{"id":15392,"date":"2024-07-11T20:54:04","date_gmt":"2024-07-11T18:54:04","guid":{"rendered":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/?post_type=project&#038;p=15392"},"modified":"2025-12-04T22:17:45","modified_gmt":"2025-12-04T20:17:45","slug":"ferdjipping-foar-frysk-skriuwtalint","status":"publish","type":"project","link":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-2024\/ferdjipping-foar-frysk-skriuwtalint\/","title":{"rendered":"Ferdjipping foar Frysk skriuwtalint"},"content":{"rendered":"\n<p class=\"wp-block-paragraph\">It is healwei njoggenen j\u00fbns en skoft op de Skriuwersfakskoalle. Ut twa sealen yn Tresoar, Literatuermuseum, argyf en biblioteek Frysl\u00e2n, rinne lessen leech. In tsiental studinten giet oan de grutte tafel sitten, middenyn \u2019e hal. Der leit koeke op tafel, se kletse en drinke in kopke tee. De iene helte hat krekt po\u00ebzyles h\u00e2n en de oare helte Skriuwtechnyk A.<\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\"><em>Tekst: Anna Lillioja | Oersetting: Martsje de Jong | Foto: Hoge Noorden \/ Jacob van Essen<\/em><\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">\u2018It skoft dogge wy altyd mei-inoar,\u2019 seit dichter en dosint Skriuwtechnyk A, Arjan Hut. \u2018Wy fine it moai as der echt in skoalse sfear hinget.\u2019 It is in bys\u00fbndere dei, want hjoed hawwe de organisators fan de Skriuwersfakskoalle in hantekening set \u00fbnder in nije gearwurking. De Fryske skoalle sil fan 1 july \u00f4f \u00fbnder de wjukken nommen wurde fan de lanlike Skriuwersfakskoalle; in ynstit\u00fat mei mear as 40 jier \u00fbnderfining. In stap dy\u2019t neffens de belutsenen soargje sil foar g\u00e2ns nije mooglikheden, likegoed yn de \u00fatwreiding fan it lesprogramma yn Frysl\u00e2n, as foar \u00fatwikseling fan studinten en dosinten.<\/p>\n\n\n\n<h4 class=\"wp-block-heading\">Tusken lokale liter\u00eare helden<\/h4>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">Foar de gelegenheid wurdt de les fan Arjan hjoed j\u00fbn yn de Gysbert-Japicxseal, neamd nei de Fryske dichter en skriuwer \u00fbnder waans namme ek de wichtichste Fryske literatuerpriis \u00fatrikt wurdt. De studinten l\u00eaze koarte gedichten foar, dy\u2019t se de \u00f4fr\u00fbne wike as h\u00faswurk makke hawwe. Sketsen fan hjitte, miggen, bleate basten en de sinne klinke troch de romte, der wurdt gnyske en fol werkenning knikt.<\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">It wie in waarme wike. Op \u2019e goudkleurde wanden fan \u2019e ymposante seal hingje de portretten fan eardere winners fan de Gysbert-Japicxpriis. \u2018Uderdiel fan de priis is dat der in portret fan dy skildere wurdt,\u2019 ljochtet Arjan ta. \u2018Wa wit hinget it gesicht fan ien fan \u00fas studinten hjir ea ek.\u2019 Dat soe moai w\u00eaze; ien fan \u2019e wichtichste doelstellings fan de Skriuwersfakskoalle is nammentlik it fersterkjen fan de oanwaaks fan talintfolle Fryske skriuwers.<\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">De Skriuwersfakskoalle gie yn 2021 fan start op inisjatyf fan Leeuwarden City of Literature, Tresoar en de Skriuwersfakskoalle yn Grins. Ien persoan yn it bys\u00fbnder spile in grutte rol yn it oanjeien fan skriuwlessen yn it noarden fan Nederl\u00e2n. Pauline Durlachter is al s\u00fbnt de begjinjierren belutsen by de Skriuwersfakskoalle. Earst as studint (\u2018Ik bin noch altyd net \u00f4fstudearre,\u2019 seit se d\u00ear laitsjend oer), doe as meiwurker en letter sette sy de oplieding yn Grins op, dy\u2019t yn 2022 al opgien is yn de lanlike Skriuwersfakskoalle.<\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">\u2018Mei de f\u00eastiging yn Grins hie ik de ambysje om net allinnich les te jaan yn it skriuwen, mar de learlingen ek yn \u2019e kunde komme te litten mei it kulturele fjild d\u00ear\u2019t se by hearre,\u2019 fertelt se oan de telefoan. Ek by de Skriuwersfakskoalle is dit aspekt wichtich. De studinten komme hjir net allinnich yn \u2019e kunde mei it literatuerfjild yn it algemien, mar ek spesifyk mei de Fryske liter\u00eare tradysje. Ek yn \u2019e les fan Arjan lizze der by alle studinten boeken op tafel: de j\u00fbn begjint altyd mei it besprekken fan itjinge dat l\u00eazen wurdt. L\u00eastendeis hat de groep op liter\u00eare kuier troch Ljouwert west, d\u00ear\u2019t se by l\u00e2ns ferskillende gedichten yn de iepenbiere romte r\u00fbnen en mei-inoar liezen. \u2018It skriuwen kin soms iensum w\u00eaze,\u2019 seit Arjan. \u2018Dan is it net allinnich noflik om hjir by-inoar te kommen, mar ek om te witten datst diel \u00fatmakkest fan in lange en rike skiednis.\u2019<\/p>\n\n\n\n<h4 class=\"wp-block-heading\">Appe yn it Frysk<\/h4>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">Foar in soad fan de studinten yn Ljouwert is de Frysktaligens fan de lessen in reden op himsels om mei te dwaan. Lara (38) \u00fat de oare klasse fan j\u00fbn sit yn har twadde st\u00fadzjejier oan de Skriuwersfakskoalle. \u2018Ik bin grutwurden yn Brab\u00e2n,\u2019 fertelt se. \u2018Mar myn pake wie in Fries. Frysk praten en skriuwen leare like my in moaie manier om mear yn kontakt te kommen mei myn foar\u00e2lden.\u2019 Se learde fjouwer jier lyn pas Frysk, mar w\u00fbn wilens al in priis foar har Frysktalige po\u00ebzy.<\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">In oare frou seit dat it har net allinnich om it skriuwen learen giet, mar ek om it beh\u00e2ld fan de Fryske taal. \u2018S\u00fbnt ik hjir op les sit, app ik ek yn it Frysk. Yn de famylje-appgroep seagen se earst al raar op. Mar ik sei: jim binne ek Friezen, dat jim moatte dat gewoan l\u00eaze kinne!\u2019 Studint Tryntsje \u00fat it tredde jier skriuwt har ferhalen wilens ta har eigen fernuvering graach yn it Frysk, hoewol\u2019t se har ynearsten ynskreau foar de Nederl\u00e2nsktalige kursus, dy\u2019t yn dbieb j\u00fbn wurdt. \u2018Dy blykte al fol te sitten.\u2019<\/p>\n\n\n\n<h4 class=\"wp-block-heading\">Mear karfakken en gastdosinten <\/h4>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">Mar ek foar aspirantskriuwers dy\u2019t graach yn it Nederl\u00e2nsk les krije wolle, biedt de gearwurking mei de lanlike organisaasje g\u00e2ns nije opsjes. \u2018Wy sjogge nei mooglikheden om karfakken en gastlessen fan oare dosinten oan te bieden yn it programma,\u2019 sei direkteur fan de Skriuwersfakskoalle, Hans Hogenkamp. \u2018Yn Amsterdam en yn Grins binne der in oantal fakken dy\u2019tst yn Ljouwert noch net hast, lykas non-fiksje en jeugdliteratuer.\u2019 Ek is der faaks meikoarten de mooglikheid om modules te folgjen oan de Senariofakskoalle \u2013 in suster\u00fbndernimming fan de Skriuwersfakskoalle. In goede \u00fbntjouwing, fynt Pauline. \u2018Wy moatte sjen nei wat de studint nedich hat om him te \u00fbntwikkeljen as skriuwer en d\u00earyn temjitte komme kinne. Soms is dat wat hiel oars as dat de studint sels ferwachte hie. Gauris komme minsken der pas studearjende en skriuwende achter, hokker sjenre harren goed leit.\u2019<\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">\u2018Wy wolle studinten noch mear kar\u00fat biede,\u2019 seit ek Jitske de Hoop, dy\u2019t yn opdracht fan Leeuwarden City of Literature as kertiermakker belutsen wie by it ynrjochtsjen fan de nije gearwurking. Neist de fakken dy\u2019t no al j\u00fbn wurde yn Ljouwert, lykas basismodules Skriuwtechnyk A en B, en de fakken d\u00ear\u2019t yn \u00f4fstudearre wurde kin: proaza, po\u00ebzy, essee en toaniel, binne der ek ambysjes om hjir nije fakken en losse kursussen oan te bieden. Hjirta wurdt idealiter net allinnich mei de lanlike organisaasje, mar ek mei de lokale, Fryske partijen gearwurke. In earste pilot waard dien mei it fak berneboekenskriuwe. \u2018Dit idee is \u00fbntstien \u00fat de grutte fraach nei mear Frysktalige berne- en jeugdliteratuer,\u2019 leit Jitske \u00fat. Wa wit hat it fan jongs\u00f4f stimulearjen fan Frysktalich l\u00eazen ek in sniebaleffekt op \u2019e oanwaaks fan Frysktalige skriuwers. S\u00fbnder l\u00eazers ommers gjin skriuwers.<\/p>\n\n\n\n<h4 class=\"wp-block-heading\">De wr\u00e2ld ta dy trochkringe litte <\/h4>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">Dy\u2019t benijd is w\u00ear\u2019t syn as har eigen talint en ynteresses op skriuwm\u00ead lizze, kin neffens Pauline it b\u00easte de modules Skriuwtechnyk A en B folgje. \u2018It is in earste \u00fbntdekkingstocht fan it skriuwen yn twa kear tolve lessen. Komst yn \u2019e kunde mei likegoed po\u00ebzy, as essee, proaza en toanielskriuwen. Eksperimintearrest en hast foaral ek in soad wille mei taal.\u2019<\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">De lessen binne bedoeld om dyn kreativiteit en de basisprinsipes fan it skriuwen te \u00fbntwikkeljen. Lykas dy ferw\u00fbnderje, mar ek it learen te jaan en krijen fan feedback. \u2018In skriuwer hat tagelyk in tinne en in tsjokke h\u00fbd nedich,\u2019 seit Pauline. \u2018Moatst de wr\u00e2ld om dy hinne ta dy trochkringe litte kinne. Mar moatst ek goed oer krityk kinne. Want d\u00ear wurdst in bettere skriuwer fan.\u2019<\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\"><em>Foto boppe-oan: f.l.n.r.: Ernst Bruinsma, Pauline Durlacher, Vincent Kortmann, Jitske de Hoop, Hans Hogenkamp en Arjen Dijkstra, by it \u00fbndertekenjen fan de gearwurkingsoerienkomst.<\/em><\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\"><\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">&#8212;&#8212;&#8212;&#8212;<\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">Is de Skriuwersfakskoalle ek wat foar dy?<br>Op woansdei 11 septimber is der in fergees tagonklike <a href=\"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/agenda\/fergees-yntroduksjeles-skriuwersfakskoalle\/\">yntroduksjeles<\/a>.<\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\"><\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\"><\/p>\n\n\n\n<!--more-->\n\n\n\n<div id=\"narrow-column-1764758271581-143\" class=\"wp-block-custom-narrow-column narrow-column offset-space-16\"><\/div>\n","protected":false},"excerpt":{"rendered":"<p>It is healwei njoggenen j\u00fbns en skoft op de Skriuwersfakskoalle. Ut twa sealen yn Tresoar, Literatuermuseum, argyf en biblioteek Frysl\u00e2n, rinne lessen leech. In tsiental studinten giet oan de grutte tafel sitten, middenyn \u2019e hal. Der leit koeke op tafel, se kletse en drinke in kopke tee. De iene helte hat krekt po\u00ebzyles h\u00e2n en [&hellip;]<\/p>\n","protected":false},"featured_media":15013,"parent":15300,"menu_order":149,"template":"","project_type":[],"class_list":["post-15392","project","type-project","status-publish","has-post-thumbnail","hentry"],"acf":[],"yoast_head":"<!-- This site is optimized with the Yoast SEO plugin v28.7 - https:\/\/yoast.com\/product\/yoast-seo-wordpress\/ -->\n<title>Ferdjipping foar Frysk skriuwtalint - Leeuwarden City of Literature<\/title>\n<meta name=\"robots\" content=\"index, follow, max-snippet:-1, max-image-preview:large, max-video-preview:-1\" \/>\n<link rel=\"canonical\" href=\"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-2024\/ferdjipping-foar-frysk-skriuwtalint\/\" \/>\n<meta property=\"og:locale\" content=\"nl_NL\" \/>\n<meta property=\"og:type\" content=\"article\" \/>\n<meta property=\"og:title\" content=\"Ferdjipping foar Frysk skriuwtalint - Leeuwarden City of Literature\" \/>\n<meta property=\"og:description\" content=\"It is healwei njoggenen j\u00fbns en skoft op de Skriuwersfakskoalle. Ut twa sealen yn Tresoar, Literatuermuseum, argyf en biblioteek Frysl\u00e2n, rinne lessen leech. In tsiental studinten giet oan de grutte tafel sitten, middenyn \u2019e hal. Der leit koeke op tafel, se kletse en drinke in kopke tee. De iene helte hat krekt po\u00ebzyles h\u00e2n en [&hellip;]\" \/>\n<meta property=\"og:url\" content=\"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-2024\/ferdjipping-foar-frysk-skriuwtalint\/\" \/>\n<meta property=\"og:site_name\" content=\"Leeuwarden City of Literature\" \/>\n<meta property=\"article:modified_time\" content=\"2025-12-04T20:17:45+00:00\" \/>\n<meta property=\"og:image\" content=\"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2024\/05\/OndertekenSkriuwersfakskoalle_2655_\u00a9JacobvanEssen_LR.jpg\" \/>\n\t<meta property=\"og:image:width\" content=\"2500\" \/>\n\t<meta property=\"og:image:height\" content=\"1622\" \/>\n\t<meta property=\"og:image:type\" content=\"image\/jpeg\" \/>\n<meta name=\"twitter:card\" content=\"summary_large_image\" \/>\n<meta name=\"twitter:label1\" content=\"Est. reading time\" \/>\n\t<meta name=\"twitter:data1\" content=\"7 minutes\" \/>\n<script type=\"application\/ld+json\" class=\"yoast-schema-graph\">{\"@context\":\"https:\\\/\\\/schema.org\",\"@graph\":[{\"@type\":\"WebPage\",\"@id\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/project\\\/magazine-letter-2024\\\/ferdjipping-foar-frysk-skriuwtalint\\\/\",\"url\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/project\\\/magazine-letter-2024\\\/ferdjipping-foar-frysk-skriuwtalint\\\/\",\"name\":\"Ferdjipping foar Frysk skriuwtalint - Leeuwarden City of Literature\",\"isPartOf\":{\"@id\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/#website\"},\"primaryImageOfPage\":{\"@id\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/project\\\/magazine-letter-2024\\\/ferdjipping-foar-frysk-skriuwtalint\\\/#primaryimage\"},\"image\":{\"@id\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/project\\\/magazine-letter-2024\\\/ferdjipping-foar-frysk-skriuwtalint\\\/#primaryimage\"},\"thumbnailUrl\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/wp-content\\\/uploads\\\/2024\\\/05\\\/OndertekenSkriuwersfakskoalle_2655_\u00a9JacobvanEssen_LR.jpg\",\"datePublished\":\"2024-07-11T18:54:04+00:00\",\"dateModified\":\"2025-12-04T20:17:45+00:00\",\"breadcrumb\":{\"@id\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/project\\\/magazine-letter-2024\\\/ferdjipping-foar-frysk-skriuwtalint\\\/#breadcrumb\"},\"inLanguage\":\"nl-FY\",\"potentialAction\":[{\"@type\":\"ReadAction\",\"target\":[\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/project\\\/magazine-letter-2024\\\/ferdjipping-foar-frysk-skriuwtalint\\\/\"]}]},{\"@type\":\"ImageObject\",\"inLanguage\":\"nl-FY\",\"@id\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/project\\\/magazine-letter-2024\\\/ferdjipping-foar-frysk-skriuwtalint\\\/#primaryimage\",\"url\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/wp-content\\\/uploads\\\/2024\\\/05\\\/OndertekenSkriuwersfakskoalle_2655_\u00a9JacobvanEssen_LR.jpg\",\"contentUrl\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/wp-content\\\/uploads\\\/2024\\\/05\\\/OndertekenSkriuwersfakskoalle_2655_\u00a9JacobvanEssen_LR.jpg\",\"width\":2500,\"height\":1622,\"caption\":\"\u00a9 Foto: Hoge Noorden \\\/ Jacob van Essen 16-05-2024 22 mei Leeuwarden Tresoar tekenmoment van de Skriuwersfakskoalle\\\/CoL\"},{\"@type\":\"BreadcrumbList\",\"@id\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/project\\\/magazine-letter-2024\\\/ferdjipping-foar-frysk-skriuwtalint\\\/#breadcrumb\",\"itemListElement\":[{\"@type\":\"ListItem\",\"position\":1,\"name\":\"Home\",\"item\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/\"},{\"@type\":\"ListItem\",\"position\":2,\"name\":\"Projecten\",\"item\":\"https:\\\/\\\/www.leeuwardencityofliterature.nl\\\/project\\\/\"},{\"@type\":\"ListItem\",\"position\":3,\"name\":\"Magazine LETTER 2024\",\"item\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/project\\\/magazine-letter-2024\\\/\"},{\"@type\":\"ListItem\",\"position\":4,\"name\":\"Ferdjipping foar Frysk skriuwtalint\"}]},{\"@type\":\"WebSite\",\"@id\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/#website\",\"url\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/\",\"name\":\"Leeuwarden City of Literature\",\"description\":\"\",\"potentialAction\":[{\"@type\":\"SearchAction\",\"target\":{\"@type\":\"EntryPoint\",\"urlTemplate\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/?s={search_term_string}\"},\"query-input\":{\"@type\":\"PropertyValueSpecification\",\"valueRequired\":true,\"valueName\":\"search_term_string\"}}],\"inLanguage\":\"nl-FY\"}]}<\/script>\n<!-- \/ Yoast SEO plugin. -->","yoast_head_json":{"title":"Ferdjipping foar Frysk skriuwtalint - Leeuwarden City of Literature","robots":{"index":"index","follow":"follow","max-snippet":"max-snippet:-1","max-image-preview":"max-image-preview:large","max-video-preview":"max-video-preview:-1"},"canonical":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-2024\/ferdjipping-foar-frysk-skriuwtalint\/","og_locale":"nl_NL","og_type":"article","og_title":"Ferdjipping foar Frysk skriuwtalint - Leeuwarden City of Literature","og_description":"It is healwei njoggenen j\u00fbns en skoft op de Skriuwersfakskoalle. Ut twa sealen yn Tresoar, Literatuermuseum, argyf en biblioteek Frysl\u00e2n, rinne lessen leech. In tsiental studinten giet oan de grutte tafel sitten, middenyn \u2019e hal. Der leit koeke op tafel, se kletse en drinke in kopke tee. De iene helte hat krekt po\u00ebzyles h\u00e2n en [&hellip;]","og_url":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-2024\/ferdjipping-foar-frysk-skriuwtalint\/","og_site_name":"Leeuwarden City of Literature","article_modified_time":"2025-12-04T20:17:45+00:00","og_image":[{"width":2500,"height":1622,"url":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2024\/05\/OndertekenSkriuwersfakskoalle_2655_\u00a9JacobvanEssen_LR.jpg","type":"image\/jpeg"}],"twitter_card":"summary_large_image","twitter_misc":{"Est. reading time":"7 minutes"},"schema":{"@context":"https:\/\/schema.org","@graph":[{"@type":"WebPage","@id":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-2024\/ferdjipping-foar-frysk-skriuwtalint\/","url":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-2024\/ferdjipping-foar-frysk-skriuwtalint\/","name":"Ferdjipping foar Frysk skriuwtalint - Leeuwarden City of Literature","isPartOf":{"@id":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/#website"},"primaryImageOfPage":{"@id":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-2024\/ferdjipping-foar-frysk-skriuwtalint\/#primaryimage"},"image":{"@id":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-2024\/ferdjipping-foar-frysk-skriuwtalint\/#primaryimage"},"thumbnailUrl":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2024\/05\/OndertekenSkriuwersfakskoalle_2655_\u00a9JacobvanEssen_LR.jpg","datePublished":"2024-07-11T18:54:04+00:00","dateModified":"2025-12-04T20:17:45+00:00","breadcrumb":{"@id":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-2024\/ferdjipping-foar-frysk-skriuwtalint\/#breadcrumb"},"inLanguage":"nl-FY","potentialAction":[{"@type":"ReadAction","target":["https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-2024\/ferdjipping-foar-frysk-skriuwtalint\/"]}]},{"@type":"ImageObject","inLanguage":"nl-FY","@id":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-2024\/ferdjipping-foar-frysk-skriuwtalint\/#primaryimage","url":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2024\/05\/OndertekenSkriuwersfakskoalle_2655_\u00a9JacobvanEssen_LR.jpg","contentUrl":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2024\/05\/OndertekenSkriuwersfakskoalle_2655_\u00a9JacobvanEssen_LR.jpg","width":2500,"height":1622,"caption":"\u00a9 Foto: Hoge Noorden \/ Jacob van Essen 16-05-2024 22 mei Leeuwarden Tresoar tekenmoment van de Skriuwersfakskoalle\/CoL"},{"@type":"BreadcrumbList","@id":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-2024\/ferdjipping-foar-frysk-skriuwtalint\/#breadcrumb","itemListElement":[{"@type":"ListItem","position":1,"name":"Home","item":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/"},{"@type":"ListItem","position":2,"name":"Projecten","item":"https:\/\/www.leeuwardencityofliterature.nl\/project\/"},{"@type":"ListItem","position":3,"name":"Magazine LETTER 2024","item":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-2024\/"},{"@type":"ListItem","position":4,"name":"Ferdjipping foar Frysk skriuwtalint"}]},{"@type":"WebSite","@id":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/#website","url":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/","name":"Leeuwarden City of Literature","description":"","potentialAction":[{"@type":"SearchAction","target":{"@type":"EntryPoint","urlTemplate":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/?s={search_term_string}"},"query-input":{"@type":"PropertyValueSpecification","valueRequired":true,"valueName":"search_term_string"}}],"inLanguage":"nl-FY"}]}},"_links":{"self":[{"href":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/project\/15392","targetHints":{"allow":["GET"]}}],"collection":[{"href":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/project"}],"about":[{"href":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/types\/project"}],"version-history":[{"count":0,"href":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/project\/15392\/revisions"}],"up":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/project\/15300"}],"wp:featuredmedia":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/media\/15013"}],"wp:attachment":[{"href":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/media?parent=15392"}],"wp:term":[{"taxonomy":"project_type","embeddable":true,"href":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/project_type?post=15392"}],"curies":[{"name":"wp","href":"https:\/\/api.w.org\/{rel}","templated":true}]}}