{"id":26153,"date":"2026-06-26T06:30:00","date_gmt":"2026-06-26T04:30:00","guid":{"rendered":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/?post_type=project&#038;p=26153"},"modified":"2026-06-25T20:08:39","modified_gmt":"2026-06-25T18:08:39","slug":"dubbelinterview-met-twee-schrijfsters","status":"publish","type":"project","link":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-2026\/dubbelinterview-met-twee-schrijfsters\/","title":{"rendered":"D\u00fbbelynterview mei twa skriuwsters"},"content":{"rendered":"\n<p class=\"wp-block-paragraph\"><strong>In skilderij as tiidmasine en in muorreskildering mei in ferhaal.<\/strong><\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">LETTER praat mei Anne-Goaitske Breteler (1996) fan Moddergat en Lida Dykstra (1961) fan De Knipe, twa skriuwsters fan twa ferskillende generaasjes. Lida Dykstra debutearre yn 1994 mei it Frysktalige berneboek <em>Sjoerd Stiensma syn reis troch de tiid<\/em>. Dat wie faaks net bard, as se yn 1992 net besletten hie om har baan as konservator by Museum Joure op te jaan en fulltime skriuwster te wurden.<\/p>\n\n\n\n<!--more-->\n\n\n\n<div id=\"whitespace-1781274638038-244\" class=\"wp-block-custom-whitespace whitespace whitespace-large\"><\/div>\n\n\n\n<div id=\"narrow-column-1781274618946-497\" class=\"wp-block-custom-narrow-column narrow-column offset-space-25\">\n<p class=\"wp-block-paragraph\"><em>Tekst: Tsjerk Bottema | Foto\u2019s: Natalia Balanina<\/em><\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">Lida: \u2018Nei it ferstjerren fan \u00fas heit doe\u2019t ik yn ferwachting wie, frege ik my \u00f4f: \u201cWat wol ik no echt?\u201d. Ik die in kursus kreatyf skriuwen by Akky van der Veer. Oan \u2019e h\u00e2n fan myn ferhalen waard al gau d\u00fadlik dat berneliteratuer my it b\u00easte lei. De wr\u00e2ld fan it bern, it byldzjend tinken, de ferbylding \u2013 d\u00earby fielde ik my th\u00fas. Akky sei tsjin my: \u201cDo moatst in boek skriuwe.\u201d Dat like my in hiele opjefte ta \u2013 kin ik dat wol, in boek skriuwe?\u2019 Yntusken hat se lykwols 118 (!) boektitels op har namme stean, d\u00ear\u2019t se in soad prizen foar krige, fan de Simke Kloostermanpriis oant de Gouden Griffel. \u2018Hoe wie it,\u2019 freget Anne-Goaitske, dy\u2019t al fuortendaliks de rol fan ynterviewer fan my oernimt, \u2018om as berneboekeskriuwster te begjinnen mei in opgroeiende dochter?\u2019 \u2018Myn dochter Ingeborg wie foar my in grutte boarne fan ynspiraasje,\u2019 antwurdet Lida. \u2018Har fantasij, har \u00fatspraken, de gekke aventoerkes dy\u2019t se betocht of meimakke \u2013 dat levere in stream oan idee\u00ebn op. No\u2019t se grut is, fernim ik wol dat dy konstante stream fan berne-ynspiraasje wat fuortfallen is.\u2019<\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">Anne-Goaitske, dy\u2019t yn 2024 mem waard (har heit Gerrit Breteler ferstoar yn \u201923), werkent dat: \u2018Myn soantsje Gerrit-Durk en syn belibbingswr\u00e2ld jouwe my ek ynspiraasje. Ik stean op in punt yn myn libben dat ik ferlet haw fan r\u00east. Ik wit op it stuit eins net sa goed hokker ferhalen ik skriuwe wol, oft dat fiksje of non-fiksje is, ferhalen foar bern, of oer myn famylje. Foar it earst fyn ik it eins hiel noflik om it net krekt te witten, mar gewoan te besjen wat der op myn paad komt, en d\u00ear betrouwen yn te hawwen. Dat myn deb\u00fat <em>De traanjagers<\/em> (2018) der kaam, is eins in tafallige gearrin fan omstannichheden. As sechstjinjierrige wurke ik yn kafee De B\u00fbnte Bok yn Ljussens, mei in muorreskildering oer de Walfiskfeart, dy\u2019t my fassinearre. Sadwaande gie myn profylwurkstik op de middelbere skoalle d\u00earoer en oer de betsjutting fan dy muorreskildering. Doe\u2019t ik letter antropology yn Amsterdam studearre, tocht ik oan de \u00e2lde foto\u2019s fan de Walfiskfeart dy\u2019t der noch leine en naam my foar d\u00ear in fotoboek mei \u00fbnderskriften fan te meitsjen. D\u00ear\u00fat \u00fbntstie it boek.\u2019 Lida betwivelet oft it allegearre tafal wie: \u2018Der hiene wol h\u00fbndert oare minsken yn dat kafee wurkje kinnen, dy\u2019t dy muorreskildering net opfallen wie. Datsto dyn antenne krekt d\u00ear op rjochtest, dat is dyn kwaliteit.\u2019<\/p>\n\n\n\n<h3 class=\"wp-block-heading\">Breinroer<\/h3>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">Beide skriuwe sawol yn it Frysk as it Nederl\u00e2nsk. Anne-Goaitske: \u2018By myn earste Frysktalige boek foar folwoeksenen fernaam ik hiel bot dat it Frysk my helpt om tichter by mysels te bliuwen. Ik skreau <em>Oan \u2019e ein fan De Oere<\/em> (2025) yn seis moannen. Oer <em>De laatste dagen van de dorpsgek<\/em> (2024) die ik seis jier. Dat wie folle mear in wrakseling. It \u00fbnderwerp \u2013 geastlike s\u00fbnens \u2013 is al abstrakt, en dan skriuwst ek noch yn in taal dy\u2019t net dyn memmetaal is. Myn Nederl\u00e2nsk wurdt dan al gau wat argaysk. Dat docht net altyd fertuten foar de l\u00easberens. As ik persoanen pratend opfierde, kaam de s\u00fbplesse wer werom.\u2019<\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">Lida wol de taal yn har boeken net \u00fatklaaie omdat bern it oars net begripe soene: \u2018As ik in wurd sels nea br\u00fbk, kin ik ek net ferwachtsje dat bern har dat eigen meitsje \u2013 dan ferdwynt it gewoan. Dat jildt foar elke taal. Krekt d\u00earom skrik ik der net foar werom om wat dregere wurden te br\u00fbken. Ek net yn myn boeken foar jonge bern, lykas de Gouden Boekjes oer Sipke. In wurd as <em>breinroer<\/em> br\u00fbk ik dan gewoan. It mei b\u00east in \u00fatdaging w\u00eaze, \u201clit \u00fas dat ris oan pake freegje\u201d. It giet my om rike taal, mei alliteraasje, ritme, en teksten dy\u2019t sjonge.\u2019<\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">By Lida har boeken is de tekst der altyd earst. Hoe\u2019t it der \u00fateinlik \u00fat komt te sjen, hinget \u00f4f fan it soarte boek en fan \u2019e gearwurking mei de yllustrator: \u2018Guon yllustratoaren fine it hiel noflik om te brainstoarmjen, oaren meitsje earst sketsen, sadat ik har idee\u00ebn sjen kin. Mei Djenn\u00e9 Fila wurkje ik op in hiel natuerlike wize gear. Se wurket hiel autonoom, bringt har eigen ynterpretaasje yn, wat it ferhaal noch riker makket. Bys\u00fbndere foto\u2019s dy\u2019t ik tsjinkom by myn \u00fbndersyk sammelje ik en as de earste ferzje fan it ferhaal klear is, diel ik dy bylden mei har, sadat se de sfear fan it boek better fange kin. Sa \u00fbntstiet der in djippere laach.\u2019 Sa ek by <em>De wonderverteller <\/em>(2024). In moai foarbyld is neffens Lida in yllustraasje oan de ein fan it boek fan Topina, dy\u2019t op reis giet yn in gondel. Yn har skaad sjochst Marco Polo.<\/p>\n<\/div>\n\n\n\n<div id=\"narrow-column-1781274949319-447\" class=\"wp-block-custom-narrow-column narrow-column offset-space-16\">\n<div id=\"whitespace-1781274857526-175\" class=\"wp-block-custom-whitespace whitespace whitespace-medium\"><\/div>\n\n\n\n<figure class=\"wp-block-gallery has-nested-images columns-default is-cropped wp-block-gallery-1 is-layout-flex wp-block-gallery-is-layout-flex\">\n<figure class=\"wp-block-image size-large\"><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" width=\"1440\" height=\"1920\" data-id=\"25696\" src=\"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2026\/06\/COL_Letter_Lida_Anne-Goaitske_NataliaBalanina_LR-4-1440x1920.jpg\" alt=\"\" class=\"wp-image-25696\" srcset=\"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2026\/06\/COL_Letter_Lida_Anne-Goaitske_NataliaBalanina_LR-4-1440x1920.jpg 1440w, https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2026\/06\/COL_Letter_Lida_Anne-Goaitske_NataliaBalanina_LR-4-900x1200.jpg 900w, https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2026\/06\/COL_Letter_Lida_Anne-Goaitske_NataliaBalanina_LR-4-450x600.jpg 450w, https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2026\/06\/COL_Letter_Lida_Anne-Goaitske_NataliaBalanina_LR-4-768x1024.jpg 768w, https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2026\/06\/COL_Letter_Lida_Anne-Goaitske_NataliaBalanina_LR-4-1152x1536.jpg 1152w, https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2026\/06\/COL_Letter_Lida_Anne-Goaitske_NataliaBalanina_LR-4-1536x2048.jpg 1536w, https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2026\/06\/COL_Letter_Lida_Anne-Goaitske_NataliaBalanina_LR-4-scaled.jpg 1920w\" sizes=\"auto, (max-width: 1440px) 100vw, 1440px\" \/><\/figure>\n\n\n\n<figure class=\"wp-block-image size-large\"><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" width=\"1440\" height=\"1920\" data-id=\"25702\" src=\"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2026\/06\/COL_Letter_Lida_Anne-Goaitske_NataliaBalanina_LR-6-1440x1920.jpg\" alt=\"\" class=\"wp-image-25702\" srcset=\"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2026\/06\/COL_Letter_Lida_Anne-Goaitske_NataliaBalanina_LR-6-1440x1920.jpg 1440w, https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2026\/06\/COL_Letter_Lida_Anne-Goaitske_NataliaBalanina_LR-6-900x1200.jpg 900w, https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2026\/06\/COL_Letter_Lida_Anne-Goaitske_NataliaBalanina_LR-6-450x600.jpg 450w, https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2026\/06\/COL_Letter_Lida_Anne-Goaitske_NataliaBalanina_LR-6-768x1024.jpg 768w, https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2026\/06\/COL_Letter_Lida_Anne-Goaitske_NataliaBalanina_LR-6-1152x1536.jpg 1152w, https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2026\/06\/COL_Letter_Lida_Anne-Goaitske_NataliaBalanina_LR-6-1536x2048.jpg 1536w, https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2026\/06\/COL_Letter_Lida_Anne-Goaitske_NataliaBalanina_LR-6-scaled.jpg 1920w\" sizes=\"auto, (max-width: 1440px) 100vw, 1440px\" \/><\/figure>\n<\/figure>\n\n\n\n<div id=\"whitespace-1781274857526-175\" class=\"wp-block-custom-whitespace whitespace whitespace-medium\"><\/div>\n<\/div>\n\n\n\n<div id=\"narrow-column-1781274922831-805\" class=\"wp-block-custom-narrow-column narrow-column offset-space-25\">\n<h3 class=\"wp-block-heading\">Tiidmasjine<\/h3>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">\u2018Op it stuit ferdjipje ik my yn santjinde-iuwske skilderijen foar in nij berneboek, oer Cornelia, de dochter fan Rembrandt. Yn dy skilderijen sit safolle: it strjitbyld, in swalkh\u00fbn. Ik krij der it gefoel fan dat ik yn in tiidmasine stap. It giet my om it deistich libben fan doe \u2013 wat foar klean droegen minsken, wat ieten se, hoe seagen harren dagen der\u00fat?\u2019<\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">Anne-Goatske stribbet dernei om liter\u00eare non-fiksje te skriuwen: \u2018Reve sei al: \u201cEcht gebeurd, is geen excuus.\u201d Ik stel mysels altyd de fraach: wat is te moai om wier te w\u00eazen, mar wol echt bard, en wat moatst sels tafoegje om it smaaklik te meitsjen? Foar myn boeken nim ik in soad ynterviews \u00f4f,\u2019 fertelt se, \u2018sechstich prosint is <em>oral history<\/em>. Op dy mominten, as ik by minsken oan tafel sit, komme de juwieltsjes nei boppen. As ik oan it skriuwen bin, kom ik de losse eintsjes tsjin. Ik gean fier om dy oaninoar te knoopjen.\u2019<\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">\u2018Hoe dochst dat,\u2019 freget Lida, \u2018as de neibesteanden noch libje?\u2019 Anne-Goaitske: \u2018Ik moat my hoeden opstelle yn it skriuwen, omdat it allegearre hiel gefoelich leit. By <em>De laatste dagen van de dorpsgek<\/em> koe in bepaalde formulearring foar de neibesteanden gen\u00f4ch w\u00eaze om in hiele passaazje skrasse te wollen.\u2019<\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">Ek by Lida komt it krekt: \u2018By histoaryske \u00fbnderwerpen fyn ik it hiel wichtich om de werklikheid en de feiten te respektearjen. Dy binne sa\u2019t se binne, en hoewol\u2019t it de plot net altyd te goede komt, kies ik der dochs foar om trou te bliuwen oan de skiednis. It moat doge: as in gebou der doe stie, moat dat ek sa yn it ferhaal weromkomme. Ik wol gjin kletskoek ferkeapje.\u2019<\/p>\n\n\n\n<h3 class=\"wp-block-heading\">Nije foarmen<\/h3>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">Dochs slute beide net \u00fat om har yn de takomst noch ris op \u00fbnbekendere paden te bejaan. Lida Dykstra skreau mei <em>Ik, Anna<\/em> (2009) al in histoaryske roman \u2013 foar folwoeksenen \u2013 en fan Anne-Goaitske Breteler kaam yn 2020 <em>In nuvere nacht<\/em> \u00fat, in histoarysk berneboek yn de geast fan Lida Dykstra. Anne-Goaitske is der it meast resol\u00fat yn: \u2018Ik wol yn de takomst graach nije foarmen besykje. Troch mear yn it Frysk te skriuwen, po\u00ebzij faaks ek. Ik wol mear myn eigen kwetsberens opsykje; dat is in persoanlike \u00fatdaging, dy\u2019t ik graach oangean wol.\u2019&nbsp;<\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">Foar har is it skriuwen ek in wize om mear oer harsels te learen: \u2018W\u00earom tink en doch ik sa\u2019t ik doch? Wat is kultuer, en wat krijst mei yn dyn genen? As ik oare minsken befreegje en harren ferhalen \u00fbndersykje, moat ik dat proses ek sels trochrinne.\u2019<\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\"><em>De laatste dagen van de dorpsgek<\/em> begjint mei in prolooch en in haadstik oer har oeroerpake, de Fryske skriuwer Reinder Brolsma, dy\u2019t him yn de oarloch wol oanmelde foar de troch de besetter ynstelde Kultuerkeamer en yn 1941 de nij ynstelde Harmen Sytstrapriis yn \u00fbntfangst naam. Dat waard him nei de oarloch swier oanrekkene. It hie in grutte ynfloed op syn gemoed. Yn 1953 die er himsels tekoart. Anne-Goaitske: \u2018Reinder Brolsma wie foar my de earste stap om wat fan mysels sjen te litten. It kaam fan twa kanten op my ta: ik woe wat mei skiednis fan de psychiatry, mar ik wist ek dat dit ferhaal der lei. It wie foar my de wize om sels te \u00fbnderfinen wat it is om it taboe op geastlik net-s\u00fbn w\u00eazen mei en yn myn eigen famylje besprekber te meitsjen.\u2019<\/p>\n<\/div>\n\n\n\n<div id=\"whitespace-1781275123973-560\" class=\"wp-block-custom-whitespace whitespace whitespace-small\"><\/div>\n\n\n\n<div id=\"narrow-column-1781275055595-470\" class=\"wp-block-custom-narrow-column narrow-column offset-space-16\">\n<figure class=\"wp-block-image size-large\"><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" width=\"1920\" height=\"1280\" src=\"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2026\/06\/COL_Letter_Lida_Anne-Goaitske_NataliaBalanina_LR-1-1920x1280.jpg\" alt=\"\" class=\"wp-image-25687\" srcset=\"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2026\/06\/COL_Letter_Lida_Anne-Goaitske_NataliaBalanina_LR-1-1920x1280.jpg 1920w, https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2026\/06\/COL_Letter_Lida_Anne-Goaitske_NataliaBalanina_LR-1-1200x800.jpg 1200w, https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2026\/06\/COL_Letter_Lida_Anne-Goaitske_NataliaBalanina_LR-1-600x400.jpg 600w, https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2026\/06\/COL_Letter_Lida_Anne-Goaitske_NataliaBalanina_LR-1-768x512.jpg 768w, https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2026\/06\/COL_Letter_Lida_Anne-Goaitske_NataliaBalanina_LR-1-1536x1024.jpg 1536w, https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2026\/06\/COL_Letter_Lida_Anne-Goaitske_NataliaBalanina_LR-1-2048x1365.jpg 2048w\" sizes=\"auto, (max-width: 1920px) 100vw, 1920px\" \/><\/figure>\n<\/div>\n\n\n\n<div id=\"whitespace-1781275123973-560\" class=\"wp-block-custom-whitespace whitespace whitespace-medium\"><\/div>\n\n\n\n<div id=\"narrow-column-1781275058516-652\" class=\"wp-block-custom-narrow-column narrow-column offset-space-25\">\n<h3 class=\"wp-block-heading\">Rolmodel<\/h3>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">Anne-Goaitske is ek podcast- en eksposysjemakker, en Lida wie Berneboeke-ambassadeur, is Schoolschrijver en jout \u00fat en troch skriuwkursussen. Is dat foar harren in needsaak? Anne-Goaitske: \u2018It komt der mar krekt op oan wat de drager fan myn ferhaal is. Dat kin in boek w\u00eaze, mar it kin ek yn de foarm fan in podcast, of in eksposysje. Ik fyn it noflik om yn ferbining te stean mei myn l\u00eazers; ik wol graach witte oft it goed lanet. Ik jou in foarset mei myn boek, en d\u00earnei komme der yn reaksje op it boek allegearre ferhalen by.\u2019&nbsp;<\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">Lida: \u2018As berneboekeskriuwer is it foar my hiel nuttich is om yn skoalklassen te kommen, om te sjen wat der libbet \u00fbnder bern. Ik wol yn it earste plak taalwille ferspriede, myn kennis trochjaan en oaren op wei helpe yn it fak. Yn dizze tiid moat lykwols net allinne it boek, mar ek de skriuwer ferkocht wurde. Wat is de skriuwer foar personaazje, komt dy wat aardich \u00fat \u2019e wurden? Ik fyn datsto dat hiel goed dochst, Anne-Goaitske. Ik haw dy ferskate kearen mei in goed ferhaal op telefyzje foarby kommen sjoen, krigest <em>de Fryske frou yn de Media Award<\/em>. Ast in goed ferhaal hast, kinst in foarbyld w\u00eaze. Datst ek in suksesfolle skriuwster w\u00eaze kinst ast yn Frysl\u00e2n wennest, d\u00ear wol ik my sterk foar meitsje, dat bern \u00fat it Noarden witte: wy hawwe k\u00e2nsen.\u2019<\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">\u2018Ik wol graach mear yn it Frysk skriuwe,\u2019 bekent Anne-Goaitske. \u2018Oaren sizze tsjin my, dan wurdst nea echt suksesfol, moatst \u00fatbrekke. Mar dan tink ik by mysels, it slagget dy ek! It kin wol! Foar my bisto ek in rolmodel, Lida.\u2019\u00a0<\/p>\n<\/div>\n","protected":false},"excerpt":{"rendered":"<p>In skilderij as tiidmasine en in muorreskildering mei in ferhaal. LETTER praat mei Anne-Goaitske Breteler (1996) fan Moddergat en Lida Dykstra (1961) fan De Knipe, twa skriuwsters fan twa ferskillende generaasjes. Lida Dykstra debutearre yn 1994 mei it Frysktalige berneboek Sjoerd Stiensma syn reis troch de tiid. Dat wie faaks net bard, as se yn [&hellip;]<\/p>\n","protected":false},"featured_media":25690,"parent":26146,"menu_order":11,"template":"","project_type":[],"class_list":["post-26153","project","type-project","status-publish","has-post-thumbnail","hentry"],"acf":[],"yoast_head":"<!-- This site is optimized with the Yoast SEO plugin v28.0 - https:\/\/yoast.com\/product\/yoast-seo-wordpress\/ -->\n<title>D\u00fbbelynterview mei twa skriuwsters - Leeuwarden City of Literature<\/title>\n<meta name=\"robots\" content=\"index, follow, max-snippet:-1, max-image-preview:large, max-video-preview:-1\" \/>\n<link rel=\"canonical\" href=\"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-2026\/dubbelinterview-met-twee-schrijfsters\/\" \/>\n<meta property=\"og:locale\" content=\"nl_NL\" \/>\n<meta property=\"og:type\" content=\"article\" \/>\n<meta property=\"og:title\" content=\"D\u00fbbelynterview mei twa skriuwsters - Leeuwarden City of Literature\" \/>\n<meta property=\"og:description\" content=\"In skilderij as tiidmasine en in muorreskildering mei in ferhaal. LETTER praat mei Anne-Goaitske Breteler (1996) fan Moddergat en Lida Dykstra (1961) fan De Knipe, twa skriuwsters fan twa ferskillende generaasjes. Lida Dykstra debutearre yn 1994 mei it Frysktalige berneboek Sjoerd Stiensma syn reis troch de tiid. Dat wie faaks net bard, as se yn [&hellip;]\" \/>\n<meta property=\"og:url\" content=\"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-2026\/dubbelinterview-met-twee-schrijfsters\/\" \/>\n<meta property=\"og:site_name\" content=\"Leeuwarden City of Literature\" \/>\n<meta property=\"og:image\" content=\"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2026\/06\/COL_Letter_Lida_Anne-Goaitske_NataliaBalanina_LR-2-scaled.jpg\" \/>\n\t<meta property=\"og:image:width\" content=\"2560\" \/>\n\t<meta property=\"og:image:height\" content=\"1707\" \/>\n\t<meta property=\"og:image:type\" content=\"image\/jpeg\" \/>\n<meta name=\"twitter:card\" content=\"summary_large_image\" \/>\n<meta name=\"twitter:label1\" content=\"Est. reading time\" \/>\n\t<meta name=\"twitter:data1\" content=\"1 minute\" \/>\n<script type=\"application\/ld+json\" class=\"yoast-schema-graph\">{\"@context\":\"https:\\\/\\\/schema.org\",\"@graph\":[{\"@type\":\"WebPage\",\"@id\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/project\\\/magazine-letter-2026\\\/dubbelinterview-met-twee-schrijfsters\\\/\",\"url\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/project\\\/magazine-letter-2026\\\/dubbelinterview-met-twee-schrijfsters\\\/\",\"name\":\"D\u00fbbelynterview mei twa skriuwsters - Leeuwarden City of Literature\",\"isPartOf\":{\"@id\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/#website\"},\"primaryImageOfPage\":{\"@id\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/project\\\/magazine-letter-2026\\\/dubbelinterview-met-twee-schrijfsters\\\/#primaryimage\"},\"image\":{\"@id\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/project\\\/magazine-letter-2026\\\/dubbelinterview-met-twee-schrijfsters\\\/#primaryimage\"},\"thumbnailUrl\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/wp-content\\\/uploads\\\/2026\\\/06\\\/COL_Letter_Lida_Anne-Goaitske_NataliaBalanina_LR-2-scaled.jpg\",\"datePublished\":\"2026-06-26T04:30:00+00:00\",\"breadcrumb\":{\"@id\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/project\\\/magazine-letter-2026\\\/dubbelinterview-met-twee-schrijfsters\\\/#breadcrumb\"},\"inLanguage\":\"nl-FY\",\"potentialAction\":[{\"@type\":\"ReadAction\",\"target\":[\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/project\\\/magazine-letter-2026\\\/dubbelinterview-met-twee-schrijfsters\\\/\"]}]},{\"@type\":\"ImageObject\",\"inLanguage\":\"nl-FY\",\"@id\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/project\\\/magazine-letter-2026\\\/dubbelinterview-met-twee-schrijfsters\\\/#primaryimage\",\"url\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/wp-content\\\/uploads\\\/2026\\\/06\\\/COL_Letter_Lida_Anne-Goaitske_NataliaBalanina_LR-2-scaled.jpg\",\"contentUrl\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/wp-content\\\/uploads\\\/2026\\\/06\\\/COL_Letter_Lida_Anne-Goaitske_NataliaBalanina_LR-2-scaled.jpg\",\"width\":2560,\"height\":1707,\"caption\":\"Foto: Natalia Balanina\"},{\"@type\":\"BreadcrumbList\",\"@id\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/project\\\/magazine-letter-2026\\\/dubbelinterview-met-twee-schrijfsters\\\/#breadcrumb\",\"itemListElement\":[{\"@type\":\"ListItem\",\"position\":1,\"name\":\"Home\",\"item\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/\"},{\"@type\":\"ListItem\",\"position\":2,\"name\":\"Projecten\",\"item\":\"https:\\\/\\\/www.leeuwardencityofliterature.nl\\\/project\\\/\"},{\"@type\":\"ListItem\",\"position\":3,\"name\":\"Magazine LETTER 2026\",\"item\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/project\\\/magazine-letter-2026\\\/\"},{\"@type\":\"ListItem\",\"position\":4,\"name\":\"D\u00fbbelynterview mei twa skriuwsters\"}]},{\"@type\":\"WebSite\",\"@id\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/#website\",\"url\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/\",\"name\":\"Leeuwarden City of Literature\",\"description\":\"\",\"potentialAction\":[{\"@type\":\"SearchAction\",\"target\":{\"@type\":\"EntryPoint\",\"urlTemplate\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/?s={search_term_string}\"},\"query-input\":{\"@type\":\"PropertyValueSpecification\",\"valueRequired\":true,\"valueName\":\"search_term_string\"}}],\"inLanguage\":\"nl-FY\"}]}<\/script>\n<!-- \/ Yoast SEO plugin. -->","yoast_head_json":{"title":"D\u00fbbelynterview mei twa skriuwsters - Leeuwarden City of Literature","robots":{"index":"index","follow":"follow","max-snippet":"max-snippet:-1","max-image-preview":"max-image-preview:large","max-video-preview":"max-video-preview:-1"},"canonical":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-2026\/dubbelinterview-met-twee-schrijfsters\/","og_locale":"nl_NL","og_type":"article","og_title":"D\u00fbbelynterview mei twa skriuwsters - Leeuwarden City of Literature","og_description":"In skilderij as tiidmasine en in muorreskildering mei in ferhaal. LETTER praat mei Anne-Goaitske Breteler (1996) fan Moddergat en Lida Dykstra (1961) fan De Knipe, twa skriuwsters fan twa ferskillende generaasjes. Lida Dykstra debutearre yn 1994 mei it Frysktalige berneboek Sjoerd Stiensma syn reis troch de tiid. Dat wie faaks net bard, as se yn [&hellip;]","og_url":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-2026\/dubbelinterview-met-twee-schrijfsters\/","og_site_name":"Leeuwarden City of Literature","og_image":[{"width":2560,"height":1707,"url":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2026\/06\/COL_Letter_Lida_Anne-Goaitske_NataliaBalanina_LR-2-scaled.jpg","type":"image\/jpeg"}],"twitter_card":"summary_large_image","twitter_misc":{"Est. reading time":"1 minute"},"schema":{"@context":"https:\/\/schema.org","@graph":[{"@type":"WebPage","@id":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-2026\/dubbelinterview-met-twee-schrijfsters\/","url":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-2026\/dubbelinterview-met-twee-schrijfsters\/","name":"D\u00fbbelynterview mei twa skriuwsters - Leeuwarden City of Literature","isPartOf":{"@id":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/#website"},"primaryImageOfPage":{"@id":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-2026\/dubbelinterview-met-twee-schrijfsters\/#primaryimage"},"image":{"@id":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-2026\/dubbelinterview-met-twee-schrijfsters\/#primaryimage"},"thumbnailUrl":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2026\/06\/COL_Letter_Lida_Anne-Goaitske_NataliaBalanina_LR-2-scaled.jpg","datePublished":"2026-06-26T04:30:00+00:00","breadcrumb":{"@id":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-2026\/dubbelinterview-met-twee-schrijfsters\/#breadcrumb"},"inLanguage":"nl-FY","potentialAction":[{"@type":"ReadAction","target":["https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-2026\/dubbelinterview-met-twee-schrijfsters\/"]}]},{"@type":"ImageObject","inLanguage":"nl-FY","@id":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-2026\/dubbelinterview-met-twee-schrijfsters\/#primaryimage","url":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2026\/06\/COL_Letter_Lida_Anne-Goaitske_NataliaBalanina_LR-2-scaled.jpg","contentUrl":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2026\/06\/COL_Letter_Lida_Anne-Goaitske_NataliaBalanina_LR-2-scaled.jpg","width":2560,"height":1707,"caption":"Foto: Natalia Balanina"},{"@type":"BreadcrumbList","@id":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-2026\/dubbelinterview-met-twee-schrijfsters\/#breadcrumb","itemListElement":[{"@type":"ListItem","position":1,"name":"Home","item":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/"},{"@type":"ListItem","position":2,"name":"Projecten","item":"https:\/\/www.leeuwardencityofliterature.nl\/project\/"},{"@type":"ListItem","position":3,"name":"Magazine LETTER 2026","item":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-2026\/"},{"@type":"ListItem","position":4,"name":"D\u00fbbelynterview mei twa skriuwsters"}]},{"@type":"WebSite","@id":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/#website","url":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/","name":"Leeuwarden City of Literature","description":"","potentialAction":[{"@type":"SearchAction","target":{"@type":"EntryPoint","urlTemplate":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/?s={search_term_string}"},"query-input":{"@type":"PropertyValueSpecification","valueRequired":true,"valueName":"search_term_string"}}],"inLanguage":"nl-FY"}]}},"_links":{"self":[{"href":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/project\/26153","targetHints":{"allow":["GET"]}}],"collection":[{"href":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/project"}],"about":[{"href":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/types\/project"}],"version-history":[{"count":6,"href":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/project\/26153\/revisions"}],"predecessor-version":[{"id":26445,"href":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/project\/26153\/revisions\/26445"}],"up":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/project\/26146"}],"wp:featuredmedia":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/media\/25690"}],"wp:attachment":[{"href":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/media?parent=26153"}],"wp:term":[{"taxonomy":"project_type","embeddable":true,"href":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/project_type?post=26153"}],"curies":[{"name":"wp","href":"https:\/\/api.w.org\/{rel}","templated":true}]}}