Oer Lyts gelok

Kenst dat, lytse mominten fan ferwûndering of lok? Se oerfalle dy op strjitte of yn de natuer, se sitte samar yn foarwerpen, moetingen of geuren. Yn dizze tiden fan grut leed yn ’e wrâld, ûndersykje wy mei Lyts gelok graach de nocht en wille dêr’t wy ús oan fêsthâlde kinne.

Under Arcadia (17 maaie oant en mei 24 augustus 2025) ferrast Ljouwert UNESCO City of Literature dy 100 dagen lang mei literêre ljochtpuntsjes dy’t oeral yn Fryslân opdûke. Fan koarte teksten yn it wyld oant de ferskining fan komplete ferhalen. Dêrfoar fregen wy 100 skriuwers en dichters út Fryslân, Nederlân en UNESCO Cities of Literature oer de hiele wrâld om op papier te setten wat harren rekket, yn de foarm dy’t by harren past (lykas in gedicht, ferhaal, essay of stripferhaal). Wy fertaalden dy wer nei 100 ferskillende ferskiningsfoarmen. Dêr wurkje wy foar gear mei keunstners, foarmjouwers en ferskate lytse en grutte organisaasjes.

Ferrassing en ferwûndering steane sintraal. Foar it spotten fan de teksten moatst dus goed oplette. Alle dagen wurdt om 12.00 oere op dizze webside ûntbleate wêr’t in nije tekst te sjen wie/is en yn hokker foarm. Ek kinst de (folsleine) tekst dan lêze op de site. Meldsto dy oan foar de spesjale nijsbrief? Dan krijst fuort in hint foar it fynplak fan de tekst fan de dei dernei. Krekt as by ús eardere Arcadia-projekt Utsteld gelok yn 2022 ûntstiet online in groeiende kolleksje fan literêre teksten.

De foto's fan de ferskiningsfoarmen wurde makke troch Lucas Kemper. De fotografen fan de auteursfoto's wurde by de bio's neamd.

Folgje ús op Facebook en Instagram

Mei mooglik makke troch