{"id":13383,"date":"2023-11-24T08:47:43","date_gmt":"2023-11-24T06:47:43","guid":{"rendered":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/?post_type=project&#038;p=13383"},"modified":"2025-12-04T22:22:32","modified_gmt":"2025-12-04T20:22:32","slug":"oade-oan-skientme","status":"publish","type":"project","link":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-20232\/oade-oan-skientme\/","title":{"rendered":"Oade oan skientme"},"content":{"rendered":"\n<p class=\"wp-block-paragraph\"><strong>Fotograaf, winkeleigener, Fries, boeredochter, dosint Ingelsk en h\u00fbnebaaske. Mirjan van der Meer (35) \u00fat Akkrum is in soad. En dochs is r\u00east har adagium. Klik op har website op de knop \u2018About\u2019 en der ferskine njoggen ultrakoarte omskriuwingen oer harsels. In ynterview oan de h\u00e2n fan dy eigen skets.<\/strong><\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\"><em>Tekst: Marrit de Schiffart | Foto\u2019s: Natalia Balanina<\/em><\/p>\n\n\n\n<blockquote class=\"wp-block-quote is-layout-flow wp-block-quote-is-layout-flow\">\n<p class=\"wp-block-paragraph\">Photographer<\/p>\n<\/blockquote>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">\u2018Fan jongs \u00f4f oan bin ik fassinearre troch byld, dochs ha ik mysels noait as fotograaf sjoen. Ik meitsje gjin foto\u2019s yn opdracht mar kre\u00ebarje eigen bylden op yntuysje en gefoel. Altyd b\u00fbten. Nostalgy, ambacht en ynspiraasje binne d\u00earby de kaaiwurden. It proses is it moaist: as ik fotografearje stiet de tiid stil, kom ik ta mysels, bin ik yn it momint en op dierbere plakken. Sielsgelokkich eins.\u2019<\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">\u2018Myn bylden geane de hiele wr\u00e2ld oer, as boekcovers. It beg\u00fbn yn 2008 doe\u2019t ien fan myn portretten op it omslach fan <em>De eenzaamheid van de priemgetallen<\/em> fan de Italiaanske skriuwer Paolo Giordano tel\u00e2ne kaam. De \u00fatjouwer hie de foto, s\u00fbnder my yn te ljochtsjen, fan DeviantART helle. It boek waard in bestseller en sa beg\u00fbn it baltsje te r\u00f4ljen. Ik kaam yn kontakt mei \u00fatjouwers wr\u00e2ldwiid en myn selsportretten steane \u00fbndertusken op hast h\u00fbndert ferskillende boeken.\u2019<\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">\u2018Mei in byld kin ik oeren en oeren dwaande w\u00eaze. Alles moat klopje. De kleur, de sfear, de komposysje. Ik meitsje altyd in trijel\u00fbk. Trije bylden dy\u2019t inoar fersterkje en in eigen flow foarmje.\u2019<\/p>\n\n\n\n<blockquote class=\"wp-block-quote is-layout-flow wp-block-quote-is-layout-flow\">\n<p class=\"wp-block-paragraph\">Autumn, November 1987<\/p>\n<\/blockquote>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">\u2018Myn bertemomint. Ik bin grut wurden op in pleats b\u00fbten Akkrum. It fotografearjen beg\u00fbn mei de analoge kamera fan heit en mem: ik wie al gau dejinge dy\u2019t de fak\u00e2nsjekykjes makke. D\u00earnei kamen de <em>wegwerpcamera\u2019s<\/em>, betelle fan myn eigen b\u00fbssinten. De foto\u2019s dy\u2019t ik d\u00earmei makke, plakte ik yn myn aginda. Op myn 18<sup>de<\/sup> jierdei frege ik \u00fas heit en mem om&nbsp; in kompakt kamera en d\u00earmei beg\u00fbn it echt. As ik moarns de gerdyntsjes iepenskode seach ik fuort watfoar waar it wie. Koe ik derop \u00fat om te fotografearjen? It tinken yn bylden hat der dus altyd yn sitten. Unbewust, in natuerlik yts. Dat jildt ek foar de winkel. Op it vmbo wie ik al dwaande mei moade en sketste klean. Foardat ik oan de dosinte-oplieding beg\u00fbn, folge ik in moade-oplieding. Fotografy en moade passe by-elkoar. No\u2019t ik s\u00fbnt in pear jier myn winkel yn Akkrum ha, fielt it as is de sirkel r\u00fbn. Mei Galerie Rooze komt alles by-elkoar: \u00fateinlik komst altyd \u00fat op datjinge wat dyn ynteresse hat.\u2019<\/p>\n\n\n\n<blockquote class=\"wp-block-quote is-layout-flow wp-block-quote-is-layout-flow\">\n<p class=\"wp-block-paragraph\">Born in Frisia (The Netherlands)<\/p>\n<\/blockquote>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">\u2018Frysl\u00e2n is belangryk foar my. It Fryske fielt echt as myn identiteit. Eins is dat hiel mysterieus, datst dat sa sterk fiele kinst. Ik neam it in oerkr\u00eaft. 98% fan myn foto\u2019s makke ik yn Frysl\u00e2n. Foaral yn Akkrum, by \u00fas heit en mem op \u2019e pleats. Foar my in magysk plak. Noch altyd fyn ik d\u00ear tafrielen dy\u2019t ik noch net f\u00eastlein ha. De r\u00east, de natuer dy\u2019t wy yn Frysl\u00e2n hawwe binne goud wurdich. Dat is ek de reden dat ik it geweldich fyn dat myn bylden no br\u00fbkt wurde foar de LETTER-covers en de kampanjebylden fan <em>Uitgesteld geluk<\/em> en <em>Page Against the Machine<\/em> fan <em>City of Literature<\/em>. Myn bylden, dy\u2019t hjir makke binne mei it oerfryske gefoel dat ik derby ha, wurde dield mei Fryske minsken. It past!\u2019<\/p>\n\n\n\n<blockquote class=\"wp-block-quote is-layout-flow wp-block-quote-is-layout-flow\">\n<p class=\"wp-block-paragraph\">Roaming the Northern lands of mist &amp; its mysteries<\/p>\n<\/blockquote>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">\u2018Ik fiel in konneksje mei noardlike lannen. Skandinavi\u00eb, Ysl\u00e2n, Skotl\u00e2n\u2026 Ik leau dat wy mei dy lannen ferb\u00fbn binne as it giet om dat oergefoel. De boeken dy\u2019t ik l\u00eas en de muzyk dy\u2019t ik l\u00fasterje hawwe faak in link mei it noarden. Foaral mytologyske ferhalen sprekke my oan; de romantyk fan froeger en de mystyk fan oare wr\u00e2lden.\u2019&nbsp;<\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">\u2018Mist spilet in grutte rol yn myn fotografy. Ik fotografearje graach moarns as de dize boppe de lannen hinget. Dat momint fan \u2018e dei, flak foardat it echt ljocht wurdt, is myn gouden oere. Ik hear gauris fan bekenden dat se oan my tinke moatte as it mistich is.\u2019<\/p>\n\n\n\n<blockquote class=\"wp-block-quote is-layout-flow wp-block-quote-is-layout-flow\">\n<p class=\"wp-block-paragraph\">Grew up as farmer\u2019s daughter surrounded by nature<\/p>\n<\/blockquote>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">\u2018De leafde foar it ambacht en de natuer ha ik fan h\u00fbs \u00fat mei krigen. Dat sjochst werom yn myn winkel. Galerie Rooze is in \u00fbnderdiel fan myn w\u00eazen, alles wat ik \u00fatdrage wol. Mei de produkten dy\u2019t ik ferkeapje, wol ik werom nei de basis, nei de skientme. Ik ferkeapje klean, kado\u2019s, aksessoires, boeken en myn keunst. De galery is in plak d\u00ear\u2019t kwaliteit en kreativiteit sintraal steane. De klean dy\u2019t ik ferkeapje binne tiidleas. Guon fan de merken dy\u2019t ik ferkeapje, bygelyks Son de Flor en Roosenstein Wolke (\u00fat Snits), wurkje mei basis\u00fbntwerpen. Want wat der is hoechst net op \u2019e nij \u00fat te finen. Schoonheid, skientme is al om \u00fas hinne. D\u00ear leau ik yn en dat wol ik \u00fatstrielje.\u2019<\/p>\n\n\n\n<blockquote class=\"wp-block-quote is-layout-flow wp-block-quote-is-layout-flow\">\n<p class=\"wp-block-paragraph\">Inspired by Sigur R\u00f3s, John Keats, J.R.R. Tolkien, Marianne Fredriksson &amp; BBC Costume drama<\/p>\n<\/blockquote>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">\u2018Sawol muzyk as literatuer ynspirearje my. Ik l\u00fasterje graach nei de Ysl\u00e2nske band Sigur R\u00f3s. Harren mytyske muzyk rekke my yn myn siel doe\u2019t ik it op myn 14<sup>de<\/sup> op de tv foarby kommen seach. Ek ferhalen of gedichten kinne my reitsje. De fantasy-literatuer fan J.R.R. Tolkien, fantastysk! L\u00eaze is machtich moai, as je dat op jonge leeftiid mei krije is in kado.\u2019<br><br>\u2018Ingelske boeken l\u00eas ik leafst yn it Ingelsk om alle nu\u00e2nses mei te pakken. Ik h\u00e2ld ek fan \u00e2lde talen of, sa\u2019t Tolkien bygelyks docht, nij kre\u00ebarre talen basearre op \u00e2lde talen. It gedicht <em>Oh Solitude!<\/em> <em>If I must with thee dwell<\/em> fan John Keats sprekt my oan fanwege it stikje iensumheid d\u00ear\u2019t hy it oer hat. Dat je \u00fat de stilte wei mei alles ferb\u00fbn binne en dat fan d\u00ear\u00fat de kreaasjekr\u00eaft komt. Yn de kost\u00famdrama\u2019s komt myn hang nei nostalgy wer nei foaren. Dat wie ek ien fan de redenen dat ik foar de oplieding ta dosint Ingelsk keas, de ynteresse yn skiednis.\u2019&nbsp;<\/p>\n\n\n\n<blockquote class=\"wp-block-quote is-layout-flow wp-block-quote-is-layout-flow\">\n<p class=\"wp-block-paragraph\">My mind is able to drift and my heart is able to create&nbsp;<\/p>\n<\/blockquote>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">\u2018De winkel is in ferlingstik fan myn fotografy. Ek d\u00ear foarmje nostalgy, ambacht en ynspiraasje de kearn. It \u00fbndernimmersplan hie ik samar op papier. As je ent\u00fbsjast binne en achter dingen steane, dan streamt it. Dan is it hiel ienf\u00e2ldich om te kre\u00ebarjen. Sa wist ik ek fuort dat de houten gevel in Sweedske reade kleur krije moast. As yntuysje en gefoel yn in flow komme, dan is der harmony en komt de kreativiteit fansels.\u2019&nbsp;&nbsp;<\/p>\n\n\n\n<blockquote class=\"wp-block-quote is-layout-flow wp-block-quote-is-layout-flow\">\n<p class=\"wp-block-paragraph\">A wanderer in solitude<\/p>\n<\/blockquote>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">\u2018Iensumheid betsjut foar my r\u00east en stilte. Dy fyn ik bygelyks as ik moarns betiid fan myn h\u00fbs yn Akkrum nei de pleats ta rin om te fotografearjen. Sadree\u2019t myn tekkel Karel en ik oer de grins fan doarp en plattel\u00e2n komme, falt alles stil. Dan is der allinne de natuer. De f\u00fbgels fluitsje, in hazze hipt fuort en ree\u00ebn komme soms boppe de mist \u00fat. As dan even letter de sinne op komt, is de wr\u00e2ld op har moaist. Dan ferjit ik de tiid en alles om my hinne, om werom te gean nei de basis, om te l\u00fasterjen nei myn eigen gefoel. In swalker yn iensumheid.\u2019<\/p>\n\n\n\n<blockquote class=\"wp-block-quote is-layout-flow wp-block-quote-is-layout-flow\">\n<p class=\"wp-block-paragraph\">Nature is key<\/p>\n<\/blockquote>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">\u2018Yn natuer komt alles by-inoar. Alles wat ik doch hat dermei te krijen. It is kr\u00eaftiger as de minske. Sa fiel ik bygelyks oan as der mist komt. Mist kinst r\u00fbke. De j\u00fbns fan tefoaren wit ik it al. Ik fernim it oan in bepaalde waarmte of kjeld. Dan wit ik dat ik myn kameraguod byelkoar pakke kin. Ik br\u00fbk net folle apparatuer, allinne myn kamera, statyf en \u00f4fst\u00e2nsbetsjinning. Gjin ekstra ljocht, filters of oare helpmiddels. Dat hoecht net; de natuer kre\u00ebarret it byld.\u2019&nbsp;&nbsp;<\/p>\n\n\n\n<figure class=\"wp-block-gallery has-nested-images columns-default is-cropped wp-block-gallery-1 is-layout-flex wp-block-gallery-is-layout-flex\">\n<figure class=\"wp-block-image size-large is-style-default\"><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" width=\"1707\" height=\"2560\" data-id=\"13384\" src=\"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2023\/11\/NataliaBalanina_COL_MirjanRooze_LR-7-1-scaled.jpg\" alt=\"\" class=\"wp-image-13384\" srcset=\"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2023\/11\/NataliaBalanina_COL_MirjanRooze_LR-7-1-scaled.jpg 1707w, https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2023\/11\/NataliaBalanina_COL_MirjanRooze_LR-7-1-800x1200.jpg 800w, https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2023\/11\/NataliaBalanina_COL_MirjanRooze_LR-7-1-1280x1920.jpg 1280w, https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2023\/11\/NataliaBalanina_COL_MirjanRooze_LR-7-1-400x600.jpg 400w, https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2023\/11\/NataliaBalanina_COL_MirjanRooze_LR-7-1-768x1152.jpg 768w, https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2023\/11\/NataliaBalanina_COL_MirjanRooze_LR-7-1-1024x1536.jpg 1024w, https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2023\/11\/NataliaBalanina_COL_MirjanRooze_LR-7-1-1365x2048.jpg 1365w\" sizes=\"auto, (max-width: 1707px) 100vw, 1707px\" \/><\/figure>\n\n\n\n<figure class=\"wp-block-image size-large is-style-default\"><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" width=\"1722\" height=\"2560\" data-id=\"13387\" src=\"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2023\/11\/NataliaBalanina_COL_MirjanRooze_LR-2-1-scaled.jpg\" alt=\"\" class=\"wp-image-13387\" srcset=\"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2023\/11\/NataliaBalanina_COL_MirjanRooze_LR-2-1-scaled.jpg 1722w, https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2023\/11\/NataliaBalanina_COL_MirjanRooze_LR-2-1-807x1200.jpg 807w, https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2023\/11\/NataliaBalanina_COL_MirjanRooze_LR-2-1-1292x1920.jpg 1292w, https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2023\/11\/NataliaBalanina_COL_MirjanRooze_LR-2-1-404x600.jpg 404w, https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2023\/11\/NataliaBalanina_COL_MirjanRooze_LR-2-1-768x1142.jpg 768w, https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2023\/11\/NataliaBalanina_COL_MirjanRooze_LR-2-1-1033x1536.jpg 1033w, https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2023\/11\/NataliaBalanina_COL_MirjanRooze_LR-2-1-1378x2048.jpg 1378w\" sizes=\"auto, (max-width: 1722px) 100vw, 1722px\" \/><\/figure>\n\n\n\n<figure class=\"wp-block-image size-large is-style-default\"><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" width=\"1808\" height=\"2560\" data-id=\"13314\" src=\"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2023\/11\/NataliaBalanina_COL_MirjanRooze_LR-4-scaled.jpg\" alt=\"\" class=\"wp-image-13314\" srcset=\"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2023\/11\/NataliaBalanina_COL_MirjanRooze_LR-4-scaled.jpg 1808w, https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2023\/11\/NataliaBalanina_COL_MirjanRooze_LR-4-848x1200.jpg 848w, https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2023\/11\/NataliaBalanina_COL_MirjanRooze_LR-4-1356x1920.jpg 1356w, https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2023\/11\/NataliaBalanina_COL_MirjanRooze_LR-4-424x600.jpg 424w, https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2023\/11\/NataliaBalanina_COL_MirjanRooze_LR-4-768x1087.jpg 768w, https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2023\/11\/NataliaBalanina_COL_MirjanRooze_LR-4-1085x1536.jpg 1085w, https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2023\/11\/NataliaBalanina_COL_MirjanRooze_LR-4-1447x2048.jpg 1447w\" sizes=\"auto, (max-width: 1808px) 100vw, 1808px\" \/><\/figure>\n<\/figure>\n\n\n\n<!--more-->\n\n\n\n<div id=\"narrow-column-1764758271581-143\" class=\"wp-block-custom-narrow-column narrow-column offset-space-16\"><\/div>\n","protected":false},"excerpt":{"rendered":"<p>Fotograaf, winkeleigener, Fries, boeredochter, dosint Ingelsk en h\u00fbnebaaske. Mirjan van der Meer (35) \u00fat Akkrum is in soad. En dochs is r\u00east har adagium. Klik op har website op de knop \u2018About\u2019 en der ferskine njoggen ultrakoarte omskriuwingen oer harsels. In ynterview oan de h\u00e2n fan dy eigen skets. Tekst: Marrit de Schiffart | Foto\u2019s: [&hellip;]<\/p>\n","protected":false},"featured_media":13304,"parent":15308,"menu_order":170,"template":"","project_type":[],"class_list":["post-13383","project","type-project","status-publish","has-post-thumbnail","hentry"],"acf":[],"yoast_head":"<!-- This site is optimized with the Yoast SEO plugin v28.7 - https:\/\/yoast.com\/product\/yoast-seo-wordpress\/ -->\n<title>Oade oan skientme - Leeuwarden City of Literature<\/title>\n<meta name=\"robots\" content=\"index, follow, max-snippet:-1, max-image-preview:large, max-video-preview:-1\" \/>\n<link rel=\"canonical\" href=\"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-20232\/oade-oan-skientme\/\" \/>\n<meta property=\"og:locale\" content=\"nl_NL\" \/>\n<meta property=\"og:type\" content=\"article\" \/>\n<meta property=\"og:title\" content=\"Oade oan skientme - Leeuwarden City of Literature\" \/>\n<meta property=\"og:description\" content=\"Fotograaf, winkeleigener, Fries, boeredochter, dosint Ingelsk en h\u00fbnebaaske. Mirjan van der Meer (35) \u00fat Akkrum is in soad. En dochs is r\u00east har adagium. Klik op har website op de knop \u2018About\u2019 en der ferskine njoggen ultrakoarte omskriuwingen oer harsels. In ynterview oan de h\u00e2n fan dy eigen skets. Tekst: Marrit de Schiffart | Foto\u2019s: [&hellip;]\" \/>\n<meta property=\"og:url\" content=\"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-20232\/oade-oan-skientme\/\" \/>\n<meta property=\"og:site_name\" content=\"Leeuwarden City of Literature\" \/>\n<meta property=\"article:modified_time\" content=\"2025-12-04T20:22:32+00:00\" \/>\n<meta property=\"og:image\" content=\"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2023\/11\/NataliaBalanina_COL_MirjanRooze_LR-1-scaled.jpg\" \/>\n\t<meta property=\"og:image:width\" content=\"2560\" \/>\n\t<meta property=\"og:image:height\" content=\"1707\" \/>\n\t<meta property=\"og:image:type\" content=\"image\/jpeg\" \/>\n<meta name=\"twitter:card\" content=\"summary_large_image\" \/>\n<meta name=\"twitter:label1\" content=\"Est. reading time\" \/>\n\t<meta name=\"twitter:data1\" content=\"7 minutes\" \/>\n<script type=\"application\/ld+json\" class=\"yoast-schema-graph\">{\"@context\":\"https:\\\/\\\/schema.org\",\"@graph\":[{\"@type\":\"WebPage\",\"@id\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/project\\\/magazine-letter-20232\\\/oade-oan-skientme\\\/\",\"url\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/project\\\/magazine-letter-20232\\\/oade-oan-skientme\\\/\",\"name\":\"Oade oan skientme - Leeuwarden City of Literature\",\"isPartOf\":{\"@id\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/#website\"},\"primaryImageOfPage\":{\"@id\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/project\\\/magazine-letter-20232\\\/oade-oan-skientme\\\/#primaryimage\"},\"image\":{\"@id\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/project\\\/magazine-letter-20232\\\/oade-oan-skientme\\\/#primaryimage\"},\"thumbnailUrl\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/wp-content\\\/uploads\\\/2023\\\/11\\\/NataliaBalanina_COL_MirjanRooze_LR-1-scaled.jpg\",\"datePublished\":\"2023-11-24T06:47:43+00:00\",\"dateModified\":\"2025-12-04T20:22:32+00:00\",\"breadcrumb\":{\"@id\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/project\\\/magazine-letter-20232\\\/oade-oan-skientme\\\/#breadcrumb\"},\"inLanguage\":\"nl-FY\",\"potentialAction\":[{\"@type\":\"ReadAction\",\"target\":[\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/project\\\/magazine-letter-20232\\\/oade-oan-skientme\\\/\"]}]},{\"@type\":\"ImageObject\",\"inLanguage\":\"nl-FY\",\"@id\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/project\\\/magazine-letter-20232\\\/oade-oan-skientme\\\/#primaryimage\",\"url\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/wp-content\\\/uploads\\\/2023\\\/11\\\/NataliaBalanina_COL_MirjanRooze_LR-1-scaled.jpg\",\"contentUrl\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/wp-content\\\/uploads\\\/2023\\\/11\\\/NataliaBalanina_COL_MirjanRooze_LR-1-scaled.jpg\",\"width\":2560,\"height\":1707},{\"@type\":\"BreadcrumbList\",\"@id\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/project\\\/magazine-letter-20232\\\/oade-oan-skientme\\\/#breadcrumb\",\"itemListElement\":[{\"@type\":\"ListItem\",\"position\":1,\"name\":\"Home\",\"item\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/\"},{\"@type\":\"ListItem\",\"position\":2,\"name\":\"Projecten\",\"item\":\"https:\\\/\\\/www.leeuwardencityofliterature.nl\\\/project\\\/\"},{\"@type\":\"ListItem\",\"position\":3,\"name\":\"Magazine LETTER 2023|#2\",\"item\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/project\\\/magazine-letter-20232\\\/\"},{\"@type\":\"ListItem\",\"position\":4,\"name\":\"Oade oan skientme\"}]},{\"@type\":\"WebSite\",\"@id\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/#website\",\"url\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/\",\"name\":\"Leeuwarden City of Literature\",\"description\":\"\",\"potentialAction\":[{\"@type\":\"SearchAction\",\"target\":{\"@type\":\"EntryPoint\",\"urlTemplate\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/?s={search_term_string}\"},\"query-input\":{\"@type\":\"PropertyValueSpecification\",\"valueRequired\":true,\"valueName\":\"search_term_string\"}}],\"inLanguage\":\"nl-FY\"}]}<\/script>\n<!-- \/ Yoast SEO plugin. -->","yoast_head_json":{"title":"Oade oan skientme - Leeuwarden City of Literature","robots":{"index":"index","follow":"follow","max-snippet":"max-snippet:-1","max-image-preview":"max-image-preview:large","max-video-preview":"max-video-preview:-1"},"canonical":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-20232\/oade-oan-skientme\/","og_locale":"nl_NL","og_type":"article","og_title":"Oade oan skientme - Leeuwarden City of Literature","og_description":"Fotograaf, winkeleigener, Fries, boeredochter, dosint Ingelsk en h\u00fbnebaaske. Mirjan van der Meer (35) \u00fat Akkrum is in soad. En dochs is r\u00east har adagium. Klik op har website op de knop \u2018About\u2019 en der ferskine njoggen ultrakoarte omskriuwingen oer harsels. In ynterview oan de h\u00e2n fan dy eigen skets. Tekst: Marrit de Schiffart | Foto\u2019s: [&hellip;]","og_url":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-20232\/oade-oan-skientme\/","og_site_name":"Leeuwarden City of Literature","article_modified_time":"2025-12-04T20:22:32+00:00","og_image":[{"width":2560,"height":1707,"url":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2023\/11\/NataliaBalanina_COL_MirjanRooze_LR-1-scaled.jpg","type":"image\/jpeg"}],"twitter_card":"summary_large_image","twitter_misc":{"Est. reading time":"7 minutes"},"schema":{"@context":"https:\/\/schema.org","@graph":[{"@type":"WebPage","@id":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-20232\/oade-oan-skientme\/","url":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-20232\/oade-oan-skientme\/","name":"Oade oan skientme - Leeuwarden City of Literature","isPartOf":{"@id":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/#website"},"primaryImageOfPage":{"@id":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-20232\/oade-oan-skientme\/#primaryimage"},"image":{"@id":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-20232\/oade-oan-skientme\/#primaryimage"},"thumbnailUrl":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2023\/11\/NataliaBalanina_COL_MirjanRooze_LR-1-scaled.jpg","datePublished":"2023-11-24T06:47:43+00:00","dateModified":"2025-12-04T20:22:32+00:00","breadcrumb":{"@id":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-20232\/oade-oan-skientme\/#breadcrumb"},"inLanguage":"nl-FY","potentialAction":[{"@type":"ReadAction","target":["https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-20232\/oade-oan-skientme\/"]}]},{"@type":"ImageObject","inLanguage":"nl-FY","@id":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-20232\/oade-oan-skientme\/#primaryimage","url":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2023\/11\/NataliaBalanina_COL_MirjanRooze_LR-1-scaled.jpg","contentUrl":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2023\/11\/NataliaBalanina_COL_MirjanRooze_LR-1-scaled.jpg","width":2560,"height":1707},{"@type":"BreadcrumbList","@id":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-20232\/oade-oan-skientme\/#breadcrumb","itemListElement":[{"@type":"ListItem","position":1,"name":"Home","item":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/"},{"@type":"ListItem","position":2,"name":"Projecten","item":"https:\/\/www.leeuwardencityofliterature.nl\/project\/"},{"@type":"ListItem","position":3,"name":"Magazine LETTER 2023|#2","item":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-20232\/"},{"@type":"ListItem","position":4,"name":"Oade oan skientme"}]},{"@type":"WebSite","@id":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/#website","url":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/","name":"Leeuwarden City of Literature","description":"","potentialAction":[{"@type":"SearchAction","target":{"@type":"EntryPoint","urlTemplate":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/?s={search_term_string}"},"query-input":{"@type":"PropertyValueSpecification","valueRequired":true,"valueName":"search_term_string"}}],"inLanguage":"nl-FY"}]}},"_links":{"self":[{"href":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/project\/13383","targetHints":{"allow":["GET"]}}],"collection":[{"href":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/project"}],"about":[{"href":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/types\/project"}],"version-history":[{"count":0,"href":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/project\/13383\/revisions"}],"up":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/project\/15308"}],"wp:featuredmedia":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/media\/13304"}],"wp:attachment":[{"href":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/media?parent=13383"}],"wp:term":[{"taxonomy":"project_type","embeddable":true,"href":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/project_type?post=13383"}],"curies":[{"name":"wp","href":"https:\/\/api.w.org\/{rel}","templated":true}]}}