{"id":15487,"date":"2024-07-11T20:54:53","date_gmt":"2024-07-11T18:54:53","guid":{"rendered":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/?post_type=project&#038;p=15487"},"modified":"2025-12-04T22:18:42","modified_gmt":"2025-12-04T20:18:42","slug":"sipke-de-schiffart-skriuwt-sunder-rem","status":"publish","type":"project","link":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-2024\/sipke-de-schiffart-skriuwt-sunder-rem\/","title":{"rendered":"Sipke de Schiffart skriuwt s\u00fbnder rem"},"content":{"rendered":"\n<p class=\"wp-block-paragraph\">\u2018Yn myn nije, noch te ferskinen dichtbondel is de dea it tema. Sels bin ik ek net echt it sintsje yn \u2019e h\u00fbs; ik ha sombere perioaden yn myn libben h\u00e2n. Ast ea soks trochmakke hast, kinst dy der better yn ynlibje. Soest sizze kinne dat de dea in ekstreme foarm fan \u00fbngemak is. Oftakeling, sykte, \u00f4fskie, de dea fan oaren, dyn eigen dea. Miskien makket de dea it libben wol sa fassinearjend.\u2019<\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\"><em>Tekst: Tsjerk Bottema | Foto: Natalia Balanina<\/em><\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">As ik by Sipke de Schiffart op besite bin yn syn jierrentritichwenning yn de Blommebuert yn Ljouwert, dy\u2019t fol stiet mei boeken en d\u00ear\u2019t skilderijen fan syn h\u00e2n oan de muorre hingje, in portret fan dichter Pier Boorsma noch op \u2019e skildersezel, lizze neist him in tal edysjes fan <em>Viadukt<\/em>, de doarpskrante fan Longerhou en Skettens. \u2018Ik kom \u00fat in doarp, woe nei de grutte st\u00ead en gie nei Ljouwert. Resint ferhuze in freondinne fan my fan Ljouwert nei New York, in lytsere stap as fan Longerhou nei Ljouwert. Longerhou, d\u00ear\u2019t \u00fas pleats stie, is in dearinnend doarp mei amper fyftich ynwenners. No hingje ik hieltyd mear oer nei it ferline, nei it doarp. It kontakt mei de minsken d\u00ear fielt as famylje. Hjir bin ik in bytsje in eksoat; ik bliuw dochs in doarpsjonge.\u2019<\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">Doe\u2019t Martsje de Jong him yn desimber 2023 foar De Moanne ynterviewde, fertelde er hoe\u2019t er as jonkje boer wurde woe. Doe\u2019t er it ienkear wie, woe er it net mear: \u2018Heit en ik hiene in grut ferskil fan ynsjoch oer it buorkjen en doe\u2019t ik 26 wie ha we de pleats ferkocht.\u2019 Yn dat ynterview fertelt er dat er \u00fbnder de kij siet, wylst oaren it libben \u00fbntdutsen: \u2018As sy mei moai waar yn Makkum op it str\u00e2n leine, moast ik meane, skodzje en swylje, want it wie heawaar.\u2019<\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">Fan boer waard er skriuwer: \u2018Ast boer bist, moatst it fulltime w\u00eaze. Ik wie net h\u00fbndert prosint boer, haw tsien jier kij molken, mar tocht gauris, as ik dit de rest fan myn libben dwaan moat&#8230; Wylst ik oan it melken wie en op \u2019e trekker siet, betocht ik gedichtsjes.\u2019 It hat lang duorre foar\u2019t er himsels skriuwer doarde te neamen: \u2018Ik skreau fansels al, mar makke my dat in skriuwer? Doe\u2019t ik op \u2019e Skriuwersarke fan Rink van der Velde ferbleau (De Schiffart skreau d\u00ear it ferhaal \u201cLotte op De Feanhoop\u201d, TB), kamen der op in kear minsken fan it Fryske Gea del. Der wie wat mei de arke. Dy hiene it oer \u201cde skriuwer\u201d. D\u00ear bedoelden se my mei, realisearre ik my.\u2019<\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">Earst op syn 53ste debutearre De Schiffart lykwols, yn 2012, mei de ferhalebondel <em>Wat it is om bang te w\u00eazen<\/em>. D\u00earfoar hie er al in pear kear in Rely Jorritsmapriis w\u00fbn mei in ferhaal. Yn syn besprek fan De Schiffarts deb\u00fat yn De Moanne neamt Sjoerd Bottema de personaazjes fan De Schiffart \u201cminskeskou, ferknipt, frustrearre, selsynnommen, gefoelleas, s\u00fbnder gewisse en wraaksuchtich\u201d. Neffens Bottema sil \u201cde trochsneed l\u00eazer (..) net folle ferlet ha om him mei ien fan harren te identifisearjen (..). De haadfiguer slacht de h\u00e2n oan himsels, wurdt mishannele, mishannelet in oar of rommet dy \u00fat \u2019e wei, dat is wat der bart yn acht fan de tsien ferhalen (..).\u2019 It binne neffens Bottema lykwols krekt \u2018dy eigenaardichheden en it begrutlike of grouw\u00e9lige h\u00e2lden en dragen dat d\u00ear\u00fat fuortkomt\u2019 dy\u2019t de l\u00eazer dochs yn \u2019e besnijing h\u00e2lde. Hoe komt De Schiffart ta sokke personaazjes?<\/p>\n\n\n\n<h5 class=\"wp-block-heading\">Selskant<\/h5>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">\u2018Minsken d\u00ear\u2019t wat oan mankearret, dy\u2019t net trochsneed binne, net polityk-korrekt, fassinearje my. Ik h\u00e2ld fan de r\u00fbgere ferhalen. Eins skriuw ik ferhalen dy\u2019t ik sels graach l\u00eaze wol. Sels bin ik oars in brave figuer, dy\u2019t neat ferkeard docht. Ik wenje hjir wat, en j\u00fbns komt myn freondinne. Dan sitte wy tegearre op \u2019e bank en sjogge wy telefyzje. Ik haw in feilich, faaks wat saai libben. Ik bin net sa ferskriklik \u00fbndernimmend, gean net nei it b\u00fbtenl\u00e2n en sliep it leafst yn myn eigen b\u00ead. Myn personaazjes binne in kompensaasje foar myn eigen persoanlikheid. Ik fyn it nijsgjirriger om oer \u00f4fwikende types te skriuwen, minsken oan de selskant fan de maatskippij; dy binne mear eigen, mear apart. Ik libje my leaver yn in misdiediger en moardner yn, as om sa\u2019n ien fan \u00f4fst\u00e2n te beskriuwen. Dat is miskien myn styl, dat ik frij\u00fat skriuw, hiel oars as hoe\u2019t ik my yn it deistige libben h\u00e2ld en draach. Ik bin oars ek gjin nekrofyl, mar ik skriuw wol oer nekrofily.\u2019<\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">Nei syn deb\u00fat kamen by Utjouwerij Hispel fan Piter Boersma twa dichtbondels fan De Schiffart \u00fat (<em>Oan dy tinke<\/em> en <em>In running gag om te g\u00fblen<\/em>) en in livige roman (<em>Sjappy<\/em>). Yn syn l\u00easte boek, de ferhalebondel <em>Salang as it libben duorret<\/em> (Hispel, 2023), steane mar leafst 33 ferhalen. De measten d\u00earfan telle in side as fjouwer, fiif, oars as yn syn deb\u00fatbondel, w\u00earfan\u2019t net ien fan de tsien ferhalen koarter as tolve siden wie. Koartere ferhalen skriuwe giet De Schiffart goed \u00f4f; it docht suver wat tinken oan A.L. Snijders. Hat De Schiffart mei it koarte ferhaal syn definitive foarm f\u00fbn? \u2018Sa\u2019n roman is in enoarm wurk. Mei <em>Sjappy <\/em>ha ik in hiel skoft dwaande west. It is myn magnum opus; soks doch ik net samar wer. In ferhaal is folle oersichtliker. In gedicht is noch koarter. Hjirnei wol ik besykje om novelles te skriuwen. As dichter rymje ik net, myn gedichten binne anekdoatysk, parlando, myn proaza is krekt wat po\u00ebtysk. Utsein lingte en lay-out liket it op elkoar, allinne de foarm is oars. Miskien skriuw ik ea noch ris in essay, of in absurdistyske klucht. Dan gean ik sels yn it publyk sitten. Al is fansels net \u00fatsluten dat it publyk massaal fuortrint, lykas by <em>Gasten<\/em> fan Tryater barde (dat foarfal spilet ek in rol yn it ferhaal \u201cDe partner fan Tamara\u201d yn <em>Salang as it libben duorret<\/em>, TB). Ik fyn it moai om alle registers te bespyljen.\u2019<\/p>\n\n\n\n<h5 class=\"wp-block-heading\">Underkoarre<\/h5>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">Yn it ferhaal d\u00ear\u2019t De Schiffart yn 2022 in Rely Jorritsmapriis mei w\u00fbn \u2013 \u201cSkaakles\u201d \u2013 beskriuwt er hoe\u2019t syn haadpersoan him twongen fielt de skaakles fan syn skaakfreon Martin oer te nimmen, waans heit krekt ferstoarn is. Hy sjocht der \u00f4fgryslik tsjinoan, en is mei de skaakles sels sa senuweftich dat er it earst nei it plunderjen fan de bar fan it tsjerklik sintrum \u2013 hy s\u00fbpt him in stik yn \u2019e kraach troch earst in flesse bearenburch en d\u00earnei in flesse jenever oan \u2019e m\u00fble te setten \u2013 oandoart om \u00fatein te setten. Fan de weromstuit is no elke rem fuort, en wurdt er hieltyd oermoediger. Dat moat wol ferkeard gean, en dat giet it ek: \u2018(..) doe\u2019t ik de toer en de kening in pear kear ferpleatste, waard ik sa mislik as in kat. (..) wylst ik my omkearde, yn de draai, gutste de koarre my al ta de m\u00fble \u00fat. Ien fan de famkes krige d\u00eartroch in d\u00fbs fan spui oer har hinne. De earme stakker krige de folle laach.\u2019 De Schiffart beskriuwt hoe\u2019t it \u00fbnderkoarre famke d\u00earnei it famke \u00fbnderkoarret d\u00ear\u2019t se mei oan it skaken wie, hoe\u2019t de haadpersoan noch mear spuie moat en dat opheint yn in leech doaske, dat er d\u00earnei leget oer de holle fan in lilke mem.&nbsp;<\/p>\n\n\n\n<h5 class=\"wp-block-heading\">Fer\u00fbntr\u00eastend<\/h5>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">Jelle van der Meulen neamt De Schiffarts roman <em>Sjappy<\/em> yn syn besprek op frieseliteratuur.nl in \u2018verontrustende roman\u2019, lykas dy der neffens Van der Meulen yn Frysl\u00e2n net folle skreaun binne. Neffens Van der Meulen hinget soks foar in grut part gear mei de haadpersoan, mar ek mei de auteur sels, dy\u2019t fier giet yn de beskriuwing fan de fantasyen fan de haadpersoan. Tagelyk stelt er dat De Schiffart foar dy roman yn 2023 de Gysbert Japicxpriis krije moatten hie. De Schiffart mijt it \u00fbngemak, it skokkende en it absurde dus net bepaald yn syn boeken. W\u00earom kiest er foar dizze \u00fbnderwerpen en styl? \u2018Yn it echte libben sykje ik gemak op. Mar yn literatuer moat der wat barre, der moat striid w\u00eaze, \u00fbngemak, spanning en konflikt. As <em>Sjappy<\/em> it ferhaal fan in goed funksjonearjende boekh\u00e2lder west hie, hie it dochs minder nijsgjirrich west. Yn de wr\u00e2ldliteratuer draait it om apartelingen, om minsken dy\u2019t net neffens de wenstige paden rinne of tinke. De s\u00eanes dy\u2019t ik yn myn ferhalen beskriuw, meie betiden absurd w\u00eaze, mar it is wol mooglik. It echte libben is betiden noch absurder. Juster sprong der noch immen yn \u2019e motor fan in fleant\u00fach!\u2019 Hy ferfolget: \u2018Ast goed skriuwe wolst, moatst gjin rem hawwe. Moatst net tinke: nimme minsken it my kwea \u00f4f dat ik dit skriuw? Kwets ik har? Is it \u201caanstootgevend\u201d? Nee, moatst <em>all the way<\/em> gean! Dy net beheine litte troch preutskens. Salonf\u00e4hig w\u00eaze, of polityk-korrekt, dat moat faaks yn de sjoernalistyk, mar de literatuer is in frijplak. Personaazjes meist alles sizze, tinke of dwaan litte. Dat is it moaie derfan.\u2019 Laitsjend: \u2018As jo hjoed-de-dei noch moralistysk skriuwe, is it gjin literatuer, mar lektuer.\u2019<\/p>\n\n\n\n<!--more-->\n\n\n\n<div id=\"narrow-column-1764758271581-143\" class=\"wp-block-custom-narrow-column narrow-column offset-space-16\"><\/div>\n","protected":false},"excerpt":{"rendered":"<p>\u2018Yn myn nije, noch te ferskinen dichtbondel is de dea it tema. Sels bin ik ek net echt it sintsje yn \u2019e h\u00fbs; ik ha sombere perioaden yn myn libben h\u00e2n. Ast ea soks trochmakke hast, kinst dy der better yn ynlibje. Soest sizze kinne dat de dea in ekstreme foarm fan \u00fbngemak is. Oftakeling, [&hellip;]<\/p>\n","protected":false},"featured_media":15484,"parent":15300,"menu_order":174,"template":"","project_type":[],"class_list":["post-15487","project","type-project","status-publish","has-post-thumbnail","hentry"],"acf":[],"yoast_head":"<!-- This site is optimized with the Yoast SEO plugin v28.8 - https:\/\/yoast.com\/product\/yoast-seo-wordpress\/ -->\n<title>Sipke de Schiffart skriuwt s\u00fbnder rem - Leeuwarden City of Literature<\/title>\n<meta name=\"robots\" content=\"index, follow, max-snippet:-1, max-image-preview:large, max-video-preview:-1\" \/>\n<link rel=\"canonical\" href=\"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-2024\/sipke-de-schiffart-skriuwt-sunder-rem\/\" \/>\n<meta property=\"og:locale\" content=\"nl_NL\" \/>\n<meta property=\"og:type\" content=\"article\" \/>\n<meta property=\"og:title\" content=\"Sipke de Schiffart skriuwt s\u00fbnder rem - Leeuwarden City of Literature\" \/>\n<meta property=\"og:description\" content=\"\u2018Yn myn nije, noch te ferskinen dichtbondel is de dea it tema. Sels bin ik ek net echt it sintsje yn \u2019e h\u00fbs; ik ha sombere perioaden yn myn libben h\u00e2n. Ast ea soks trochmakke hast, kinst dy der better yn ynlibje. Soest sizze kinne dat de dea in ekstreme foarm fan \u00fbngemak is. Oftakeling, [&hellip;]\" \/>\n<meta property=\"og:url\" content=\"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-2024\/sipke-de-schiffart-skriuwt-sunder-rem\/\" \/>\n<meta property=\"og:site_name\" content=\"Leeuwarden City of Literature\" \/>\n<meta property=\"article:modified_time\" content=\"2025-12-04T20:18:42+00:00\" \/>\n<meta property=\"og:image\" content=\"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2024\/07\/NBalanina_COL_SipkeDeSchiffart_LR-6-scaled.jpg\" \/>\n\t<meta property=\"og:image:width\" content=\"2560\" \/>\n\t<meta property=\"og:image:height\" content=\"1712\" \/>\n\t<meta property=\"og:image:type\" content=\"image\/jpeg\" \/>\n<meta name=\"twitter:card\" content=\"summary_large_image\" \/>\n<meta name=\"twitter:label1\" content=\"Est. reading time\" \/>\n\t<meta name=\"twitter:data1\" content=\"8 minutes\" \/>\n<script type=\"application\/ld+json\" class=\"yoast-schema-graph\">{\"@context\":\"https:\\\/\\\/schema.org\",\"@graph\":[{\"@type\":\"WebPage\",\"@id\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/project\\\/magazine-letter-2024\\\/sipke-de-schiffart-skriuwt-sunder-rem\\\/\",\"url\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/project\\\/magazine-letter-2024\\\/sipke-de-schiffart-skriuwt-sunder-rem\\\/\",\"name\":\"Sipke de Schiffart skriuwt s\u00fbnder rem - Leeuwarden City of Literature\",\"isPartOf\":{\"@id\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/#website\"},\"primaryImageOfPage\":{\"@id\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/project\\\/magazine-letter-2024\\\/sipke-de-schiffart-skriuwt-sunder-rem\\\/#primaryimage\"},\"image\":{\"@id\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/project\\\/magazine-letter-2024\\\/sipke-de-schiffart-skriuwt-sunder-rem\\\/#primaryimage\"},\"thumbnailUrl\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/wp-content\\\/uploads\\\/2024\\\/07\\\/NBalanina_COL_SipkeDeSchiffart_LR-6-scaled.jpg\",\"datePublished\":\"2024-07-11T18:54:53+00:00\",\"dateModified\":\"2025-12-04T20:18:42+00:00\",\"breadcrumb\":{\"@id\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/project\\\/magazine-letter-2024\\\/sipke-de-schiffart-skriuwt-sunder-rem\\\/#breadcrumb\"},\"inLanguage\":\"nl-FY\",\"potentialAction\":[{\"@type\":\"ReadAction\",\"target\":[\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/project\\\/magazine-letter-2024\\\/sipke-de-schiffart-skriuwt-sunder-rem\\\/\"]}]},{\"@type\":\"ImageObject\",\"inLanguage\":\"nl-FY\",\"@id\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/project\\\/magazine-letter-2024\\\/sipke-de-schiffart-skriuwt-sunder-rem\\\/#primaryimage\",\"url\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/wp-content\\\/uploads\\\/2024\\\/07\\\/NBalanina_COL_SipkeDeSchiffart_LR-6-scaled.jpg\",\"contentUrl\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/wp-content\\\/uploads\\\/2024\\\/07\\\/NBalanina_COL_SipkeDeSchiffart_LR-6-scaled.jpg\",\"width\":2560,\"height\":1712},{\"@type\":\"BreadcrumbList\",\"@id\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/project\\\/magazine-letter-2024\\\/sipke-de-schiffart-skriuwt-sunder-rem\\\/#breadcrumb\",\"itemListElement\":[{\"@type\":\"ListItem\",\"position\":1,\"name\":\"Home\",\"item\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/\"},{\"@type\":\"ListItem\",\"position\":2,\"name\":\"Projecten\",\"item\":\"https:\\\/\\\/www.leeuwardencityofliterature.nl\\\/project\\\/\"},{\"@type\":\"ListItem\",\"position\":3,\"name\":\"Magazine LETTER 2024\",\"item\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/project\\\/magazine-letter-2024\\\/\"},{\"@type\":\"ListItem\",\"position\":4,\"name\":\"Sipke de Schiffart skriuwt s\u00fbnder rem\"}]},{\"@type\":\"WebSite\",\"@id\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/#website\",\"url\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/\",\"name\":\"Leeuwarden City of Literature\",\"description\":\"\",\"potentialAction\":[{\"@type\":\"SearchAction\",\"target\":{\"@type\":\"EntryPoint\",\"urlTemplate\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/?s={search_term_string}\"},\"query-input\":{\"@type\":\"PropertyValueSpecification\",\"valueRequired\":true,\"valueName\":\"search_term_string\"}}],\"inLanguage\":\"nl-FY\"}]}<\/script>\n<!-- \/ Yoast SEO plugin. -->","yoast_head_json":{"title":"Sipke de Schiffart skriuwt s\u00fbnder rem - Leeuwarden City of Literature","robots":{"index":"index","follow":"follow","max-snippet":"max-snippet:-1","max-image-preview":"max-image-preview:large","max-video-preview":"max-video-preview:-1"},"canonical":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-2024\/sipke-de-schiffart-skriuwt-sunder-rem\/","og_locale":"nl_NL","og_type":"article","og_title":"Sipke de Schiffart skriuwt s\u00fbnder rem - Leeuwarden City of Literature","og_description":"\u2018Yn myn nije, noch te ferskinen dichtbondel is de dea it tema. Sels bin ik ek net echt it sintsje yn \u2019e h\u00fbs; ik ha sombere perioaden yn myn libben h\u00e2n. Ast ea soks trochmakke hast, kinst dy der better yn ynlibje. Soest sizze kinne dat de dea in ekstreme foarm fan \u00fbngemak is. Oftakeling, [&hellip;]","og_url":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-2024\/sipke-de-schiffart-skriuwt-sunder-rem\/","og_site_name":"Leeuwarden City of Literature","article_modified_time":"2025-12-04T20:18:42+00:00","og_image":[{"width":2560,"height":1712,"url":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2024\/07\/NBalanina_COL_SipkeDeSchiffart_LR-6-scaled.jpg","type":"image\/jpeg"}],"twitter_card":"summary_large_image","twitter_misc":{"Est. reading time":"8 minutes"},"schema":{"@context":"https:\/\/schema.org","@graph":[{"@type":"WebPage","@id":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-2024\/sipke-de-schiffart-skriuwt-sunder-rem\/","url":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-2024\/sipke-de-schiffart-skriuwt-sunder-rem\/","name":"Sipke de Schiffart skriuwt s\u00fbnder rem - Leeuwarden City of Literature","isPartOf":{"@id":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/#website"},"primaryImageOfPage":{"@id":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-2024\/sipke-de-schiffart-skriuwt-sunder-rem\/#primaryimage"},"image":{"@id":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-2024\/sipke-de-schiffart-skriuwt-sunder-rem\/#primaryimage"},"thumbnailUrl":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2024\/07\/NBalanina_COL_SipkeDeSchiffart_LR-6-scaled.jpg","datePublished":"2024-07-11T18:54:53+00:00","dateModified":"2025-12-04T20:18:42+00:00","breadcrumb":{"@id":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-2024\/sipke-de-schiffart-skriuwt-sunder-rem\/#breadcrumb"},"inLanguage":"nl-FY","potentialAction":[{"@type":"ReadAction","target":["https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-2024\/sipke-de-schiffart-skriuwt-sunder-rem\/"]}]},{"@type":"ImageObject","inLanguage":"nl-FY","@id":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-2024\/sipke-de-schiffart-skriuwt-sunder-rem\/#primaryimage","url":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2024\/07\/NBalanina_COL_SipkeDeSchiffart_LR-6-scaled.jpg","contentUrl":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2024\/07\/NBalanina_COL_SipkeDeSchiffart_LR-6-scaled.jpg","width":2560,"height":1712},{"@type":"BreadcrumbList","@id":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-2024\/sipke-de-schiffart-skriuwt-sunder-rem\/#breadcrumb","itemListElement":[{"@type":"ListItem","position":1,"name":"Home","item":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/"},{"@type":"ListItem","position":2,"name":"Projecten","item":"https:\/\/www.leeuwardencityofliterature.nl\/project\/"},{"@type":"ListItem","position":3,"name":"Magazine LETTER 2024","item":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-2024\/"},{"@type":"ListItem","position":4,"name":"Sipke de Schiffart skriuwt s\u00fbnder rem"}]},{"@type":"WebSite","@id":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/#website","url":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/","name":"Leeuwarden City of Literature","description":"","potentialAction":[{"@type":"SearchAction","target":{"@type":"EntryPoint","urlTemplate":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/?s={search_term_string}"},"query-input":{"@type":"PropertyValueSpecification","valueRequired":true,"valueName":"search_term_string"}}],"inLanguage":"nl-FY"}]}},"_links":{"self":[{"href":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/project\/15487","targetHints":{"allow":["GET"]}}],"collection":[{"href":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/project"}],"about":[{"href":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/types\/project"}],"version-history":[{"count":0,"href":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/project\/15487\/revisions"}],"up":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/project\/15300"}],"wp:featuredmedia":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/media\/15484"}],"wp:attachment":[{"href":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/media?parent=15487"}],"wp:term":[{"taxonomy":"project_type","embeddable":true,"href":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/project_type?post=15487"}],"curies":[{"name":"wp","href":"https:\/\/api.w.org\/{rel}","templated":true}]}}