bin noch altyd by har.’
‘Wat in prachtich ferhaal,’ sis ik sêft.
‘Ja, it is suver in mearke,’ seit de man tsjinoer my. ‘Allinnich is myn frou no slim siik en it …’
‘Witte jo wat?’ ûnderbrek ik him, want ik wol in happy end oan dit ferhaal ha. ‘Jo krije net ien raket mar twa. Ek ien foar jo frou. En dan gean jimme op in bankje sitten, genietsje fan de lekkere iisko en tinke jimme werom oan dy simmer op Skylge.’
De man knikt stadich, nimt de twadde iisko oan en stapt yn syn auto. Paul komt mei in lege doaze op my ta en seit:
‘Wat sjochsto wetterich.’
‘Brainfreeze,’ sis ik, ‘wat te happich dy iisko iten.’
En ik sjoch de âlde Volvo it doarp yn riden.

 

Met dank aan: De Harkemase Boys

Freddie Scheltema

Freddie Scheltema is geboren en getogen in Easterein. Hij woont nu in Sneek. In 2010 verscheen zijn debuutroman De reüny, genomineerd voor de Douwe Tamminga Prijs. Zijn tweede boek De keet fan Annawâld werd genomineerd voor de Rink van der Velde Prijs. Tralies kreeg uitstekende recensies en nationale aandacht voor zijn werk als gevangenisbewaker. De negen dagen van Dirk Jan Denekamp was zijn eerste Nederlandse roman. Zijn vijfde boek, It Frysk is dea en oare fleurige ferhalen, was een verzameling korte verhalen. Freddie Scheltema schreef King of the Cross voor het LêsNo-project. Zijn laatste publicatie, Op it tsjerkhôf, is wederom een ​​bundel korte verhalen. Dit jaar verschijnt zijn eerste thriller Lik op stuk.

 

Fotograaf: Paul de Bruin

Beheer toestemming
Om de beste ervaringen te bieden, gebruiken wij technologieën zoals cookies om informatie over je apparaat op te slaan en/of te raadplegen. Door in te stemmen met deze technologieën kunnen wij gegevens zoals surfgedrag of unieke ID's op deze site verwerken. Als je geen toestemming geeft of uw toestemming intrekt, kan dit een nadelige invloed hebben op bepaalde functies en mogelijkheden.
Functioneel Altijd actief
De technische opslag of toegang is strikt noodzakelijk voor het legitieme doel het gebruik mogelijk te maken van een specifieke dienst waarom de abonnee of gebruiker uitdrukkelijk heeft gevraagd, of met als enig doel de uitvoering van de transmissie van een communicatie over een elektronisch communicatienetwerk.
Voorkeuren
De technische opslag of toegang is noodzakelijk voor het legitieme doel voorkeuren op te slaan die niet door de abonnee of gebruiker zijn aangevraagd.
Statistieken
De technische opslag of toegang die uitsluitend voor statistische doeleinden wordt gebruikt. De technische opslag of toegang die uitsluitend wordt gebruikt voor anonieme statistische doeleinden. Zonder dagvaarding, vrijwillige naleving door je Internet Service Provider, of aanvullende gegevens van een derde partij, kan informatie die alleen voor dit doel wordt opgeslagen of opgehaald gewoonlijk niet worden gebruikt om je te identificeren.
Marketing
De technische opslag of toegang is nodig om gebruikersprofielen op te stellen voor het verzenden van reclame, of om de gebruiker op een site of over verschillende sites te volgen voor soortgelijke marketingdoeleinden.
Beheer opties Beheer diensten Beheer {vendor_count} leveranciers Lees meer over deze doeleinden
Bekijk voorkeuren
{title} {title} {title}