{"id":13368,"date":"2023-11-24T08:46:59","date_gmt":"2023-11-24T06:46:59","guid":{"rendered":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/?post_type=project&#038;p=13368"},"modified":"2025-12-04T22:21:17","modified_gmt":"2025-12-04T20:21:17","slug":"redaksjoneel-ungemak","status":"publish","type":"project","link":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-20232\/redaksjoneel-ungemak\/","title":{"rendered":"Redaksjoneel: Ungemak"},"content":{"rendered":"\n<p class=\"wp-block-paragraph\">Yn oktober fan dit jier wie ik, tegearre mei kollega Tryntsje van der Steege, oanw\u00eazich by de jiergearkomste fan it wr\u00e2ldwide netwurk fan Cities of Literature, yn Quebec, Kanada. Goed fyftich minsken fertsjintwurdigen d\u00ear mear as tritich st\u00eaden \u00fat fjouwer hoeken fan \u2019e wr\u00e2ld. Mar fansels r\u00fbn de oanw\u00eazigens fan Beirut, Slemani yn Irak, en mear noch Lviv en Odesa yn Oekrayne, it meast yn it each. It is gefaarlik libjen yn dy st\u00eaden en it fereasket op syn minst moed om der ek echt werom te kearen.<\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">It wiene lange dagen fol fan wurden dy\u2019t it omtinken wurdich wiene en soms wiene taspraken of besprekkingen plan\u00fat saai of sels in bytsje ferfelend. Trochstrings ferrinne dit soarte konferinsjes sa. It meast ynspirearjend en weardefol wiene earlik sein de petearen dy\u2019t wy \u00fbnderinoar hiene. Mar it wiene tagelyk ek de dagen dat Isra\u00ebl opskrikt waard troch wrede oanfallen fan Hamas en d\u00earnei f\u00fbleindich weromsloech. Mannichien \u00fbnder \u00fas besefte fuort wat de spanwiidte fan dy bittere striid wurde kinne soe.<\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">Myn eigen tinzen giene fuortdaliks \u00fat nei de roman <em>Apeirogon<\/em> fan Colum McCarthy. In \u2018apeirogon\u2019 is in wiskundige figuer mei in \u00fbntelber oantal siden en de roman draait om de ferhalen fan in Palestynske heit en in Isra\u00eblyske heit dy\u2019t allebeide harren bern ferlieze en befreone reitsje. Harren ferhalen binne noait \u00f4f en moatte hieltyd opnij ferteld wurde, yn t\u00fbzen-en-ien farianten. Dy roman is ien fan de meast yndrukwekkende boeken dy\u2019t ik oait l\u00eazen ha en tagelyk ek ien fan de meast hoopjaande.<\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">In soad oer it driigjende gefaar bleau yn dy dagen net \u00fatsprutsen, yn Quebec. Yn hotelkeamers en op \u2019e telefoans waard it nijs op \u2019e foet folge, it \u00fbngemak bleau lykwols foaral binnenkeamers en waard op syn heechst binnenm\u00fblsk ferwurde. Oandien rekken wy d\u00earom ek in pear dagen letter, oan de Saint Lawrence River, doe\u2019t dichter-arts Jean D\u00e9sy tsj\u00fbge fan syn ferb\u00fbnens mei de rivier, de Fr\u00e2nske taal en it noarden en hy syn prachtige gedichten foarlies. Dy man fielde him al in balling as er sels mar tocht oan de st\u00ead Montr\u00e9al. Hoe bot ferdreaun moatte minsken yn oarlochsgebieten of flechtlingen har dan net fiele?<\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">Pas yn \u2019e l\u00easte oeren fan dy wike, doe\u2019t wy ferbleaune yn Wendake en omtinken hiene foar de <em>first nation<\/em> problematyk en <em>indiginous people<\/em> yn Kanada, kaam de oarloch keihurd binnen op \u2019e konferinsje. In jonge frou \u00fat Odesa kaam oan it wurd. Sy makke persoanlik kleure ferhalen fan \u00fas deistige nijsberjochten oer deaden en ferw\u00fbnen en bombardeminten. Se hie der wurk fan har wurden te finen, mar wat koarter har sinnen waarden, wat mear yndruk se makken. Se krigen in universele <em>envergure<\/em>. It waard stil en der waard alderferskuorrendst nei har harke.<\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">Ergens op in neisimmermiddei dit jier, spruts skriuwer Adriaan van Dis moaie wurden yn in \u00fatstjoering fan Buitenhof. In soad nijs berikt minsken net, sa sette er \u00fatien op dy fan him sa bekende elokwinte wize, mar as wy der skiednis fan meitsje, in ferhaal, dan rekket it \u00fas blykber. Dat is wat \u00fas d\u00ear yn Wendake oerkaam. Fertsjintwurdigers \u00fat mear as tritich st\u00eaden fan oer de hiele wr\u00e2ld.&nbsp;<\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">Skiednis moat yndied hieltyd op \u2019e nij ferteld wurde. It libben is in \u2018apeirogon\u2019. Der binne altyd wer oare stimmen om nei te harkjen, en der binne altyd wer oare boarnen dy\u2019tst rieplachtsje kinst. Dat h\u00e2ldt wol yn datst dy algeduerigen op \u2019e nij ta dy skiednis ferh\u00e2lde moast. \u2018De wr\u00e2ld is gjin <em>safespace<\/em>,\u2019 sa spruts Van Dis, \u2018it is in plak fan \u00fbngemak en troch te l\u00eazen, troch de wr\u00e2ldliteratuer ta dy te nimmen, witst dat de wr\u00e2ld yngewikkeld yninoar sit. Oardielje en feroardielje net fuortdaliks, nim der kennis fan. Omearmje it \u00fbngemak.\u2019<\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">Ernst Bruinsma<br>Direkteur Leeuwarden UNESCO City of Literature<\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\"><em>Op de foto (troch Natalia Balanina): stiet it Leeuwarden City of Literature-team: f.l.n.r.: Sito Wijngaarden, Tryntsje van der Steege, Berber van Oyen-Peenstra, Grietje Deinum en Ernst Bruinsma. Mei tank oan Van der Velde Boeken yn Ljouwert, d\u00ear&#8217;t we dizze foto meitsje mochten yn harren p\u00e2n mei wiidweidich twaddeh\u00e2nsk oanbod.<\/em><\/p>\n\n\n\n<!--more-->\n\n\n\n<div id=\"narrow-column-1764758271581-143\" class=\"wp-block-custom-narrow-column narrow-column offset-space-16\"><\/div>\n","protected":false},"excerpt":{"rendered":"<p>Yn oktober fan dit jier wie ik, tegearre mei kollega Tryntsje van der Steege, oanw\u00eazich by de jiergearkomste fan it wr\u00e2ldwide netwurk fan Cities of Literature, yn Quebec, Kanada. Goed fyftich minsken fertsjintwurdigen d\u00ear mear as tritich st\u00eaden \u00fat fjouwer hoeken fan \u2019e wr\u00e2ld. Mar fansels r\u00fbn de oanw\u00eazigens fan Beirut, Slemani yn Irak, en [&hellip;]<\/p>\n","protected":false},"featured_media":13225,"parent":15308,"menu_order":159,"template":"","project_type":[],"class_list":["post-13368","project","type-project","status-publish","has-post-thumbnail","hentry"],"acf":[],"yoast_head":"<!-- This site is optimized with the Yoast SEO plugin v28.7 - https:\/\/yoast.com\/product\/yoast-seo-wordpress\/ -->\n<title>Redaksjoneel: Ungemak - Leeuwarden City of Literature<\/title>\n<meta name=\"robots\" content=\"index, follow, max-snippet:-1, max-image-preview:large, max-video-preview:-1\" \/>\n<link rel=\"canonical\" href=\"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-20232\/redaksjoneel-ungemak\/\" \/>\n<meta property=\"og:locale\" content=\"nl_NL\" \/>\n<meta property=\"og:type\" content=\"article\" \/>\n<meta property=\"og:title\" content=\"Redaksjoneel: Ungemak - Leeuwarden City of Literature\" \/>\n<meta property=\"og:description\" content=\"Yn oktober fan dit jier wie ik, tegearre mei kollega Tryntsje van der Steege, oanw\u00eazich by de jiergearkomste fan it wr\u00e2ldwide netwurk fan Cities of Literature, yn Quebec, Kanada. Goed fyftich minsken fertsjintwurdigen d\u00ear mear as tritich st\u00eaden \u00fat fjouwer hoeken fan \u2019e wr\u00e2ld. Mar fansels r\u00fbn de oanw\u00eazigens fan Beirut, Slemani yn Irak, en [&hellip;]\" \/>\n<meta property=\"og:url\" content=\"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-20232\/redaksjoneel-ungemak\/\" \/>\n<meta property=\"og:site_name\" content=\"Leeuwarden City of Literature\" \/>\n<meta property=\"article:modified_time\" content=\"2025-12-04T20:21:17+00:00\" \/>\n<meta property=\"og:image\" content=\"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2023\/11\/Nbalanina_COL_groepsfoto_winter_LR-scaled.jpg\" \/>\n\t<meta property=\"og:image:width\" content=\"2560\" \/>\n\t<meta property=\"og:image:height\" content=\"1707\" \/>\n\t<meta property=\"og:image:type\" content=\"image\/jpeg\" \/>\n<meta name=\"twitter:card\" content=\"summary_large_image\" \/>\n<meta name=\"twitter:label1\" content=\"Est. reading time\" \/>\n\t<meta name=\"twitter:data1\" content=\"4 minutes\" \/>\n<script type=\"application\/ld+json\" class=\"yoast-schema-graph\">{\"@context\":\"https:\\\/\\\/schema.org\",\"@graph\":[{\"@type\":\"WebPage\",\"@id\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/project\\\/magazine-letter-20232\\\/redaksjoneel-ungemak\\\/\",\"url\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/project\\\/magazine-letter-20232\\\/redaksjoneel-ungemak\\\/\",\"name\":\"Redaksjoneel: Ungemak - Leeuwarden City of Literature\",\"isPartOf\":{\"@id\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/#website\"},\"primaryImageOfPage\":{\"@id\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/project\\\/magazine-letter-20232\\\/redaksjoneel-ungemak\\\/#primaryimage\"},\"image\":{\"@id\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/project\\\/magazine-letter-20232\\\/redaksjoneel-ungemak\\\/#primaryimage\"},\"thumbnailUrl\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/wp-content\\\/uploads\\\/2023\\\/11\\\/Nbalanina_COL_groepsfoto_winter_LR-scaled.jpg\",\"datePublished\":\"2023-11-24T06:46:59+00:00\",\"dateModified\":\"2025-12-04T20:21:17+00:00\",\"breadcrumb\":{\"@id\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/project\\\/magazine-letter-20232\\\/redaksjoneel-ungemak\\\/#breadcrumb\"},\"inLanguage\":\"nl-FY\",\"potentialAction\":[{\"@type\":\"ReadAction\",\"target\":[\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/project\\\/magazine-letter-20232\\\/redaksjoneel-ungemak\\\/\"]}]},{\"@type\":\"ImageObject\",\"inLanguage\":\"nl-FY\",\"@id\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/project\\\/magazine-letter-20232\\\/redaksjoneel-ungemak\\\/#primaryimage\",\"url\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/wp-content\\\/uploads\\\/2023\\\/11\\\/Nbalanina_COL_groepsfoto_winter_LR-scaled.jpg\",\"contentUrl\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/wp-content\\\/uploads\\\/2023\\\/11\\\/Nbalanina_COL_groepsfoto_winter_LR-scaled.jpg\",\"width\":2560,\"height\":1707,\"caption\":\"Teamfoto\"},{\"@type\":\"BreadcrumbList\",\"@id\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/project\\\/magazine-letter-20232\\\/redaksjoneel-ungemak\\\/#breadcrumb\",\"itemListElement\":[{\"@type\":\"ListItem\",\"position\":1,\"name\":\"Home\",\"item\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/\"},{\"@type\":\"ListItem\",\"position\":2,\"name\":\"Projecten\",\"item\":\"https:\\\/\\\/www.leeuwardencityofliterature.nl\\\/project\\\/\"},{\"@type\":\"ListItem\",\"position\":3,\"name\":\"Magazine LETTER 2023|#2\",\"item\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/project\\\/magazine-letter-20232\\\/\"},{\"@type\":\"ListItem\",\"position\":4,\"name\":\"Redaksjoneel: Ungemak\"}]},{\"@type\":\"WebSite\",\"@id\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/#website\",\"url\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/\",\"name\":\"Leeuwarden City of Literature\",\"description\":\"\",\"potentialAction\":[{\"@type\":\"SearchAction\",\"target\":{\"@type\":\"EntryPoint\",\"urlTemplate\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/?s={search_term_string}\"},\"query-input\":{\"@type\":\"PropertyValueSpecification\",\"valueRequired\":true,\"valueName\":\"search_term_string\"}}],\"inLanguage\":\"nl-FY\"}]}<\/script>\n<!-- \/ Yoast SEO plugin. -->","yoast_head_json":{"title":"Redaksjoneel: Ungemak - Leeuwarden City of Literature","robots":{"index":"index","follow":"follow","max-snippet":"max-snippet:-1","max-image-preview":"max-image-preview:large","max-video-preview":"max-video-preview:-1"},"canonical":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-20232\/redaksjoneel-ungemak\/","og_locale":"nl_NL","og_type":"article","og_title":"Redaksjoneel: Ungemak - Leeuwarden City of Literature","og_description":"Yn oktober fan dit jier wie ik, tegearre mei kollega Tryntsje van der Steege, oanw\u00eazich by de jiergearkomste fan it wr\u00e2ldwide netwurk fan Cities of Literature, yn Quebec, Kanada. Goed fyftich minsken fertsjintwurdigen d\u00ear mear as tritich st\u00eaden \u00fat fjouwer hoeken fan \u2019e wr\u00e2ld. Mar fansels r\u00fbn de oanw\u00eazigens fan Beirut, Slemani yn Irak, en [&hellip;]","og_url":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-20232\/redaksjoneel-ungemak\/","og_site_name":"Leeuwarden City of Literature","article_modified_time":"2025-12-04T20:21:17+00:00","og_image":[{"width":2560,"height":1707,"url":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2023\/11\/Nbalanina_COL_groepsfoto_winter_LR-scaled.jpg","type":"image\/jpeg"}],"twitter_card":"summary_large_image","twitter_misc":{"Est. reading time":"4 minutes"},"schema":{"@context":"https:\/\/schema.org","@graph":[{"@type":"WebPage","@id":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-20232\/redaksjoneel-ungemak\/","url":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-20232\/redaksjoneel-ungemak\/","name":"Redaksjoneel: Ungemak - Leeuwarden City of Literature","isPartOf":{"@id":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/#website"},"primaryImageOfPage":{"@id":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-20232\/redaksjoneel-ungemak\/#primaryimage"},"image":{"@id":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-20232\/redaksjoneel-ungemak\/#primaryimage"},"thumbnailUrl":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2023\/11\/Nbalanina_COL_groepsfoto_winter_LR-scaled.jpg","datePublished":"2023-11-24T06:46:59+00:00","dateModified":"2025-12-04T20:21:17+00:00","breadcrumb":{"@id":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-20232\/redaksjoneel-ungemak\/#breadcrumb"},"inLanguage":"nl-FY","potentialAction":[{"@type":"ReadAction","target":["https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-20232\/redaksjoneel-ungemak\/"]}]},{"@type":"ImageObject","inLanguage":"nl-FY","@id":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-20232\/redaksjoneel-ungemak\/#primaryimage","url":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2023\/11\/Nbalanina_COL_groepsfoto_winter_LR-scaled.jpg","contentUrl":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2023\/11\/Nbalanina_COL_groepsfoto_winter_LR-scaled.jpg","width":2560,"height":1707,"caption":"Teamfoto"},{"@type":"BreadcrumbList","@id":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-20232\/redaksjoneel-ungemak\/#breadcrumb","itemListElement":[{"@type":"ListItem","position":1,"name":"Home","item":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/"},{"@type":"ListItem","position":2,"name":"Projecten","item":"https:\/\/www.leeuwardencityofliterature.nl\/project\/"},{"@type":"ListItem","position":3,"name":"Magazine LETTER 2023|#2","item":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-20232\/"},{"@type":"ListItem","position":4,"name":"Redaksjoneel: Ungemak"}]},{"@type":"WebSite","@id":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/#website","url":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/","name":"Leeuwarden City of Literature","description":"","potentialAction":[{"@type":"SearchAction","target":{"@type":"EntryPoint","urlTemplate":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/?s={search_term_string}"},"query-input":{"@type":"PropertyValueSpecification","valueRequired":true,"valueName":"search_term_string"}}],"inLanguage":"nl-FY"}]}},"_links":{"self":[{"href":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/project\/13368","targetHints":{"allow":["GET"]}}],"collection":[{"href":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/project"}],"about":[{"href":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/types\/project"}],"version-history":[{"count":0,"href":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/project\/13368\/revisions"}],"up":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/project\/15308"}],"wp:featuredmedia":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/media\/13225"}],"wp:attachment":[{"href":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/media?parent=13368"}],"wp:term":[{"taxonomy":"project_type","embeddable":true,"href":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/project_type?post=13368"}],"curies":[{"name":"wp","href":"https:\/\/api.w.org\/{rel}","templated":true}]}}