{"id":15426,"date":"2024-07-11T20:54:12","date_gmt":"2024-07-11T18:54:12","guid":{"rendered":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/?post_type=project&#038;p=15426"},"modified":"2025-12-04T22:17:57","modified_gmt":"2025-12-04T20:17:57","slug":"yn-petear-mei-rinke-verkerk","status":"publish","type":"project","link":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-2024\/yn-petear-mei-rinke-verkerk\/","title":{"rendered":"Yn petear mei Rinke Verkerk"},"content":{"rendered":"\n<p class=\"wp-block-paragraph\">Fan it momint \u00f4f dat sjoernalist en skriuwer Rinke Verkerk yn 2020 mem wurdt, komme de eangsten en nachtmerjes, dy\u2019t te krijen lykje te hawwen mei misbr\u00fbk yn har ferline. Se doart har nijberne dochter net mear \u00fat it each te ferliezen, bang dat immen har sear docht. Under de terapy dy\u2019t d\u00earop folget, wurdt se konfrontearre mei minsken dy\u2019t de oare kant \u00fat sjogge foar har problemen.<\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\"><em>Tekst en foto: Marc Knip | Oersetting; Martsje de Jong<\/em><\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">Sa komt har skoalgenoatsje Lenneke ynienen wer yn har tinzen, dy\u2019t tweintich jier earder \u00fbnder in fytstocht oan Rinke fertelde dat se misbr\u00fbkt waard troch har pake. Rinke, dan 13 jier \u00e2ld, wit net wat se mei it ferhaal moat en de oare deis giet se Lenneke \u00fat \u2019e wei. Dat oantinken ropt alderlei fragen by har op. Sy seach dus ek de oare kant \u00fat. W\u00earom? Rinke nimt kontakt op mei Lenneke om sorry te sizzen. Dat late ta it oangripende boek <em>Het hele dorp wist het<\/em>, oer de rol fan omstanners by misbr\u00fbk.<\/p>\n\n\n\n<blockquote class=\"wp-block-quote is-layout-flow wp-block-quote-is-layout-flow\">\n<p class=\"wp-block-paragraph\"><em>Dy opwining hinget al yn \u2019e gymseal as wy \u00fas om \u2019e pankoeken hinne sammelje. Wy falle oan. Al gau is de bak fan myn groepke leech. Ik sjoch om my hinne, sykjend om mear. It groepke neist my hat der noch gen\u00f4ch! Ik b\u00fbch my tusken de bern troch om der ien te pakken, as in famke neist my seit: \u2018Dy moatst net ite hear. Dat binne de seemlearen fan Heleen van Dijk.\u2019 (Ynlieding: Der is wat mei Lenneke, side 17)<\/em><\/p>\n<\/blockquote>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">Rinke: \u2018D\u00ear en doe realisearre ik my dat der wat wie mei Lenneke. Ik wie in jier as njoggen. Se siet net by my yn \u2019e klasse en wenne net by my yn it doarp. Mar der wie wat mei har en har famylje, safolle waard my stadichoan d\u00fadlik. Lenneke wie doe noch net misbr\u00fbkt, dat soe noch trije jier duorje, mar al wol besmet.\u2019<\/p>\n\n\n\n<blockquote class=\"wp-block-quote is-layout-flow wp-block-quote-is-layout-flow\">\n<p class=\"wp-block-paragraph\"><em>\u2018Bist hiel aardich\u2019, \u2018Sst\u2019: Net foar neat hearre de \u00fatspraken fan pake ta de standert\u00fatspraken fan bernemisbr\u00fbkers, dy\u2019t sa harren slachtoffers meiferantwurdlik meitsje foar it misbr\u00fbk. \u2018Dit is \u00fas geheimke.\u2019 \u2018Ik doch dit om\u2019t ik fan dy h\u00e2ld.\u2019 \u2018Do wolst dit dochs ek?\u2019 (Haadstik 1: It misbr\u00fbk, side 30)<\/em><\/p>\n<\/blockquote>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">Rinke: \u2018Hoe bekender de dieder en hoe h\u00fasliker de kontekst, hoe yngewikkelder wy it fine om wat te dwaan. En it iennichste dat in dieder fan omstanners freget, is dat sy neat dogge. Dieders binne ekstreem goed yn ferdielen en hearskjen. Sa \u00fbntstean deade hoeken, d\u00ear\u2019t sy harren geheimen yn witte te ferbergjen. En d\u00ear w\u00ear\u2019tst net sjen wolst, barre de dingen dy\u2019tst as mienskip net wolst. Op dy wize \u00fbntstiet der gjin ferhaal, gjin patroan, en bliuwe slachtoffers yn \u2019e oertsj\u00fbging dat it oan harren leit. Dus moatst sjen, ek, of eins <em>just<\/em> d\u00ear\u2019t it \u00fbnnoflik fielt.\u2019<\/p>\n\n\n\n<blockquote class=\"wp-block-quote is-layout-flow wp-block-quote-is-layout-flow\">\n<p class=\"wp-block-paragraph\"><em>En dochs: hy leaut Lenneke net. Net dat er tinkt dat se stiet te ligen. Mear dat se in ferfelend foarfal grutter makket as dat it is. Dat fynt er wol wat foar har. Hy sjocht Lenneke as in famke dat oanstriid hat de oandacht te l\u00fbken. (Haadstik 2: Master van den Berg, side 39)<\/em><\/p>\n<\/blockquote>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">Rinke: \u2018Lenneke die wat dat net in soad slachtoffers dogge, \u00fat eangst foar \u2013 en soms sels solid\u00earens mei \u2013 de dieder. Se fertelde it oan my, oan de dominy, oan de master, oan har mem, oan in hiel soad minsken. Mar se rint tsjin in muorre fan \u00f4fwar oan. Wy wolle nammentlik hiel graach dat in slachtoffer aardich is, dat wy immen helpe kinne s\u00fbnder dat it \u00fas enerzjy kostet. En bern dy\u2019t dit meimakke hawwe, binne faak swier op \u2019e h\u00e2n, om\u2019t se har aaklik en iensum fiele. Dat jout \u00fas in h\u00e2nfet om te sizzen: ik ha hjir gjin sin oan. En dus litte wy minsken dy\u2019t om help freegje faak yn \u2019e kjeld stean. Sterker noch, faak jouwe wy harren, al bedoele wy it net sa, sels de skuld fan wat der bard is, om it foar \u00fassels begryplik, behapber te meitsjen dat minsken dy\u2019t wy kenne sawat ferskrikliks dwaan kinne. <em>Victim blaming<\/em> is minsntens like skealik as it misbr\u00fbk sels: slachtoffers ferlieze harren plak yn \u2019e mienskip.\u2019<\/p>\n\n\n\n<blockquote class=\"wp-block-quote is-layout-flow wp-block-quote-is-layout-flow\">\n<p class=\"wp-block-paragraph\"><em>Yn it doarp binne minsken dy\u2019t witte dat har pake minne dingen dien hat by famkes lykas sy. Dat hy sels yn \u2019e finzenis sitten hat. Dy minsken wiene der allegear noch doe\u2019t sy it folgjende slachtoffer waard en dochs hat net ien it tefoaren kommen. Har \u00e2lden net, har famylje net, mar ek de doarpsbewenners net (Haadstik 5: It doarp, side 67)<\/em><\/p>\n<\/blockquote>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">Rinke: \u2018De measte omstanners sjogge de oare kant \u00fat, om\u2019t se troch in oar te helpen harren plak yn de groep op it spul sette. As Lenneke besmet is, bisto it ek ast har helpst. It \u00fbngemak om te praten oer wat der bard is, om te erkennen dat dit spile hat yn de mienskip, is sa grut dat der omwegen f\u00fbn wurden: \u201cDy mem kin gjin pannekoeken bakke.\u201d \u201cBy har wolst net yn \u2019e auto nei de sportwedstriid.\u201d Sa wurdt der in stolp set oer wat der bard is, om mar net \u00fbnder eagen hoege te sjen dat de mienskip net feilich is. Omstannerskip moatst mei syn allen dwaan. Yn it foarste plak moatst akseptearje dat sawat as seksueel misbr\u00fbk yn dyn mienskip foarkomme kin. Hoechst net perfoarst echt te helpen, mar der moat plak w\u00eaze foar moederaasje. Moatst as groep in omjouwing biede d\u00ear\u2019t omstanners de romte yn fiele om immen te stypjen, s\u00fbnder d\u00earby kieze te moatten tusken it slachtoffer en de groep.\u2019<\/p>\n\n\n\n<blockquote class=\"wp-block-quote is-layout-flow wp-block-quote-is-layout-flow\">\n<p class=\"wp-block-paragraph\"><em>Mei de kennis fan no, oer it fuortsjen fan omstanners en it trauma fan misbr\u00fbk, fiel ik safolle oandwaning en fertriet oer dyn ferhaal. Datsto \u2013 as it klopt wat ik my heuch \u2013 mei dyn pine yn in doarp wennes d\u00ear\u2019t elkenien wist dat dyn pake dy beskeadige hie, mar net mei gefoeligechheid en wiisheid mei dy omgien is. (Haadstik 8, Lenneke, side 101)<\/em><\/p>\n<\/blockquote>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">Rinke: \u2018Myn mail oan Lenneke hat twa moannen yn myn kompj\u00fbter stiet foar\u2019t ik him ferstjoerde. Wat helje ik oeral, tocht ik. Ha ik it rjocht wol? Oant ik besefte: ik kin net foar har bepale oft se in berjocht wol as net krije wol. Dan pak ik har op \u2019e nij har selsbeskikking \u00f4f. It hat my, Lenneke en de oaren yn it boek tink ik in soad brocht. De wierheid \u00fbnder eagen sjen sil noait komfortabel fiele, mar ik wit no dat it it \u00fbngemak mear as wurdich is. Ik ha gjin eksuzes mear om foar dingen fuort te rinnen. En foar Lenne is dit erkenning: it lei net oan har. Ek foar de minsken om har hinne dy\u2019t w\u00f3l wat dien hawwe, is it lotterjend: se fiele har sjoen. En se hoopje dat se takomstige slachtoffers en omstanners hjirmei helpe. \u2018Jo sille de wierheid ferstean, en de wierheid sil jo frijmeitsje\u2019, seit de Bibel yn Johannes 8:32. En sa is it echt. It boek hat my in hiel soad inerlike r\u00east en fertrouwen brocht.\u2019<\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\"><em>Boeketips fan Rinke Verkerk:<\/em><\/p>\n\n\n\n<figure class=\"wp-block-gallery has-nested-images columns-default is-cropped is-style-default wp-block-gallery-1 is-layout-flex wp-block-gallery-is-layout-flex\">\n<figure class=\"wp-block-image size-large is-style-default\"><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" width=\"756\" height=\"1200\" data-id=\"15421\" src=\"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2024\/07\/leerschool_cover.jpeg\" alt=\"\" class=\"wp-image-15421\" srcset=\"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2024\/07\/leerschool_cover.jpeg 756w, https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2024\/07\/leerschool_cover-378x600.jpeg 378w\" sizes=\"auto, (max-width: 756px) 100vw, 756px\" \/><\/figure>\n\n\n\n<figure class=\"wp-block-image size-large is-style-default\"><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" width=\"526\" height=\"840\" data-id=\"15417\" src=\"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2024\/07\/jijmagalleszijn_cover.jpeg\" alt=\"\" class=\"wp-image-15417\" srcset=\"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2024\/07\/jijmagalleszijn_cover.jpeg 526w, https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2024\/07\/jijmagalleszijn_cover-376x600.jpeg 376w\" sizes=\"auto, (max-width: 526px) 100vw, 526px\" \/><\/figure>\n\n\n\n<figure class=\"wp-block-image size-large is-style-default\"><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" width=\"500\" height=\"725\" data-id=\"15422\" src=\"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2024\/07\/ikvraagditvooreenvriendin_cover.jpeg\" alt=\"\" class=\"wp-image-15422\" srcset=\"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2024\/07\/ikvraagditvooreenvriendin_cover.jpeg 500w, https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2024\/07\/ikvraagditvooreenvriendin_cover-414x600.jpeg 414w\" sizes=\"auto, (max-width: 500px) 100vw, 500px\" \/><\/figure>\n<\/figure>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\"><\/p>\n\n\n\n<h5 class=\"wp-block-heading\">Tara Westover &#8211; Leerschool (2019)<\/h5>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">In geweldich boek. It giet oer in famke dat opgroeit yn in super\u00fbnfeilich, isolearre Mormoansk gesin yn Idaho, mei in bipol\u00eare heit en in mem dy\u2019t fuortsjocht. Tara wit har fan har famylje los te meitsjen, studearret en wit har eigen paad te finen. Mar se moat d\u00ear wol foar brekke mei har famylje, dy\u2019t har as in ferrieder sjocht.<\/p>\n\n\n\n<h5 class=\"wp-block-heading\">Griet Op de Beeck &#8211; Jij mag alles zijn (2021)<\/h5>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">Dit giet oer in jong famke, Lexi. Har broer is ferstoarn, har mem is depressyf en har heit wurket allinnich mar. Lexi fielt har ferantwurdlik foar de gefoelens fan har \u00e2lden, se knipt op in bepaald stuit sels har hier der\u00f4f om it ferstoarne broerke spylje te kinnen foar harren. Oant immen yngrypt en tsjin har seit: dit hoechsto net te dwaan, do meist alles w\u00eaze. Hiel moai.<\/p>\n\n\n\n<h5 class=\"wp-block-heading\">Iva Bicanic, Miranda Freriks en Esther Verhees &#8211; Ik vraag dit voor een vriend(in) (2024)<\/h5>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">De \u00fbndertitel is <em>123 fragen oer seksueel misbr\u00fbk<\/em>. Hjir stean de antwurden yn op alle fragen dy\u2019tst ha kinst as slachtoffer of omstanner. Mei dit goed \u00fbnderboude boek kinst yn koarte tiid in hiel soad leare, oer skamtegefoelens, of de iensumens dy\u2019tst fielst as net ien dy helpt, oer de twifels oftst oait noch immen doarst te fertrouwen.<\/p>\n\n\n\n<div class=\"wp-block-buttons is-layout-flex wp-block-buttons-is-layout-flex\">\n<div class=\"wp-block-button\"><a class=\"wp-block-button__link wp-element-button\" href=\"https:\/\/kiosk.decorrespondent.nl\/products\/het-hele-dorp-wist-het-rinke-verkerk\" target=\"_blank\" rel=\"noreferrer noopener\">Mear oer it boek fan Rinke<\/a><\/div>\n<\/div>\n\n\n\n<!--more-->\n\n\n\n<div id=\"narrow-column-1764758271581-143\" class=\"wp-block-custom-narrow-column narrow-column offset-space-16\"><\/div>\n","protected":false},"excerpt":{"rendered":"<p>Fan it momint \u00f4f dat sjoernalist en skriuwer Rinke Verkerk yn 2020 mem wurdt, komme de eangsten en nachtmerjes, dy\u2019t te krijen lykje te hawwen mei misbr\u00fbk yn har ferline. Se doart har nijberne dochter net mear \u00fat it each te ferliezen, bang dat immen har sear docht. Under de terapy dy\u2019t d\u00earop folget, wurdt [&hellip;]<\/p>\n","protected":false},"featured_media":15409,"parent":15300,"menu_order":166,"template":"","project_type":[],"class_list":["post-15426","project","type-project","status-publish","has-post-thumbnail","hentry"],"acf":[],"yoast_head":"<!-- This site is optimized with the Yoast SEO plugin v28.8 - https:\/\/yoast.com\/product\/yoast-seo-wordpress\/ -->\n<title>Yn petear mei Rinke Verkerk - Leeuwarden City of Literature<\/title>\n<meta name=\"robots\" content=\"index, follow, max-snippet:-1, max-image-preview:large, max-video-preview:-1\" \/>\n<link rel=\"canonical\" href=\"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-2024\/yn-petear-mei-rinke-verkerk\/\" \/>\n<meta property=\"og:locale\" content=\"nl_NL\" \/>\n<meta property=\"og:type\" content=\"article\" \/>\n<meta property=\"og:title\" content=\"Yn petear mei Rinke Verkerk - Leeuwarden City of Literature\" \/>\n<meta property=\"og:description\" content=\"Fan it momint \u00f4f dat sjoernalist en skriuwer Rinke Verkerk yn 2020 mem wurdt, komme de eangsten en nachtmerjes, dy\u2019t te krijen lykje te hawwen mei misbr\u00fbk yn har ferline. Se doart har nijberne dochter net mear \u00fat it each te ferliezen, bang dat immen har sear docht. Under de terapy dy\u2019t d\u00earop folget, wurdt [&hellip;]\" \/>\n<meta property=\"og:url\" content=\"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-2024\/yn-petear-mei-rinke-verkerk\/\" \/>\n<meta property=\"og:site_name\" content=\"Leeuwarden City of Literature\" \/>\n<meta property=\"article:modified_time\" content=\"2025-12-04T20:17:57+00:00\" \/>\n<meta property=\"og:image\" content=\"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2024\/07\/Rinke_Verkerk_LETTER-2024_Marc_Knip_2.jpg\" \/>\n\t<meta property=\"og:image:width\" content=\"1500\" \/>\n\t<meta property=\"og:image:height\" content=\"1000\" \/>\n\t<meta property=\"og:image:type\" content=\"image\/jpeg\" \/>\n<meta name=\"twitter:card\" content=\"summary_large_image\" \/>\n<meta name=\"twitter:label1\" content=\"Est. reading time\" \/>\n\t<meta name=\"twitter:data1\" content=\"7 minutes\" \/>\n<script type=\"application\/ld+json\" class=\"yoast-schema-graph\">{\"@context\":\"https:\\\/\\\/schema.org\",\"@graph\":[{\"@type\":\"WebPage\",\"@id\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/project\\\/magazine-letter-2024\\\/yn-petear-mei-rinke-verkerk\\\/\",\"url\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/project\\\/magazine-letter-2024\\\/yn-petear-mei-rinke-verkerk\\\/\",\"name\":\"Yn petear mei Rinke Verkerk - Leeuwarden City of Literature\",\"isPartOf\":{\"@id\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/#website\"},\"primaryImageOfPage\":{\"@id\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/project\\\/magazine-letter-2024\\\/yn-petear-mei-rinke-verkerk\\\/#primaryimage\"},\"image\":{\"@id\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/project\\\/magazine-letter-2024\\\/yn-petear-mei-rinke-verkerk\\\/#primaryimage\"},\"thumbnailUrl\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/wp-content\\\/uploads\\\/2024\\\/07\\\/Rinke_Verkerk_LETTER-2024_Marc_Knip_2.jpg\",\"datePublished\":\"2024-07-11T18:54:12+00:00\",\"dateModified\":\"2025-12-04T20:17:57+00:00\",\"breadcrumb\":{\"@id\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/project\\\/magazine-letter-2024\\\/yn-petear-mei-rinke-verkerk\\\/#breadcrumb\"},\"inLanguage\":\"nl-FY\",\"potentialAction\":[{\"@type\":\"ReadAction\",\"target\":[\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/project\\\/magazine-letter-2024\\\/yn-petear-mei-rinke-verkerk\\\/\"]}]},{\"@type\":\"ImageObject\",\"inLanguage\":\"nl-FY\",\"@id\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/project\\\/magazine-letter-2024\\\/yn-petear-mei-rinke-verkerk\\\/#primaryimage\",\"url\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/wp-content\\\/uploads\\\/2024\\\/07\\\/Rinke_Verkerk_LETTER-2024_Marc_Knip_2.jpg\",\"contentUrl\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/wp-content\\\/uploads\\\/2024\\\/07\\\/Rinke_Verkerk_LETTER-2024_Marc_Knip_2.jpg\",\"width\":1500,\"height\":1000},{\"@type\":\"BreadcrumbList\",\"@id\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/project\\\/magazine-letter-2024\\\/yn-petear-mei-rinke-verkerk\\\/#breadcrumb\",\"itemListElement\":[{\"@type\":\"ListItem\",\"position\":1,\"name\":\"Home\",\"item\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/\"},{\"@type\":\"ListItem\",\"position\":2,\"name\":\"Projecten\",\"item\":\"https:\\\/\\\/www.leeuwardencityofliterature.nl\\\/project\\\/\"},{\"@type\":\"ListItem\",\"position\":3,\"name\":\"Magazine LETTER 2024\",\"item\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/project\\\/magazine-letter-2024\\\/\"},{\"@type\":\"ListItem\",\"position\":4,\"name\":\"Yn petear mei Rinke Verkerk\"}]},{\"@type\":\"WebSite\",\"@id\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/#website\",\"url\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/\",\"name\":\"Leeuwarden City of Literature\",\"description\":\"\",\"potentialAction\":[{\"@type\":\"SearchAction\",\"target\":{\"@type\":\"EntryPoint\",\"urlTemplate\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/?s={search_term_string}\"},\"query-input\":{\"@type\":\"PropertyValueSpecification\",\"valueRequired\":true,\"valueName\":\"search_term_string\"}}],\"inLanguage\":\"nl-FY\"}]}<\/script>\n<!-- \/ Yoast SEO plugin. -->","yoast_head_json":{"title":"Yn petear mei Rinke Verkerk - Leeuwarden City of Literature","robots":{"index":"index","follow":"follow","max-snippet":"max-snippet:-1","max-image-preview":"max-image-preview:large","max-video-preview":"max-video-preview:-1"},"canonical":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-2024\/yn-petear-mei-rinke-verkerk\/","og_locale":"nl_NL","og_type":"article","og_title":"Yn petear mei Rinke Verkerk - Leeuwarden City of Literature","og_description":"Fan it momint \u00f4f dat sjoernalist en skriuwer Rinke Verkerk yn 2020 mem wurdt, komme de eangsten en nachtmerjes, dy\u2019t te krijen lykje te hawwen mei misbr\u00fbk yn har ferline. Se doart har nijberne dochter net mear \u00fat it each te ferliezen, bang dat immen har sear docht. Under de terapy dy\u2019t d\u00earop folget, wurdt [&hellip;]","og_url":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-2024\/yn-petear-mei-rinke-verkerk\/","og_site_name":"Leeuwarden City of Literature","article_modified_time":"2025-12-04T20:17:57+00:00","og_image":[{"width":1500,"height":1000,"url":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2024\/07\/Rinke_Verkerk_LETTER-2024_Marc_Knip_2.jpg","type":"image\/jpeg"}],"twitter_card":"summary_large_image","twitter_misc":{"Est. reading time":"7 minutes"},"schema":{"@context":"https:\/\/schema.org","@graph":[{"@type":"WebPage","@id":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-2024\/yn-petear-mei-rinke-verkerk\/","url":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-2024\/yn-petear-mei-rinke-verkerk\/","name":"Yn petear mei Rinke Verkerk - Leeuwarden City of Literature","isPartOf":{"@id":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/#website"},"primaryImageOfPage":{"@id":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-2024\/yn-petear-mei-rinke-verkerk\/#primaryimage"},"image":{"@id":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-2024\/yn-petear-mei-rinke-verkerk\/#primaryimage"},"thumbnailUrl":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2024\/07\/Rinke_Verkerk_LETTER-2024_Marc_Knip_2.jpg","datePublished":"2024-07-11T18:54:12+00:00","dateModified":"2025-12-04T20:17:57+00:00","breadcrumb":{"@id":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-2024\/yn-petear-mei-rinke-verkerk\/#breadcrumb"},"inLanguage":"nl-FY","potentialAction":[{"@type":"ReadAction","target":["https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-2024\/yn-petear-mei-rinke-verkerk\/"]}]},{"@type":"ImageObject","inLanguage":"nl-FY","@id":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-2024\/yn-petear-mei-rinke-verkerk\/#primaryimage","url":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2024\/07\/Rinke_Verkerk_LETTER-2024_Marc_Knip_2.jpg","contentUrl":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2024\/07\/Rinke_Verkerk_LETTER-2024_Marc_Knip_2.jpg","width":1500,"height":1000},{"@type":"BreadcrumbList","@id":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-2024\/yn-petear-mei-rinke-verkerk\/#breadcrumb","itemListElement":[{"@type":"ListItem","position":1,"name":"Home","item":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/"},{"@type":"ListItem","position":2,"name":"Projecten","item":"https:\/\/www.leeuwardencityofliterature.nl\/project\/"},{"@type":"ListItem","position":3,"name":"Magazine LETTER 2024","item":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-2024\/"},{"@type":"ListItem","position":4,"name":"Yn petear mei Rinke Verkerk"}]},{"@type":"WebSite","@id":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/#website","url":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/","name":"Leeuwarden City of Literature","description":"","potentialAction":[{"@type":"SearchAction","target":{"@type":"EntryPoint","urlTemplate":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/?s={search_term_string}"},"query-input":{"@type":"PropertyValueSpecification","valueRequired":true,"valueName":"search_term_string"}}],"inLanguage":"nl-FY"}]}},"_links":{"self":[{"href":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/project\/15426","targetHints":{"allow":["GET"]}}],"collection":[{"href":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/project"}],"about":[{"href":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/types\/project"}],"version-history":[{"count":0,"href":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/project\/15426\/revisions"}],"up":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/project\/15300"}],"wp:featuredmedia":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/media\/15409"}],"wp:attachment":[{"href":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/media?parent=15426"}],"wp:term":[{"taxonomy":"project_type","embeddable":true,"href":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/project_type?post=15426"}],"curies":[{"name":"wp","href":"https:\/\/api.w.org\/{rel}","templated":true}]}}