Hoe van boeken weer bomen te maken?
Troch Maarten Inghels

Do koest dit gedicht sjen yn de hal fan it gemeentehûs
Marktstraat 8, 8601 CT Snits
Je snijdt een gat in de kaft van een boek
bijvoorbeeld in een Russische roman
zodat er een vogeltje in kan wonen
en de merel ’s avonds Stravinsky zingt.

Maarten Inghels
Maarten Inghels is in byldzjend keunstner, skriuwer en dichter. Syn ynterdissiplinêre praktyk ûndersiket de grinzen fan de fiksje yn romans, performances, skulptueren en ynstallaasjes yn de publike rûmte.
As auteur publisearre Inghels ferskate dichtbondels en romans. Mei Het mirakel van België (2021) skreau er in hybride roman oer syn senuwslopende relaasje mei de grutste masteroplichter fan ’e wrâld. Hannibal & Gideon (2025) is it ferslach fan in oaljefantereis oer de Alpen yn de fuotleasten fan Hannibal. Fan 2016 oant 2018 wie Inghels stedsdichter fan Antwerpen en ferskynden syn gedichten as tatoeaazjes, plantgtoed en publyksenkêtes.
Foto: Joris Casaer