{"id":19982,"date":"2025-07-04T06:31:00","date_gmt":"2025-07-04T04:31:00","guid":{"rendered":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/?post_type=project&#038;p=19982"},"modified":"2025-12-04T22:12:45","modified_gmt":"2025-12-04T20:12:45","slug":"dunsjende-dichtrigels-yn-it-wyld","status":"publish","type":"project","link":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-2025\/dunsjende-dichtrigels-yn-it-wyld\/","title":{"rendered":"D\u00fbnsjende dichtrigels yn it wyld"},"content":{"rendered":"\n<p class=\"wp-block-paragraph\">H\u00fbndert dagen lang liter\u00eare ljochtpuntsjes \u00fbntdekke. Mei it projekt Lyts gelok ferrast Ljouwert City of Literature dy mei bys\u00fbndere teksten op \u00fbnferwachte plakken. Under Arcadia, fan 17 maaie o\/m 24 augustus, d\u00fbke r\u00fbnom yn Frysl\u00e2n koarte fragminten op \u2018yn it wyld\u2019 en wurde hjir en d\u00ear folsleine ferhalen publisearre. Ek fierderop yn dizze LETTER is in Lyts gelok-publikaasje te finen &#8211; de 49ste alwer. Tiid foar in weromblik, en: wat stiet \u00fas noch te wachtsjen?<\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\"><em>Tekst: Tryntsje van der Steege | Foto: Piet Douma<\/em><\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">As der ien is dy\u2019t ferst\u00e2n hat fan lyts gelok, dan is it wol e Lytse Prins. Yn it wr\u00e2ldferneamde boek dat Antoine de Saint-Exup\u00e9ry yn 1943 oer him skreau, is in piloat delstoart yn de Sahara. D\u00ear moetet er ta syn ferrassing in b\u00fbtenierdske lytse prins, dy\u2019t de piloat alderlei ferhalen fertel oer de planeet d\u00ear\u2019t er wei komt en oer de bewenners fan oare planeten dy\u2019t er \u00fbnderweis tsjinkommen is.<br>It w\u00fbnderlike boek De lytse prins sprekt ek no noch ta de ferbylding fan l\u00eazers fan alle leeftiden, krekt om\u2019t it in oade is oan ferbylding en ferw\u00fbndering.<\/p>\n\n\n\n<h4 class=\"wp-block-heading\">Oar perspektyf<\/h4>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">De lytse prins sjocht mei ferw\u00fbndering nei de frjemde gewoanten fan de minsken op Ierde en op in stikmannich lytsere planeetsjes. Mei syn frisse observaasjes biedt er in oar perspektyf op w\u00ear\u2019t wy mei dwaande binne, hoe\u2019t wy mei-inoar omgean, w\u00ear\u2019t wy ynfloed op hawwe &#8211; en w\u00earop net. Lyts as er is, kin de prins \u00fas grutte wiisheden leare. Hy lit sjen dat wat wichtich is yn it libben soms mear tiid en muoite kostet, mar dat it dy altyd wat moais opsmyt, ast it mar sjen wolst. Foar de lytse prins binne dit nammers hielendal gjin grutte wiisheden, mar lytse fanselssprekkendheden yn in libben dat draait om soarch drage foar watst leafhast. En wat de lytse prins leafhat is syn blom, de aldermoaiste en iennichste roas op syn eigen lytse planeet. Sy is bys\u00fbnder en belangryk foar him omdat er foar har soarge hat en geniete hat fan har rook en har uterlik en har oanw\u00eazigens &#8211; in oanw\u00eazigens dy\u2019t, sels as hy fier fan h\u00fbs is, syn blik op de stjerren ekstra gl\u00e2ns jout, gewoan om\u2019t er wit dat sy der ergens is.<\/p>\n\n\n\n<h4 class=\"wp-block-heading\">Ferw\u00fbndering<\/h4>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">Yn tiden fan grut leed yn \u2019e wr\u00e2ld kin it dreech w\u00eaze om it lytse gelok sjen te bliuwen dat gl\u00e2ns jout oan de dingen. As der safolle is om mismoedich en fertrietlik fan te wurden, is it bys\u00fbnder ast ynienen rekke wurdst troch wat lyts; in dierber foarwerp, in fertroud luchtsje of l\u00fbd, de skittering fan it ljocht.<br>W\u00ear fynst dy ferw\u00fbndering, dy lytse mominten fan gelok? Wat jout h\u00e2ldf\u00east, wat binne de dingen d\u00ear\u2019t dyn b\u00fak fan begjint te kribeljen, op hokker mominten krijst triennen yn \u2019e eagen, of in glim om dyn gesicht ast deroan werom tinkst? Kinst it lytse gelok eins wol f\u00eastpakke of ferfljocht it as in gefoel dat dy oerfalt? Hokker gelok fertsjinnet in grutter ferhaal, of in pear moaie wurden?<br>Dy l\u00easte fraach stelden wy oan h\u00fbndert skriuwers \u00fat Frysl\u00e2n, Nederl\u00e2n en de rest fan de wr\u00e2ld. Mei-inoar skreaune sy h\u00fbndert teksten, gedichten, ferhalen, strips en essays d\u00ear\u2019t se yn diele wat har rekket. En sels dat smiet foar guon fan har al lyts gelok op.<br>Paulina Flores \u2013 op dei 3 te sjn op n\u00fbmerplaatstikkers \u2013 liet witte dat se meastentiids mei tragyske of sels synyske tema\u2019s wurket. Mar \u00fas \u00fatn\u00fbging brocht har derta \u2018om optimistysker en hoopfoller te tinken, en dat wie in ferfrissende feroaring\u2019. Ek Benny Lindelauf \u2013 op 15 augustus, dei 91, ergens yn Frysl\u00e2n te \u00fbntdekken \u2013 frege him foar syn gedicht \u00f4f \u2018wannear\u2019t ik sels in momint optild wurd \u00fat it deistige, as troch in weach yn in kalme see: even litte dyn fuotten los fan de boaiem, even sweefst, dan wurdst wer foarsichtich weromset\u2019.<\/p>\n\n\n\n<h4 class=\"wp-block-heading\">Goed oplette<\/h4>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">Elk fan dizze h\u00fbndert teksten wurdt hieltyd op in oare, ferrassende manier \u2018publisearre\u2019, op ferskillende plakken yn de provinsje en yn gearwurking mei \u00fatinoar rinnende keunstners en organisaasjes. Sadwaande kinne de Lyts gelok-teksten sels ek foar ferw\u00fbndering soargje ast tafallich ynienen ergens in moai fragmint tsjinkomst. Sa wie der yn de earste 48 dagen fan it projekt al in tekst fan Koen Schouwenburg te sjen op in sportshirt by de Swit en Sit-run yn Itens, en fan de Fr\u00e2nske skriuwster Muriel Barbery op in fyts by de Fytsalvest\u00eadetocht. Der waarden stikkers, taskes, pinnen en museumkaartsjes \u00fatdield mei sitaten fan \u00fbnder oaren Carolina Trujillo en Lola Faber. It hiele doarp Lytsewierrum krige h\u00e2nskreaune post mei in fragmint \u00fat it ferhaal fan Revka Bijl, en op it str\u00e2n fan Warkum lieten de Typesetters in dichtrigel fan Marjoleine de Vos d\u00fbnsje. En hast al earne ien fan de 35 makeldersbuorden sjoen mei in oprop fan \u00fas eardere residinsjeskriuwer Pia Prezelj?<\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">Krekt as by Utsteld gelok, it Arcadia-projekt fan CoL yn 2022, binne alle teksten fan Lyts gelok yn it gehiel werom te l\u00eazen op de website kleingeluk.frl. Hjir binne ek foto\u2019s te sjen fan alle ferskiningsfoarmen, want krekt as mei \u2018echt\u2019 lyts gelok binne guon teksten samar wer ferdw\u00fbn. Soms is it al gen\u00f4ch om te witten dat it bestiet, krekt sa\u2019t de lytse prins gen\u00f4ch hat oan de gedachte oan syn roas: \u2018De stjerren binne moai, en dat komt troch in blom dy\u2019tst net sjochst \u2026\u2019<\/p>\n\n\n\n<p class=\"has-very-light-gray-to-cyan-bluish-gray-gradient-background has-background wp-block-paragraph\"><strong>Feiten oer Lyts gelok-skriuwers:<\/strong><br>&#8211; 54 froulju en 46 manlju skreaune in tekst.<br>&#8211; De jongste is berne yn 2012, de \u00e2ldste yn 1947.<br>&#8211; Der komme 40 skriuwers \u00fat Frysl\u00e2n, 33 \u00fat de rest fan Nederl\u00e2n, 9 \u00fat Flaanderen, 12 \u00fat kollega-Cities of Literature en 6 \u00fat oare lannen.<br>&#8211; Der is skreaun yn 15 ferskillende talen. Neist Neder\u00e2nsk en Frysk \u00fbnder mear Katalaansk, Ysl\u00e2nsk, Koreaansk, Litousk, Sloveens en Nederl\u00e2nske Gebeartetaal.<br>&#8211; Der wurken 11 liter\u00eare oersetters mei, d\u00ear\u00fbnder dizze.<\/p>\n\n\n\n<!--more-->\n\n\n\n<div id=\"narrow-column-1764758271581-143\" class=\"wp-block-custom-narrow-column narrow-column offset-space-16\"><\/div>\n","protected":false},"excerpt":{"rendered":"<p>H\u00fbndert dagen lang liter\u00eare ljochtpuntsjes \u00fbntdekke. Mei it projekt Lyts gelok ferrast Ljouwert City of Literature dy mei bys\u00fbndere teksten op \u00fbnferwachte plakken. Under Arcadia, fan 17 maaie o\/m 24 augustus, d\u00fbke r\u00fbnom yn Frysl\u00e2n koarte fragminten op \u2018yn it wyld\u2019 en wurde hjir en d\u00ear folsleine ferhalen publisearre. Ek fierderop yn dizze LETTER is [&hellip;]<\/p>\n","protected":false},"featured_media":19716,"parent":19928,"menu_order":59,"template":"","project_type":[],"class_list":["post-19982","project","type-project","status-publish","has-post-thumbnail","hentry"],"acf":[],"yoast_head":"<!-- This site is optimized with the Yoast SEO plugin v27.9 - https:\/\/yoast.com\/product\/yoast-seo-wordpress\/ -->\n<title>D\u00fbnsjende dichtrigels yn it wyld - Leeuwarden City of Literature<\/title>\n<meta name=\"description\" content=\"Op 4 juli &#039;25 kwam de 6e editie van magazine LETTER uit. Met hierin o.a. interviews met Philip Huff en Anna Lillioja. Ook online te lezen!\" \/>\n<meta name=\"robots\" content=\"index, follow, max-snippet:-1, max-image-preview:large, max-video-preview:-1\" \/>\n<link rel=\"canonical\" href=\"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-2025\/dunsjende-dichtrigels-yn-it-wyld\/\" \/>\n<meta property=\"og:locale\" content=\"nl_NL\" \/>\n<meta property=\"og:type\" content=\"article\" \/>\n<meta property=\"og:title\" content=\"D\u00fbnsjende dichtrigels yn it wyld - Leeuwarden City of Literature\" \/>\n<meta property=\"og:description\" content=\"Op 4 juli &#039;25 kwam de 6e editie van magazine LETTER uit. Met hierin o.a. interviews met Philip Huff en Anna Lillioja. Ook online te lezen!\" \/>\n<meta property=\"og:url\" content=\"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-2025\/dunsjende-dichtrigels-yn-it-wyld\/\" \/>\n<meta property=\"og:site_name\" content=\"Leeuwarden City of Literature\" \/>\n<meta property=\"article:modified_time\" content=\"2025-12-04T20:12:45+00:00\" \/>\n<meta property=\"og:image\" content=\"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2025\/06\/Klein-geluk-Pean-1-Zeil-boot-07-juni-2025-\u00a9PDF-Grafie-08115.LR-08128-scaled.jpg\" \/>\n\t<meta property=\"og:image:width\" content=\"2560\" \/>\n\t<meta property=\"og:image:height\" content=\"1709\" \/>\n\t<meta property=\"og:image:type\" content=\"image\/jpeg\" \/>\n<meta name=\"twitter:card\" content=\"summary_large_image\" \/>\n<meta name=\"twitter:label1\" content=\"Est. reading time\" \/>\n\t<meta name=\"twitter:data1\" content=\"5 minutes\" \/>\n<script type=\"application\/ld+json\" class=\"yoast-schema-graph\">{\"@context\":\"https:\\\/\\\/schema.org\",\"@graph\":[{\"@type\":\"WebPage\",\"@id\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/project\\\/magazine-letter-2025\\\/dunsjende-dichtrigels-yn-it-wyld\\\/\",\"url\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/project\\\/magazine-letter-2025\\\/dunsjende-dichtrigels-yn-it-wyld\\\/\",\"name\":\"D\u00fbnsjende dichtrigels yn it wyld - Leeuwarden City of Literature\",\"isPartOf\":{\"@id\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/#website\"},\"primaryImageOfPage\":{\"@id\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/project\\\/magazine-letter-2025\\\/dunsjende-dichtrigels-yn-it-wyld\\\/#primaryimage\"},\"image\":{\"@id\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/project\\\/magazine-letter-2025\\\/dunsjende-dichtrigels-yn-it-wyld\\\/#primaryimage\"},\"thumbnailUrl\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/wp-content\\\/uploads\\\/2025\\\/06\\\/Klein-geluk-Pean-1-Zeil-boot-07-juni-2025-\u00a9PDF-Grafie-08115.LR-08128-scaled.jpg\",\"datePublished\":\"2025-07-04T04:31:00+00:00\",\"dateModified\":\"2025-12-04T20:12:45+00:00\",\"description\":\"Op 4 juli '25 kwam de 6e editie van magazine LETTER uit. Met hierin o.a. interviews met Philip Huff en Anna Lillioja. Ook online te lezen!\",\"breadcrumb\":{\"@id\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/project\\\/magazine-letter-2025\\\/dunsjende-dichtrigels-yn-it-wyld\\\/#breadcrumb\"},\"inLanguage\":\"nl-FY\",\"potentialAction\":[{\"@type\":\"ReadAction\",\"target\":[\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/project\\\/magazine-letter-2025\\\/dunsjende-dichtrigels-yn-it-wyld\\\/\"]}]},{\"@type\":\"ImageObject\",\"inLanguage\":\"nl-FY\",\"@id\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/project\\\/magazine-letter-2025\\\/dunsjende-dichtrigels-yn-it-wyld\\\/#primaryimage\",\"url\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/wp-content\\\/uploads\\\/2025\\\/06\\\/Klein-geluk-Pean-1-Zeil-boot-07-juni-2025-\u00a9PDF-Grafie-08115.LR-08128-scaled.jpg\",\"contentUrl\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/wp-content\\\/uploads\\\/2025\\\/06\\\/Klein-geluk-Pean-1-Zeil-boot-07-juni-2025-\u00a9PDF-Grafie-08115.LR-08128-scaled.jpg\",\"width\":2560,\"height\":1709,\"caption\":\"Sony\"},{\"@type\":\"BreadcrumbList\",\"@id\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/project\\\/magazine-letter-2025\\\/dunsjende-dichtrigels-yn-it-wyld\\\/#breadcrumb\",\"itemListElement\":[{\"@type\":\"ListItem\",\"position\":1,\"name\":\"Home\",\"item\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/\"},{\"@type\":\"ListItem\",\"position\":2,\"name\":\"Projecten\",\"item\":\"https:\\\/\\\/www.leeuwardencityofliterature.nl\\\/project\\\/\"},{\"@type\":\"ListItem\",\"position\":3,\"name\":\"Magazine LETTER 2025\",\"item\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/project\\\/magazine-letter-2025\\\/\"},{\"@type\":\"ListItem\",\"position\":4,\"name\":\"D\u00fbnsjende dichtrigels yn it wyld\"}]},{\"@type\":\"WebSite\",\"@id\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/#website\",\"url\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/\",\"name\":\"Leeuwarden City of Literature\",\"description\":\"\",\"potentialAction\":[{\"@type\":\"SearchAction\",\"target\":{\"@type\":\"EntryPoint\",\"urlTemplate\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/?s={search_term_string}\"},\"query-input\":{\"@type\":\"PropertyValueSpecification\",\"valueRequired\":true,\"valueName\":\"search_term_string\"}}],\"inLanguage\":\"nl-FY\"}]}<\/script>\n<!-- \/ Yoast SEO plugin. -->","yoast_head_json":{"title":"D\u00fbnsjende dichtrigels yn it wyld - Leeuwarden City of Literature","description":"Op 4 juli '25 kwam de 6e editie van magazine LETTER uit. Met hierin o.a. interviews met Philip Huff en Anna Lillioja. Ook online te lezen!","robots":{"index":"index","follow":"follow","max-snippet":"max-snippet:-1","max-image-preview":"max-image-preview:large","max-video-preview":"max-video-preview:-1"},"canonical":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-2025\/dunsjende-dichtrigels-yn-it-wyld\/","og_locale":"nl_NL","og_type":"article","og_title":"D\u00fbnsjende dichtrigels yn it wyld - Leeuwarden City of Literature","og_description":"Op 4 juli '25 kwam de 6e editie van magazine LETTER uit. Met hierin o.a. interviews met Philip Huff en Anna Lillioja. Ook online te lezen!","og_url":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-2025\/dunsjende-dichtrigels-yn-it-wyld\/","og_site_name":"Leeuwarden City of Literature","article_modified_time":"2025-12-04T20:12:45+00:00","og_image":[{"width":2560,"height":1709,"url":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2025\/06\/Klein-geluk-Pean-1-Zeil-boot-07-juni-2025-\u00a9PDF-Grafie-08115.LR-08128-scaled.jpg","type":"image\/jpeg"}],"twitter_card":"summary_large_image","twitter_misc":{"Est. reading time":"5 minutes"},"schema":{"@context":"https:\/\/schema.org","@graph":[{"@type":"WebPage","@id":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-2025\/dunsjende-dichtrigels-yn-it-wyld\/","url":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-2025\/dunsjende-dichtrigels-yn-it-wyld\/","name":"D\u00fbnsjende dichtrigels yn it wyld - Leeuwarden City of Literature","isPartOf":{"@id":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/#website"},"primaryImageOfPage":{"@id":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-2025\/dunsjende-dichtrigels-yn-it-wyld\/#primaryimage"},"image":{"@id":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-2025\/dunsjende-dichtrigels-yn-it-wyld\/#primaryimage"},"thumbnailUrl":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2025\/06\/Klein-geluk-Pean-1-Zeil-boot-07-juni-2025-\u00a9PDF-Grafie-08115.LR-08128-scaled.jpg","datePublished":"2025-07-04T04:31:00+00:00","dateModified":"2025-12-04T20:12:45+00:00","description":"Op 4 juli '25 kwam de 6e editie van magazine LETTER uit. Met hierin o.a. interviews met Philip Huff en Anna Lillioja. Ook online te lezen!","breadcrumb":{"@id":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-2025\/dunsjende-dichtrigels-yn-it-wyld\/#breadcrumb"},"inLanguage":"nl-FY","potentialAction":[{"@type":"ReadAction","target":["https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-2025\/dunsjende-dichtrigels-yn-it-wyld\/"]}]},{"@type":"ImageObject","inLanguage":"nl-FY","@id":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-2025\/dunsjende-dichtrigels-yn-it-wyld\/#primaryimage","url":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2025\/06\/Klein-geluk-Pean-1-Zeil-boot-07-juni-2025-\u00a9PDF-Grafie-08115.LR-08128-scaled.jpg","contentUrl":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2025\/06\/Klein-geluk-Pean-1-Zeil-boot-07-juni-2025-\u00a9PDF-Grafie-08115.LR-08128-scaled.jpg","width":2560,"height":1709,"caption":"Sony"},{"@type":"BreadcrumbList","@id":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-2025\/dunsjende-dichtrigels-yn-it-wyld\/#breadcrumb","itemListElement":[{"@type":"ListItem","position":1,"name":"Home","item":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/"},{"@type":"ListItem","position":2,"name":"Projecten","item":"https:\/\/www.leeuwardencityofliterature.nl\/project\/"},{"@type":"ListItem","position":3,"name":"Magazine LETTER 2025","item":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-2025\/"},{"@type":"ListItem","position":4,"name":"D\u00fbnsjende dichtrigels yn it wyld"}]},{"@type":"WebSite","@id":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/#website","url":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/","name":"Leeuwarden City of Literature","description":"","potentialAction":[{"@type":"SearchAction","target":{"@type":"EntryPoint","urlTemplate":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/?s={search_term_string}"},"query-input":{"@type":"PropertyValueSpecification","valueRequired":true,"valueName":"search_term_string"}}],"inLanguage":"nl-FY"}]}},"_links":{"self":[{"href":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/project\/19982","targetHints":{"allow":["GET"]}}],"collection":[{"href":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/project"}],"about":[{"href":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/types\/project"}],"version-history":[{"count":0,"href":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/project\/19982\/revisions"}],"up":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/project\/19928"}],"wp:featuredmedia":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/media\/19716"}],"wp:attachment":[{"href":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/media?parent=19982"}],"wp:term":[{"taxonomy":"project_type","embeddable":true,"href":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/project_type?post=19982"}],"curies":[{"name":"wp","href":"https:\/\/api.w.org\/{rel}","templated":true}]}}