{"id":13370,"date":"2023-11-24T08:47:15","date_gmt":"2023-11-24T06:47:15","guid":{"rendered":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/?post_type=project&#038;p=13370"},"modified":"2025-12-04T22:21:43","modified_gmt":"2025-12-04T20:21:43","slug":"yn-petear-mei-skriuwer-lex-paleaux","status":"publish","type":"project","link":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-20232\/yn-petear-mei-skriuwer-lex-paleaux\/","title":{"rendered":"Yn petear mei skriuwer Lex Paleaux"},"content":{"rendered":"\n<p class=\"wp-block-paragraph\"><strong>Fan skriuwer, (radio)kollumnist en senarist Lex Paleaux (1977) ferskynde dit jier syn fierder roman, <em>Als de dood zucht, houd ik mijn adem in<\/em>. Mei kompassy en humor beskriuwt er de libbens fan acht jongeren yn in psychiatryske jeugdklinyk. Hoewol\u2019t Paleaux foar dit \u00fbnderwerp mear as royaal \u00fat eigen \u00fbnderfining putte kin, wurde syn romans nergens swier. Hy berikt dan ek in hieltyd grutter publyk mei syn wurk. Syn deb\u00fat <em>Winterwater <\/em>ferskynt meikoarten yn it Frysk by \u00fatjouwerij Noordboek en de te\u00e4terferzje derfan giet yn jannewaris 2024 yn premj\u00eare. Wy sochten Lex op yn syn wenplak Haarlim.<\/strong><\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">Tekst en foto: Marc Knip<\/p>\n\n\n\n<blockquote class=\"wp-block-quote is-layout-flow wp-block-quote-is-layout-flow\">\n<p class=\"wp-block-paragraph\"><strong>\u2018Dat der skielk in <em>Winterwetter<\/em> ferskynt, rekket my hiel djip\u2019<\/strong><\/p>\n<\/blockquote>\n\n\n\n<h5 class=\"wp-block-heading\">Wannear begjinne dyn oantinkens oan boeken?<\/h5>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">\u2018As bern wenne ik sawat yn \u2019e biblioteek en ferlear ik mysels hielendal yn it l\u00eazen. Dat beg\u00fbn mei strips as <em>De wondersloffen van Sjakie<\/em> en d\u00earwei gie it nei Thea Beckman, Evert Hartman, alles fan Lemniscaat. Ik ha hiel lang tocht dat Lemniscaat de skriuwer wie. Dy man is goed, tocht ik.\u2019<\/p>\n\n\n\n<h5 class=\"wp-block-heading\">Wat betsjutte boeken foar dy?<\/h5>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">\u2018Ik ha in frij heftich libben h\u00e2n en wie ek in skoft dakleas, ik wie in jier as trijentweintich. Ik libbe op strjitte yn Amersfoort en die putsjes om yn myn libbens\u00fbnderh\u00e2ld te foarsjen. Op in bepaald stuit joech ien my as beleanning in boekebon. Ik wie razend, wat moast ik d\u00ear no mei? In tiid letter seach ik by in kiosk it boek <em>Ik omhels je met duizend armen<\/em> fan Ronald Giphart stean. De titel spruts my geweldich oan en de boekebon kaam yn \u2019t sin. Ik kocht it boek en \u00fbnder it l\u00eazen tocht ik: wow, sa kin it dus ek. Dit wie hiel oars as de boeken dy\u2019t my heugen fan \u2019e l\u00easlist op skoalle. Ik fielde foar it earst: miskien kin ik dat ek wol. It moaie is dat Giphart it foarwurd fan myn tredde roman <em>Vlo<\/em> skreau. Fan doe \u00f4f mocht ik my fan mysels ek echt auteur neame. Ik ha de boekebonjouwer ferline jier besocht op te spoaren, hy hat gjin idee wat er foar my betsjutten hat. Spitigern\u00f4ch ha ik him net f\u00fbn.\u2019<\/p>\n\n\n\n<h5 class=\"wp-block-heading\">Nei dy \u00fbnderfining bist beg\u00fbn te skriuwen?<\/h5>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">\u2018Ja, it hat noch even duorre, mar ik ha mysels op in bepaald stuit ynskreaun by in skriuwersfakskoalle. Moast in ferhaal ynstjoere om talitten te wurden. By de beoardieling derfan sieten wy mei in man as tolve byinoar en de dosint sei: der is ien stik dat ik foarl\u00eaze woe. Hy begjint en ik tink, ferdomd, dat is myn ferhaal. Ik wie yn \u2019e wolken en seach it begjin fan myn skriuwerskip al foar my. Nei it l\u00eazen fan \u2019e l\u00easte wurden sei de dosint: dit is dus kleare rotsoai. Ik woe it leafst oplosse yn it neat. Ik g\u00fblde. Nei de les naam er my gelokkich apart en sei: \u201cBegryp my net ferkeard, hjir mankearret fan alles oan, mar wat ik myn learlingen graach meijaan wolle soe, is net wat datst <em>leare<\/em> kinst, en dat sit allegear w\u00f3l yn dit ferhaal. Elke sin fret ik op, ik r\u00fbkt gers d\u00ear\u2019tst oer skriuwst, hear de wyn troch de beammen waaien en dyn karakters komme ta libben. Do moatst no earst meters meitsje.\u201d En dat ha ik dien.\u2019<\/p>\n\n\n\n<h5 class=\"wp-block-heading\">Do beriktest dyn earste publyk mei dyn kollums en waardst benadere troch in \u00fatjouwer, dy\u2019t se publisearje woe. Do wiisdest se derop datst in folt\u00f4ge roman op \u2019e planke lizzen hiest. Hoe siet dat: wie it wol de bedoeling dat dy publisearre waard?<\/h5>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">\u2018Absol\u00fat. <em>Winterwater<\/em> hie al l\u00e2ns de burelen fan Uitgeverij Lebowski west. D\u00ear wie it oardiel: meislepend, spannend, pageturner. Mar ek: \u00fatk\u00f4ge tema. Doe ha ik it manuskript oan \u2019e kant lein en bin ik kollums beg\u00fbn te skriuwen, \u00fat it perspektyf fan \u2019e protagonist fan <em>Winterwater<\/em> wei. Doe\u2019t dy kollums suksesfol waarden, wie it ek tiid foar dat boek. Dus ja, ik woe publisearje, mar de r\u00fbte derhinne wie noch \u00fbnwis.\u2019<\/p>\n\n\n\n<h5 class=\"wp-block-heading\">Wat hat skriuwen mei dy dien?<\/h5>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">\u2018It hat my in libben j\u00fbn d\u00ear\u2019t ik net fan dreame doard hie dat ik it oait liede soe. It hat in r\u00eadingsboei west, hoewol\u2019t ik dat pas mei weromwurkjende kr\u00eaft sa sjoch. Boppedat fielt it fijn om dyn talint \u00fbntdekke en \u00fbntwikkelje te meien. Ik bin no mei myn fyfde roman dwaande, <em>Liftend naar de hemel<\/em>, en myn f\u00easte redakteur fertroude my nei de earste l\u00eazing ta: \u201cHast al fan it begjin \u00f4f in hiel d\u00fadlike pinne, mar skriuwst ek hieltyd mear raffinearre.\u201d Dat jout my fertrouwen. En it h\u00e2ldt my fan \u2019e dyk. Boppedat is it in foarrjocht om myn gefoelens, mar ek dy fan oaren, in stim te jaan. Dat ien my oansprekt en my fertelt dat myn boek him as har rekke hat, is my in hiel soad wurdich.\u2019<\/p>\n\n\n\n<h5 class=\"wp-block-heading\">Is skriuwen foar dy terapeutysk?<\/h5>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">\u2018Hm, ik fyn it sels altyd hiel yngewikkeld as minsken in boek skriuwe as <em>ferwurking<\/em>: sitst nei myn beskieden miening dan noch te ticht op \u2019e matearje. It gefoel kin de l\u00eazer dan bekr\u00fbpe in foyeur te w\u00eazen en dat is it l\u00easte dat ik oproppe wol. It is net foar neat dat ik debutearre op myn 42e. Pas doe hie ik gen\u00f4ch \u00f4fst\u00e2n nommen fan myn jeugd. Ik wol datst dy by it l\u00eazen fan myn boeken \u00fbnderdiel fielst fan wat der bart. Jierren lyn wie ik by in te\u00e4terfoarstelling mei yn ien fan \u2019e haadrollen immen dy\u2019t ik koe, in aktrise dy\u2019t op dat stuit troch in swiere perioade gie. By de emosjonele s\u00eanes stie se g\u00fblend op it poadium. Doe fielde ik: dit is te folle, ik wol dit net sjen, hjir is te folle oan \u2019e h\u00e2n.\u2019<\/p>\n\n\n\n<h5 class=\"wp-block-heading\">Fynst datst better wurdst as skriuwer?<\/h5>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">\u2018Dat fyn ik dreech te be\u00e4ntwurdzjen. Ik fyn it lestich om oer mysels te tinken as in \u2018goede skriuwer\u2019. Soms kwattelje ik dingen del, d\u00ear\u2019t ik it idee fan ha dat de l\u00eazer se fan h\u00fbndert kilometer oankommen sjocht, dy\u2019t dan doch blike te ferrassen. Dus blykber ha ik in wize fan skriuwen \u00fbntwikkele dy\u2019t oansprekt. Wurd ik better? Ik lit dat graach oer oan oaren om oer te oardieljen. Ik fernim wol in \u00fbntwikkeling yn myn wize fan wurkjen. Yn <em>Als de dood zucht<\/em> skriuw ik \u00fat it perspektyf fan acht minsken wei, d\u00ear\u00fbnder froulju, d\u00ear wie ik by myn deb\u00fat echt noch net oan ta. It delsetten fan struktueren en ferhaallinen is in proses. Silst my net sizzen hearre dat ik better wurd, mar ik fyn myn meast resinte boek wol myn b\u00easte oant no ta.\u2019<\/p>\n\n\n\n<h5 class=\"wp-block-heading\">Yn hoefier kin literatuer foar ferbining soargje?<\/h5>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">\u2018Mei\u2019t ik beg\u00fbn bin te skriuwen, is it kontakt mei myn famylje wer goed makke en dat is my mear wurdich as hokker liter\u00eare priis dan ek. Myn mem f\u00fbn it hiel heftich om <em>Winterwater<\/em> te l\u00eazen, mar wie tagelyk ek grutsk, dat seit in soad oer har. Ik ha it ek noait skreaun as in traap-nei-boek. De rollen binne no fansels ek oars. Eartiids wie ik it lytse soantsje en broerke dat algeduerigen problemen hie en \u00fbnr\u00east feroarsake, no bin ik sels folwoeksen, heit fan in jonge dochter en besykje ik wat fan it libben te meitsjen. Myn suster Anna de Swart hat koartlyn in po\u00ebzybondel \u00fatj\u00fbn, <em>Briefjes in je broodtrommel<\/em>, en sa ha wy ynienen wat dat \u00fas ferbynt, d\u00ear\u2019t gjin lading op leit. Wy ha oare petearen en sy fielt har net mear de \u00e2ldere suster dy\u2019t op hat broerke passe moat. Moai dat it sa rinne kin.\u2019<\/p>\n\n\n\n<h5 class=\"wp-block-heading\">Bist Frysktalich grutbrocht?<\/h5>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">\u2018Jawis! In jier as wat lyn, doe\u2019t ik oan myn deb\u00fatroman wurke, seach ik op in j\u00fbn nei de film <em>De hel van \u201963<\/em>. Ik hie doe hiel lang net yn Frysl\u00e2n west. De film begjint yn it Frysk en by de earste sin fielde ik fuort: ja, d\u00ear kom ik wei, dat is myn bertegr\u00fbn. Fansels lizze der hiel ferfelende oantinkens, mar dy dogge neat \u00f4f oan myn leafde foar Frysl\u00e2n. Ik bin in grutske Fries. En: <em>Winterwater<\/em> wurdt oerset yn it Frysk. Myn fantastyske pake, dy\u2019t my alhiel akseptearre sa\u2019t ik wie en dy\u2019t ferstoar doe\u2019t ik fjirtjin wie, soe no sa grutsk op my w\u00eaze. Ja, dat der skielk in <em>Winterwetter <\/em>yn \u2019e winkels leit, rekket my hiel djip.\u2019<\/p>\n\n\n\n<figure class=\"wp-block-gallery has-nested-images columns-default is-cropped wp-block-gallery-1 is-layout-flex wp-block-gallery-is-layout-flex\">\n<figure class=\"wp-block-image size-large is-style-default\"><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" width=\"810\" height=\"1200\" data-id=\"13371\" src=\"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2023\/11\/ikomhelsjemetduizendarmen-1.jpeg\" alt=\"\" class=\"wp-image-13371\" srcset=\"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2023\/11\/ikomhelsjemetduizendarmen-1.jpeg 810w, https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2023\/11\/ikomhelsjemetduizendarmen-1-405x600.jpeg 405w, https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2023\/11\/ikomhelsjemetduizendarmen-1-768x1138.jpeg 768w\" sizes=\"auto, (max-width: 810px) 100vw, 810px\" \/><\/figure>\n\n\n\n<figure class=\"wp-block-image size-large is-style-default\"><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" width=\"338\" height=\"500\" data-id=\"13251\" src=\"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2023\/11\/gegijzeld.jpeg\" alt=\"\" class=\"wp-image-13251\"\/><\/figure>\n\n\n\n<figure class=\"wp-block-image size-large is-style-default\"><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" width=\"1000\" height=\"1500\" data-id=\"13250\" src=\"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2023\/11\/childrenofthecorn.webp\" alt=\"\" class=\"wp-image-13250\" srcset=\"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2023\/11\/childrenofthecorn.webp 1000w, https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2023\/11\/childrenofthecorn-800x1200.webp 800w, https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2023\/11\/childrenofthecorn-400x600.webp 400w, https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2023\/11\/childrenofthecorn-768x1152.webp 768w\" sizes=\"auto, (max-width: 1000px) 100vw, 1000px\" \/><\/figure>\n<\/figure>\n\n\n\n<h3 class=\"wp-block-heading\"><strong>Top 3 l\u00eastips fan Lex Paleaux<\/strong><br><\/h3>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\"><\/p>\n\n\n\n<h4 class=\"wp-block-heading\"><em>Ronald Giphart &#8211; Ik omhels je met duizend armen (2000)<\/em><\/h4>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">Literatuer waard ynienen berikber: s\u00fbnder pretinsjes, mar wol mei djipgong.<\/p>\n\n\n\n<h4 class=\"wp-block-heading\"><em>Evert Hartman &#8211; Gegijzeld (1984)<\/em><\/h4>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">Meardere ferhaallinen trochinoar, d\u00ear\u2019t ferskillende libbens mear by oerienkamen as dat ik ynearsten tocht. Earste boek d\u00ear\u2019t ik om g\u00fble moast.<\/p>\n\n\n\n<h4 class=\"wp-block-heading\"><em>Stephen King &#8211; Children of the Corn (1977)<\/em><\/h4>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">In boek dat ik as bern net l\u00eaze mocht, mar stikem \u2018pikt\u2019 hie \u00fat de folwoeksene\u00f4fdieling yn \u2019e biblioteek. Ik ferstoppe it efter de plantebak, lies it yn ien wike \u00fat oan \u2019e l\u00eastafel, mei in strikboek derfoar om net op te fallen. It wie myn earste yn \u2019e kunde kommen mei boeken foar \u2018grutte minsken\u2019.<\/p>\n\n\n\n<!--more-->\n\n\n\n<div id=\"narrow-column-1764758271581-143\" class=\"wp-block-custom-narrow-column narrow-column offset-space-16\"><\/div>\n","protected":false},"excerpt":{"rendered":"<p>Fan skriuwer, (radio)kollumnist en senarist Lex Paleaux (1977) ferskynde dit jier syn fierder roman, Als de dood zucht, houd ik mijn adem in. Mei kompassy en humor beskriuwt er de libbens fan acht jongeren yn in psychiatryske jeugdklinyk. Hoewol\u2019t Paleaux foar dit \u00fbnderwerp mear as royaal \u00fat eigen \u00fbnderfining putte kin, wurde syn romans nergens [&hellip;]<\/p>\n","protected":false},"featured_media":13242,"parent":15308,"menu_order":162,"template":"","project_type":[],"class_list":["post-13370","project","type-project","status-publish","has-post-thumbnail","hentry"],"acf":[],"yoast_head":"<!-- This site is optimized with the Yoast SEO plugin v28.7 - https:\/\/yoast.com\/product\/yoast-seo-wordpress\/ -->\n<title>Yn petear mei skriuwer Lex Paleaux - Leeuwarden City of Literature<\/title>\n<meta name=\"robots\" content=\"index, follow, max-snippet:-1, max-image-preview:large, max-video-preview:-1\" \/>\n<link rel=\"canonical\" href=\"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-20232\/yn-petear-mei-skriuwer-lex-paleaux\/\" \/>\n<meta property=\"og:locale\" content=\"nl_NL\" \/>\n<meta property=\"og:type\" content=\"article\" \/>\n<meta property=\"og:title\" content=\"Yn petear mei skriuwer Lex Paleaux - Leeuwarden City of Literature\" \/>\n<meta property=\"og:description\" content=\"Fan skriuwer, (radio)kollumnist en senarist Lex Paleaux (1977) ferskynde dit jier syn fierder roman, Als de dood zucht, houd ik mijn adem in. Mei kompassy en humor beskriuwt er de libbens fan acht jongeren yn in psychiatryske jeugdklinyk. Hoewol\u2019t Paleaux foar dit \u00fbnderwerp mear as royaal \u00fat eigen \u00fbnderfining putte kin, wurde syn romans nergens [&hellip;]\" \/>\n<meta property=\"og:url\" content=\"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-20232\/yn-petear-mei-skriuwer-lex-paleaux\/\" \/>\n<meta property=\"og:site_name\" content=\"Leeuwarden City of Literature\" \/>\n<meta property=\"article:modified_time\" content=\"2025-12-04T20:21:43+00:00\" \/>\n<meta property=\"og:image\" content=\"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2023\/11\/Lex_Paleaux_LETTER_winter23_\u00a9Marc-Knip_01_web.jpg\" \/>\n\t<meta property=\"og:image:width\" content=\"1500\" \/>\n\t<meta property=\"og:image:height\" content=\"1000\" \/>\n\t<meta property=\"og:image:type\" content=\"image\/jpeg\" \/>\n<meta name=\"twitter:card\" content=\"summary_large_image\" \/>\n<meta name=\"twitter:label1\" content=\"Est. reading time\" \/>\n\t<meta name=\"twitter:data1\" content=\"9 minutes\" \/>\n<script type=\"application\/ld+json\" class=\"yoast-schema-graph\">{\"@context\":\"https:\\\/\\\/schema.org\",\"@graph\":[{\"@type\":\"WebPage\",\"@id\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/project\\\/magazine-letter-20232\\\/yn-petear-mei-skriuwer-lex-paleaux\\\/\",\"url\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/project\\\/magazine-letter-20232\\\/yn-petear-mei-skriuwer-lex-paleaux\\\/\",\"name\":\"Yn petear mei skriuwer Lex Paleaux - Leeuwarden City of Literature\",\"isPartOf\":{\"@id\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/#website\"},\"primaryImageOfPage\":{\"@id\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/project\\\/magazine-letter-20232\\\/yn-petear-mei-skriuwer-lex-paleaux\\\/#primaryimage\"},\"image\":{\"@id\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/project\\\/magazine-letter-20232\\\/yn-petear-mei-skriuwer-lex-paleaux\\\/#primaryimage\"},\"thumbnailUrl\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/wp-content\\\/uploads\\\/2023\\\/11\\\/Lex_Paleaux_LETTER_winter23_\u00a9Marc-Knip_01_web.jpg\",\"datePublished\":\"2023-11-24T06:47:15+00:00\",\"dateModified\":\"2025-12-04T20:21:43+00:00\",\"breadcrumb\":{\"@id\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/project\\\/magazine-letter-20232\\\/yn-petear-mei-skriuwer-lex-paleaux\\\/#breadcrumb\"},\"inLanguage\":\"nl-FY\",\"potentialAction\":[{\"@type\":\"ReadAction\",\"target\":[\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/project\\\/magazine-letter-20232\\\/yn-petear-mei-skriuwer-lex-paleaux\\\/\"]}]},{\"@type\":\"ImageObject\",\"inLanguage\":\"nl-FY\",\"@id\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/project\\\/magazine-letter-20232\\\/yn-petear-mei-skriuwer-lex-paleaux\\\/#primaryimage\",\"url\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/wp-content\\\/uploads\\\/2023\\\/11\\\/Lex_Paleaux_LETTER_winter23_\u00a9Marc-Knip_01_web.jpg\",\"contentUrl\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/wp-content\\\/uploads\\\/2023\\\/11\\\/Lex_Paleaux_LETTER_winter23_\u00a9Marc-Knip_01_web.jpg\",\"width\":1500,\"height\":1000},{\"@type\":\"BreadcrumbList\",\"@id\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/project\\\/magazine-letter-20232\\\/yn-petear-mei-skriuwer-lex-paleaux\\\/#breadcrumb\",\"itemListElement\":[{\"@type\":\"ListItem\",\"position\":1,\"name\":\"Home\",\"item\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/\"},{\"@type\":\"ListItem\",\"position\":2,\"name\":\"Projecten\",\"item\":\"https:\\\/\\\/www.leeuwardencityofliterature.nl\\\/project\\\/\"},{\"@type\":\"ListItem\",\"position\":3,\"name\":\"Magazine LETTER 2023|#2\",\"item\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/project\\\/magazine-letter-20232\\\/\"},{\"@type\":\"ListItem\",\"position\":4,\"name\":\"Yn petear mei skriuwer Lex Paleaux\"}]},{\"@type\":\"WebSite\",\"@id\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/#website\",\"url\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/\",\"name\":\"Leeuwarden City of Literature\",\"description\":\"\",\"potentialAction\":[{\"@type\":\"SearchAction\",\"target\":{\"@type\":\"EntryPoint\",\"urlTemplate\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/?s={search_term_string}\"},\"query-input\":{\"@type\":\"PropertyValueSpecification\",\"valueRequired\":true,\"valueName\":\"search_term_string\"}}],\"inLanguage\":\"nl-FY\"}]}<\/script>\n<!-- \/ Yoast SEO plugin. -->","yoast_head_json":{"title":"Yn petear mei skriuwer Lex Paleaux - Leeuwarden City of Literature","robots":{"index":"index","follow":"follow","max-snippet":"max-snippet:-1","max-image-preview":"max-image-preview:large","max-video-preview":"max-video-preview:-1"},"canonical":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-20232\/yn-petear-mei-skriuwer-lex-paleaux\/","og_locale":"nl_NL","og_type":"article","og_title":"Yn petear mei skriuwer Lex Paleaux - Leeuwarden City of Literature","og_description":"Fan skriuwer, (radio)kollumnist en senarist Lex Paleaux (1977) ferskynde dit jier syn fierder roman, Als de dood zucht, houd ik mijn adem in. Mei kompassy en humor beskriuwt er de libbens fan acht jongeren yn in psychiatryske jeugdklinyk. Hoewol\u2019t Paleaux foar dit \u00fbnderwerp mear as royaal \u00fat eigen \u00fbnderfining putte kin, wurde syn romans nergens [&hellip;]","og_url":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-20232\/yn-petear-mei-skriuwer-lex-paleaux\/","og_site_name":"Leeuwarden City of Literature","article_modified_time":"2025-12-04T20:21:43+00:00","og_image":[{"width":1500,"height":1000,"url":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2023\/11\/Lex_Paleaux_LETTER_winter23_\u00a9Marc-Knip_01_web.jpg","type":"image\/jpeg"}],"twitter_card":"summary_large_image","twitter_misc":{"Est. reading time":"9 minutes"},"schema":{"@context":"https:\/\/schema.org","@graph":[{"@type":"WebPage","@id":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-20232\/yn-petear-mei-skriuwer-lex-paleaux\/","url":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-20232\/yn-petear-mei-skriuwer-lex-paleaux\/","name":"Yn petear mei skriuwer Lex Paleaux - Leeuwarden City of Literature","isPartOf":{"@id":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/#website"},"primaryImageOfPage":{"@id":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-20232\/yn-petear-mei-skriuwer-lex-paleaux\/#primaryimage"},"image":{"@id":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-20232\/yn-petear-mei-skriuwer-lex-paleaux\/#primaryimage"},"thumbnailUrl":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2023\/11\/Lex_Paleaux_LETTER_winter23_\u00a9Marc-Knip_01_web.jpg","datePublished":"2023-11-24T06:47:15+00:00","dateModified":"2025-12-04T20:21:43+00:00","breadcrumb":{"@id":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-20232\/yn-petear-mei-skriuwer-lex-paleaux\/#breadcrumb"},"inLanguage":"nl-FY","potentialAction":[{"@type":"ReadAction","target":["https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-20232\/yn-petear-mei-skriuwer-lex-paleaux\/"]}]},{"@type":"ImageObject","inLanguage":"nl-FY","@id":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-20232\/yn-petear-mei-skriuwer-lex-paleaux\/#primaryimage","url":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2023\/11\/Lex_Paleaux_LETTER_winter23_\u00a9Marc-Knip_01_web.jpg","contentUrl":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2023\/11\/Lex_Paleaux_LETTER_winter23_\u00a9Marc-Knip_01_web.jpg","width":1500,"height":1000},{"@type":"BreadcrumbList","@id":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-20232\/yn-petear-mei-skriuwer-lex-paleaux\/#breadcrumb","itemListElement":[{"@type":"ListItem","position":1,"name":"Home","item":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/"},{"@type":"ListItem","position":2,"name":"Projecten","item":"https:\/\/www.leeuwardencityofliterature.nl\/project\/"},{"@type":"ListItem","position":3,"name":"Magazine LETTER 2023|#2","item":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-20232\/"},{"@type":"ListItem","position":4,"name":"Yn petear mei skriuwer Lex Paleaux"}]},{"@type":"WebSite","@id":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/#website","url":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/","name":"Leeuwarden City of Literature","description":"","potentialAction":[{"@type":"SearchAction","target":{"@type":"EntryPoint","urlTemplate":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/?s={search_term_string}"},"query-input":{"@type":"PropertyValueSpecification","valueRequired":true,"valueName":"search_term_string"}}],"inLanguage":"nl-FY"}]}},"_links":{"self":[{"href":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/project\/13370","targetHints":{"allow":["GET"]}}],"collection":[{"href":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/project"}],"about":[{"href":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/types\/project"}],"version-history":[{"count":0,"href":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/project\/13370\/revisions"}],"up":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/project\/15308"}],"wp:featuredmedia":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/media\/13242"}],"wp:attachment":[{"href":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/media?parent=13370"}],"wp:term":[{"taxonomy":"project_type","embeddable":true,"href":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/project_type?post=13370"}],"curies":[{"name":"wp","href":"https:\/\/api.w.org\/{rel}","templated":true}]}}