{"id":15534,"date":"2024-07-11T20:55:48","date_gmt":"2024-07-11T18:55:48","guid":{"rendered":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/?post_type=project&#038;p=15534"},"modified":"2025-12-04T22:19:42","modified_gmt":"2025-12-04T20:19:42","slug":"briefwiksel-arjan-marrit-oftraap","status":"publish","type":"project","link":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-2024\/briefwiksel-arjan-marrit-oftraap\/","title":{"rendered":"Briefwiksel Arjan-Marrit (\u00f4ftraap)"},"content":{"rendered":"\n<blockquote class=\"wp-block-quote has-very-light-gray-to-cyan-bluish-gray-gradient-background has-background is-layout-flow wp-block-quote-is-layout-flow\">\n<p class=\"wp-block-paragraph\">Arjan Hut is s\u00fbnt novimber 2023 Dichter fan Frysl\u00e2n, Marrit Jellema s\u00fbnt jannewaris 2024 Stadsdichter fan Ljouwert. De kommende moannen korrespondearje se mei-inoar. Dit is it begjin fan harren briefwiksel oer harren belibbenissen.<\/p>\n<\/blockquote>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">Leave Marrit,<\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">Wat in nuvere wike. Tiisdei ha ik middeis it kolleezje foar de Skriuwersfakskoalle taret. It tema: ritmysk skriuwen, mei as foarbyld in gedicht fan Hindirk Hannema. In oerke letter mailde ien dat Hindirk dea is. Hy wie noch mar 33 jier. Ik woe it net leauwe, tocht oan in nije, rare stunt fan \u00fas leave kollega-dichter. D\u00ear soe ik minder fan opsjen. Woansdeis de hiele dei mei berneboeke-ambassadeur Tialda Hoogeveen workshopt op in basisskoalle yn De Gerdyk. Yn it middeisskoft kuieren we troch it doarp. De wyn helle oan, it stie op reinen. J\u00fbns yn Ljouwert nei in spontaan organisearre byienkomst west, yn de Kleine Bagijn. Stilte en triennen en fragen. Wannear hie ik him foar it l\u00east sjoen?<br>Mei KUO yn de auto rieden we freed nei de begraffenistsjinst yn Bakhuzen. Iten en drinken mei, strakblauwe loft, it like as gongen we in dei nei it str\u00e2n. De Sint Odulfustsjerke siet hielendal fol. In see fan wylde blommen by it alter. Nei de tsjinst sloech it waar om, de himel kearde him binnenstb\u00fbten. Sigrid Kingma hie in stipkesparaplu. Guon stieken \u00fbnder de beammen in sigaret op. En doe wist ik wannear\u2019t ik Hindirk foar it l\u00east seach. It wie yn de Westertsjerke, op 30 jannewaris. De j\u00fbn dat\u2019sto beneamd waardst ta nije stedsdichter fan Ljouwert. Apart no? Gabrielle Terpstra en ik presintearren, ien r\u00f4p wat \u00fat it publyk. It wie Hindirk. Ik reagearre heal. Wat hy sei, wat ik sei, dat wit ik net mear, behalve dat it \u2013 excusez le mot \u2013 deasloech. Nei de seremoanje ha ik net mear mei him praat, miskien eachkontakt, in knikje, dy glimk fan him, wa wit. Hy woe de l\u00easte tiid gjinien mear sjen. Syn bondel leit op tafel njonken my, ik doar him net op te romjen. Ik hoopje, Marrit, de oare kear in happy brief. Yn alle gefallen, wat der ek bart, lit \u00fas kontakt h\u00e2lde.<\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">Mei waarme groet,<br>Arjan<\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\"><\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">Hoi leave Arjan,<\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">In hiel nuvere wike. Sa\u2019n wike d\u00ear\u2019tst fan witst dat dy bestien hat, mar net mear krekt hoe. Ik koe earst ek allinnich mar tinke dat it net echt wie. Dat it net koe, dat it net mocht, dat it yndied earder \u2018in stunt\u2019 w\u00eaze moast as dat it wier wie. Spitigern\u00f4ch wie it wier. Bys\u00fbnder datst krekt dy wike in gedicht fan Hindirk behannelje soest. Dat hie er tink ik prachtich f\u00fbn. Krektlyk as dat de tsjerke hielendal fuld wie mei minsken. Hy waard miskien net altyd begrepen, mar wol snapt. Hoe dan ek, it bliuwt geweldich tragysk en fertrietlik. Ik wit it noch, fan dy j\u00fbn op 30 jannewaris, mar ek gjin details mear. By my is it faak dat ik my alle oare kearen wol yn it sin bringe kin, mar net de l\u00easte kear. En dat is krekt de belangrykste. Hasto dat ek? Ik doch krekt oft ik it wol wit, fan dy j\u00fbn. En dan doch ik as ha ik mei him praat sa\u2019t wy altyd praten. Koart, mar mei oprjochte ynteresse en altyd in grapke en in glim. Soms hast dat nedich, dwaan as of.<br>It fielt ek nuver om no foar\u00fat te blikken. Eins soene wy yn dizze brief fertelle oer wat wy allegear by de ein ha as stedsdichter fan Ljouwert en do as dichter fan Frysl\u00e2n. Der bart safolle. In hiel soad moaie dingen wat wurk oanbelanget en ek projekten dy\u2019t wy tegearre dwaan sille en al dogge. Gelokkich kinne wy d\u00ear noch net it measte oer sizze, dan hoech ik der no ek net ferplicht oer \u00fat te weidzjen wylst wy mei wat hiel oars dwaande binne. Mei wat dat grutter is as alles.<br>Yn de folgjende brief, oer in moanne, kinne wy grif mear fertelle. Ik wol de minsken allinnich witte litte dat der in soad moais oankomt. Dat se noch efkes geduld hawwe moatte, mar dat ik hiel hurd dwaande bin sadat se nei de simmer hooplik r\u00fbnom po\u00ebzy sjen sille. Der moat libben tsjinoer dizze brief stean. Gelokkich ha wy noch wurden.<\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">Ik soe de bondel foarearst lizze litte. Miskien helpt it dy.<\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">Leafs en oant gau,<br>Marrit<\/p>\n\n\n\n<figure class=\"wp-block-gallery has-nested-images columns-default is-cropped wp-block-gallery-1 is-layout-flex wp-block-gallery-is-layout-flex\">\n<figure class=\"wp-block-image size-large is-style-default\"><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" width=\"1920\" height=\"1280\" data-id=\"15527\" src=\"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2024\/07\/Arjan-Hut-foto-Reyer-Boxem-RBF08687-1920x1280.jpg\" alt=\"\" class=\"wp-image-15527\" srcset=\"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2024\/07\/Arjan-Hut-foto-Reyer-Boxem-RBF08687-1920x1280.jpg 1920w, https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2024\/07\/Arjan-Hut-foto-Reyer-Boxem-RBF08687-1200x800.jpg 1200w, https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2024\/07\/Arjan-Hut-foto-Reyer-Boxem-RBF08687-600x400.jpg 600w, https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2024\/07\/Arjan-Hut-foto-Reyer-Boxem-RBF08687-768x512.jpg 768w, https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2024\/07\/Arjan-Hut-foto-Reyer-Boxem-RBF08687-1536x1024.jpg 1536w, https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2024\/07\/Arjan-Hut-foto-Reyer-Boxem-RBF08687-2048x1365.jpg 2048w\" sizes=\"auto, (max-width: 1920px) 100vw, 1920px\" \/><figcaption class=\"wp-element-caption\">Foto: Reyer Boxem<\/figcaption><\/figure>\n\n\n\n<figure class=\"wp-block-image size-large is-style-default\"><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" width=\"1499\" height=\"1000\" data-id=\"15530\" src=\"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2024\/07\/MarritJellemaDSCF3659_\u00a9AnneliesVisser_web.jpg\" alt=\"\" class=\"wp-image-15530\" srcset=\"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2024\/07\/MarritJellemaDSCF3659_\u00a9AnneliesVisser_web.jpg 1499w, https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2024\/07\/MarritJellemaDSCF3659_\u00a9AnneliesVisser_web-1200x801.jpg 1200w, https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2024\/07\/MarritJellemaDSCF3659_\u00a9AnneliesVisser_web-600x400.jpg 600w, https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2024\/07\/MarritJellemaDSCF3659_\u00a9AnneliesVisser_web-768x512.jpg 768w\" sizes=\"auto, (max-width: 1499px) 100vw, 1499px\" \/><figcaption class=\"wp-element-caption\">Foto: Annelies Visser<\/figcaption><\/figure>\n<\/figure>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\"><\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\"><em>Foto boppe-oan: Flavio Amiel \/ Unsplash<\/em><\/p>\n\n\n\n<!--more-->\n\n\n\n<div id=\"narrow-column-1764758271581-143\" class=\"wp-block-custom-narrow-column narrow-column offset-space-16\"><\/div>\n","protected":false},"excerpt":{"rendered":"<p>Arjan Hut is s\u00fbnt novimber 2023 Dichter fan Frysl\u00e2n, Marrit Jellema s\u00fbnt jannewaris 2024 Stadsdichter fan Ljouwert. De kommende moannen korrespondearje se mei-inoar. Dit is it begjin fan harren briefwiksel oer harren belibbenissen. Leave Marrit, Wat in nuvere wike. Tiisdei ha ik middeis it kolleezje foar de Skriuwersfakskoalle taret. It tema: ritmysk skriuwen, mei as [&hellip;]<\/p>\n","protected":false},"featured_media":15531,"parent":15300,"menu_order":147,"template":"","project_type":[],"class_list":["post-15534","project","type-project","status-publish","has-post-thumbnail","hentry"],"acf":[],"yoast_head":"<!-- This site is optimized with the Yoast SEO plugin v28.5 - https:\/\/yoast.com\/product\/yoast-seo-wordpress\/ -->\n<title>Briefwiksel Arjan-Marrit (\u00f4ftraap) - Leeuwarden City of Literature<\/title>\n<meta name=\"robots\" content=\"index, follow, max-snippet:-1, max-image-preview:large, max-video-preview:-1\" \/>\n<link rel=\"canonical\" href=\"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-2024\/briefwiksel-arjan-marrit-oftraap\/\" \/>\n<meta property=\"og:locale\" content=\"nl_NL\" \/>\n<meta property=\"og:type\" content=\"article\" \/>\n<meta property=\"og:title\" content=\"Briefwiksel Arjan-Marrit (\u00f4ftraap) - Leeuwarden City of Literature\" \/>\n<meta property=\"og:description\" content=\"Arjan Hut is s\u00fbnt novimber 2023 Dichter fan Frysl\u00e2n, Marrit Jellema s\u00fbnt jannewaris 2024 Stadsdichter fan Ljouwert. De kommende moannen korrespondearje se mei-inoar. Dit is it begjin fan harren briefwiksel oer harren belibbenissen. Leave Marrit, Wat in nuvere wike. Tiisdei ha ik middeis it kolleezje foar de Skriuwersfakskoalle taret. It tema: ritmysk skriuwen, mei as [&hellip;]\" \/>\n<meta property=\"og:url\" content=\"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-2024\/briefwiksel-arjan-marrit-oftraap\/\" \/>\n<meta property=\"og:site_name\" content=\"Leeuwarden City of Literature\" \/>\n<meta property=\"article:modified_time\" content=\"2025-12-04T20:19:42+00:00\" \/>\n<meta property=\"og:image\" content=\"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2024\/07\/flavio-amiel-kg11HbuQ5nU-unsplash-scaled.jpg\" \/>\n\t<meta property=\"og:image:width\" content=\"2560\" \/>\n\t<meta property=\"og:image:height\" content=\"1707\" \/>\n\t<meta property=\"og:image:type\" content=\"image\/jpeg\" \/>\n<meta name=\"twitter:card\" content=\"summary_large_image\" \/>\n<meta name=\"twitter:label1\" content=\"Est. reading time\" \/>\n\t<meta name=\"twitter:data1\" content=\"5 minutes\" \/>\n<script type=\"application\/ld+json\" class=\"yoast-schema-graph\">{\"@context\":\"https:\\\/\\\/schema.org\",\"@graph\":[{\"@type\":\"WebPage\",\"@id\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/project\\\/magazine-letter-2024\\\/briefwiksel-arjan-marrit-oftraap\\\/\",\"url\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/project\\\/magazine-letter-2024\\\/briefwiksel-arjan-marrit-oftraap\\\/\",\"name\":\"Briefwiksel Arjan-Marrit (\u00f4ftraap) - Leeuwarden City of Literature\",\"isPartOf\":{\"@id\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/#website\"},\"primaryImageOfPage\":{\"@id\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/project\\\/magazine-letter-2024\\\/briefwiksel-arjan-marrit-oftraap\\\/#primaryimage\"},\"image\":{\"@id\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/project\\\/magazine-letter-2024\\\/briefwiksel-arjan-marrit-oftraap\\\/#primaryimage\"},\"thumbnailUrl\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/wp-content\\\/uploads\\\/2024\\\/07\\\/flavio-amiel-kg11HbuQ5nU-unsplash-scaled.jpg\",\"datePublished\":\"2024-07-11T18:55:48+00:00\",\"dateModified\":\"2025-12-04T20:19:42+00:00\",\"breadcrumb\":{\"@id\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/project\\\/magazine-letter-2024\\\/briefwiksel-arjan-marrit-oftraap\\\/#breadcrumb\"},\"inLanguage\":\"nl-FY\",\"potentialAction\":[{\"@type\":\"ReadAction\",\"target\":[\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/project\\\/magazine-letter-2024\\\/briefwiksel-arjan-marrit-oftraap\\\/\"]}]},{\"@type\":\"ImageObject\",\"inLanguage\":\"nl-FY\",\"@id\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/project\\\/magazine-letter-2024\\\/briefwiksel-arjan-marrit-oftraap\\\/#primaryimage\",\"url\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/wp-content\\\/uploads\\\/2024\\\/07\\\/flavio-amiel-kg11HbuQ5nU-unsplash-scaled.jpg\",\"contentUrl\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/wp-content\\\/uploads\\\/2024\\\/07\\\/flavio-amiel-kg11HbuQ5nU-unsplash-scaled.jpg\",\"width\":2560,\"height\":1707},{\"@type\":\"BreadcrumbList\",\"@id\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/project\\\/magazine-letter-2024\\\/briefwiksel-arjan-marrit-oftraap\\\/#breadcrumb\",\"itemListElement\":[{\"@type\":\"ListItem\",\"position\":1,\"name\":\"Home\",\"item\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/\"},{\"@type\":\"ListItem\",\"position\":2,\"name\":\"Projecten\",\"item\":\"https:\\\/\\\/www.leeuwardencityofliterature.nl\\\/project\\\/\"},{\"@type\":\"ListItem\",\"position\":3,\"name\":\"Magazine LETTER 2024\",\"item\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/project\\\/magazine-letter-2024\\\/\"},{\"@type\":\"ListItem\",\"position\":4,\"name\":\"Briefwiksel Arjan-Marrit (\u00f4ftraap)\"}]},{\"@type\":\"WebSite\",\"@id\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/#website\",\"url\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/\",\"name\":\"Leeuwarden City of Literature\",\"description\":\"\",\"potentialAction\":[{\"@type\":\"SearchAction\",\"target\":{\"@type\":\"EntryPoint\",\"urlTemplate\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/?s={search_term_string}\"},\"query-input\":{\"@type\":\"PropertyValueSpecification\",\"valueRequired\":true,\"valueName\":\"search_term_string\"}}],\"inLanguage\":\"nl-FY\"}]}<\/script>\n<!-- \/ Yoast SEO plugin. -->","yoast_head_json":{"title":"Briefwiksel Arjan-Marrit (\u00f4ftraap) - Leeuwarden City of Literature","robots":{"index":"index","follow":"follow","max-snippet":"max-snippet:-1","max-image-preview":"max-image-preview:large","max-video-preview":"max-video-preview:-1"},"canonical":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-2024\/briefwiksel-arjan-marrit-oftraap\/","og_locale":"nl_NL","og_type":"article","og_title":"Briefwiksel Arjan-Marrit (\u00f4ftraap) - Leeuwarden City of Literature","og_description":"Arjan Hut is s\u00fbnt novimber 2023 Dichter fan Frysl\u00e2n, Marrit Jellema s\u00fbnt jannewaris 2024 Stadsdichter fan Ljouwert. De kommende moannen korrespondearje se mei-inoar. Dit is it begjin fan harren briefwiksel oer harren belibbenissen. Leave Marrit, Wat in nuvere wike. Tiisdei ha ik middeis it kolleezje foar de Skriuwersfakskoalle taret. It tema: ritmysk skriuwen, mei as [&hellip;]","og_url":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-2024\/briefwiksel-arjan-marrit-oftraap\/","og_site_name":"Leeuwarden City of Literature","article_modified_time":"2025-12-04T20:19:42+00:00","og_image":[{"width":2560,"height":1707,"url":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2024\/07\/flavio-amiel-kg11HbuQ5nU-unsplash-scaled.jpg","type":"image\/jpeg"}],"twitter_card":"summary_large_image","twitter_misc":{"Est. reading time":"5 minutes"},"schema":{"@context":"https:\/\/schema.org","@graph":[{"@type":"WebPage","@id":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-2024\/briefwiksel-arjan-marrit-oftraap\/","url":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-2024\/briefwiksel-arjan-marrit-oftraap\/","name":"Briefwiksel Arjan-Marrit (\u00f4ftraap) - Leeuwarden City of Literature","isPartOf":{"@id":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/#website"},"primaryImageOfPage":{"@id":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-2024\/briefwiksel-arjan-marrit-oftraap\/#primaryimage"},"image":{"@id":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-2024\/briefwiksel-arjan-marrit-oftraap\/#primaryimage"},"thumbnailUrl":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2024\/07\/flavio-amiel-kg11HbuQ5nU-unsplash-scaled.jpg","datePublished":"2024-07-11T18:55:48+00:00","dateModified":"2025-12-04T20:19:42+00:00","breadcrumb":{"@id":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-2024\/briefwiksel-arjan-marrit-oftraap\/#breadcrumb"},"inLanguage":"nl-FY","potentialAction":[{"@type":"ReadAction","target":["https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-2024\/briefwiksel-arjan-marrit-oftraap\/"]}]},{"@type":"ImageObject","inLanguage":"nl-FY","@id":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-2024\/briefwiksel-arjan-marrit-oftraap\/#primaryimage","url":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2024\/07\/flavio-amiel-kg11HbuQ5nU-unsplash-scaled.jpg","contentUrl":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2024\/07\/flavio-amiel-kg11HbuQ5nU-unsplash-scaled.jpg","width":2560,"height":1707},{"@type":"BreadcrumbList","@id":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-2024\/briefwiksel-arjan-marrit-oftraap\/#breadcrumb","itemListElement":[{"@type":"ListItem","position":1,"name":"Home","item":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/"},{"@type":"ListItem","position":2,"name":"Projecten","item":"https:\/\/www.leeuwardencityofliterature.nl\/project\/"},{"@type":"ListItem","position":3,"name":"Magazine LETTER 2024","item":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-2024\/"},{"@type":"ListItem","position":4,"name":"Briefwiksel Arjan-Marrit (\u00f4ftraap)"}]},{"@type":"WebSite","@id":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/#website","url":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/","name":"Leeuwarden City of Literature","description":"","potentialAction":[{"@type":"SearchAction","target":{"@type":"EntryPoint","urlTemplate":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/?s={search_term_string}"},"query-input":{"@type":"PropertyValueSpecification","valueRequired":true,"valueName":"search_term_string"}}],"inLanguage":"nl-FY"}]}},"_links":{"self":[{"href":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/project\/15534","targetHints":{"allow":["GET"]}}],"collection":[{"href":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/project"}],"about":[{"href":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/types\/project"}],"version-history":[{"count":0,"href":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/project\/15534\/revisions"}],"up":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/project\/15300"}],"wp:attachment":[{"href":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/media?parent=15534"}],"wp:term":[{"taxonomy":"project_type","embeddable":true,"href":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/project_type?post=15534"}],"curies":[{"name":"wp","href":"https:\/\/api.w.org\/{rel}","templated":true}]}}