{"id":12159,"date":"2023-07-13T15:56:01","date_gmt":"2023-07-13T13:56:01","guid":{"rendered":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/?post_type=project&#038;p=12159"},"modified":"2025-12-04T22:25:06","modified_gmt":"2025-12-04T20:25:06","slug":"eva-koreman-de-e-reader-hat-myn-leslibben-reden","status":"publish","type":"project","link":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-2023\/eva-koreman-de-e-reader-hat-myn-leslibben-reden\/","title":{"rendered":"Eva Koreman: &#8216;De e-reader hat myn l\u00easlibben r\u00eaden&#8217;"},"content":{"rendered":"\n<p><strong>Eva Koreman (1984) is radiomakker by NPO 3FM en NPO Radio 1, \u00fbnder mear fan VPRO\u2019s <em>Een Uur Cultuur<\/em>. Se die mei oan <em>De Slimste Mens<\/em> en wie te sjen yn <em>Expeditie Robinson<\/em>. Yn in oar libben wie se drummer, lid fan it Feministisch Alcoholisch Verbonden helle se in Bachelor B\u00e8ta-gamma (mei in major sosjology) en in peald\u00fbnssertifikaat. Se hat in yndrukwekkende finylsamling en is in ferwoeden boekel\u00eazer. Wy sprekke Eva yn Amsterdam oer \u00fbnder mear Stephen King, hyperfokus, de e-reader en l\u00easrituelen.<\/strong><\/p>\n\n\n\n<p><em>Tekst en foto: Marc Knip | Foar Eva\u2019s l\u00eastips, skroll nei \u00fbnderen<\/em><\/p>\n\n\n\n<h5 class=\"wp-block-heading\">Wannear beg\u00fbnst te l\u00eazen?<\/h5>\n\n\n\n<p>\u2018Ik kin my gjin libben s\u00fbnder boeken yn it sin bringe. As jong famke wenne ik mei myn \u00e2lden yn Diemen-Noard, dat in biblioteek mei in beskieden berne\u00f4fdieling hie. D\u00ear wie al gau trochhinne. Fan myn achtste \u00f4f mocht ik sels op woansdeitemiddei op \u2019e fyts op paad en f\u00fbn ik mysels al gau werom op de \u00f4fdieling foar folwoeksenen. D\u00ear giene letterlik wr\u00e2lden foar my iepen. Ik hie al wol Roald Dahl en Thea Beckman l\u00eazen, en wist wilens dat ik in foarkar hie foar spannende boeken, mar ik woe mear. Dus de earste titels dy\u2019t ik meinaam wiene <em>The Vision<\/em> fan Dean R, Koontz en <em>Cuyo<\/em> fan Stephen King, boeken foar folwoeksenen. Ik wist net wat ik meimakke, hiele nachten lies ik troch. <em>Hooked<\/em>. Nei\u2019t myn mem mei de bibliotekaresse praat hie, mocht ik boeken foar folwoeksenen lienen bliuwe. Doe wie de hikke hielendal fan \u2019e daam. It gie my eins krekt wat te heech wat ik lies, mar dat makke it no krekt sa opwinend. Der stiene wurden yn dy boeken d\u00ear\u2019t ik net krekt fan wist wat se betsjutten, mar d\u00ear\u2019t ik wol fan trochhie dat ik se net oan myn \u00e2lden freegje koe, haha.\u2019<\/p>\n\n\n\n<h5 class=\"wp-block-heading\">Bist altyd sa\u2019n soad l\u00eazen bleaun?<\/h5>\n\n\n\n<p>\u2018Om myn fyftjinde hinne waard ik foar it earst fereale en \u00fbntduts ik it op stap gean. Drinke en feeste koe yn dy tiid gewoan noch lekker \u00fbnkontrolearre, dus it l\u00eazen ferdw\u00fbn nei de achtergr\u00fbn. Der wiene oare saken dy\u2019t \u00fbntdutsen wurde moasten. D\u00earnei beg\u00fbn ik oan in st\u00fadzje, dus ik tink dat ik fan pak him beet myn fyftjinde oant myn fiifentweintichste net folle foar de aardichheid l\u00eazen ha. Mar d\u00earnei hie ik it al gau wer te pakken.\u2019<\/p>\n\n\n\n<h5 class=\"wp-block-heading\">By hokker sjenres en skriuwers bist yn \u2019e rin fan \u2019e jierren terjochte kommen?<\/h5>\n\n\n\n<p>\u2018Myn leafde foar Stephen King is altyd bleaun. Dy man wurdt noch altyd mei elk boek better en fynt himsels hieltyd op \u2019e nij \u00fat. L\u00eas bygelyks mar ris <em>The Institute<\/em> \u00fat 2019. Sa typysk King, mar tagelyk slach er hiele nije wegen yn. Ik ha mei mysels de \u00f4fspraak dat ik om de trije of fjouwer boeken in King pakke mei, oars l\u00eas ik neat oars mear. Mar in skriuwer d\u00ear\u2019t ik ek fan genietsje kin is bygelyks Umberto Eco, hoewol\u2019t ik dy net gau midden yn \u2019e nacht l\u00eaze sil. No ja, oan dy beide enoarm ferskillende auteurs, en oan myn Top-5, kinst tink ik wol sjen hoe breed myn belangstelling en smaak binne.<\/p>\n\n\n\n<h5 class=\"wp-block-heading\">Hoe en w\u00ear l\u00easto?<\/h5>\n\n\n\n<p>\u2018Eartiids die ik oan hynsteriden en yn \u2019e maneezje hiest in hoekje mei in kachel en boeken. D\u00ear koe ik soms oerenlang l\u00eaze, hielendal fan \u2019e wr\u00e2ld, mei dy hyperfokus dy\u2019tst eins allinnich as bern hast. En der dan letter achter komme dat minsken al dy tiid om dy socht ha. Fantastysk. Doe\u2019t ik jong wie, lies eins w\u00ear en wannear\u2019t ik mar koe. Mar dan komme ynienen in karri\u00eare, in relaasje en it mem-w\u00eazen om \u2019e hoeke. Wilens l\u00eas ik eins allinnich mar op b\u00ead, \u00fatsein yn \u2019e fak\u00e2nsje. En hoe better it boek, hoe betider ik op b\u00ead gean. Doe\u2019t ik swier wie, twa jier lyn, sliepte ik min en ha ik in e-reader kocht, myn b\u00easte oankeap oait. It is gjin telefoan hin, dus wurdt \u00fbnder it l\u00eazen net hieltyd \u00f4flieden troch oare saken, lykas wurk of socials. En hoechst gjin ljochtsje oan te dwaan, d\u00ear\u2019tst dyn partner of bern mei steurst. S\u00fbnt ik <em>Een Uur Cultuur<\/em> meitsje, d\u00ear\u2019t ik in soad foar l\u00eaze moat, betsjut dat spitigern\u00f4ch dat ik soms myn wurk mei op b\u00ead nim. Mar d\u00ear stean ek foardielen tsjinoer: nije wike is Marion Pauw te gast en foardat har nije roman yn \u2019e minkel leit, l\u00eas ik dy al lekker op b\u00ead. In foarrjocht. En ik kin dy no al sizze: se hat it him wer lapt. Geweldich! No ja, hoe dan ek, de iennichste reden dat it my noch altyd slagget om sa\u2019n soad te l\u00eazen, is de e-reader. En in boekekast ha wy op \u00fas 49 kante meter dochs al net mear, s\u00fbnt de l\u00easkeamer in bernekeamer waard.\u2019<\/p>\n\n\n\n<h5 class=\"wp-block-heading\">Wat betsjut l\u00eazen foar dy?<\/h5>\n\n\n\n<p>\u2018It is in kado oan jinsels; pakst dyn boek, giest in oare wr\u00e2ld yn, fuort fan alles, fan dyn wurk, dyn relaasje, dyn mem-w\u00eazen. It is echt wat dat hielendal fan dysels is, s\u00fbnder datst der immen tekoart mei dochst. Hearlik. En ast fan l\u00eazen h\u00e2ldst, is wekker lizzen ek net mear sa frustrearjend. Mei in bytsje gelok wurdst der ek noch t\u00fbker fan, hoewol\u2019t dat foar my gjin betingst is om fan in boek te genietsjen. Mar it mei fansels wol, en soms jout in roman my nije ynsichten. <em>Detransition<\/em>, <em>Baby<\/em> fan Torrey Peters bygelyks, dat ik koartlyn lies, hat myn fyzje op it libben fan transminsken beynfloede. D\u00earoer fertel ik mear yn myn Top 5.\u2019<\/p>\n\n\n\n<h5 class=\"wp-block-heading\">Hokker rituelen hast?&nbsp;<\/h5>\n\n\n\n<p>\u2018No, as ik mei fak\u00e2nsje gean, mei ik ien boek yn it foar keapje en ien boek op it fleanfjild. As ik nei in boekwinkel gean, praat ik mei mysels \u00f4f wat ik besteegje mei: oars gjin ik fallyt. En sa\u2019t ik net fan in \u00f4fladen board mei iten h\u00e2ld, wurd ik ek net bliid fan in fol nachtkastke: gjin steapels boeken d\u00earop, oars begjint it te fielen as \u2018moatten\u2019. En noch in aardige tip: freegje foar dyn jierdei ris oan dyn freonen oft se dy \u2018harren\u2019 favorite boek jaan wolle. Sa learst dyn freonen better kennen en \u00fbntsnapst \u00fat de twingende en noch \u2018jonge\u2019 algoritmen fan de e-readerswr\u00e2ld. Sa krige ik om \u00fbnd\u00fadlike redenen hieltyd de <em>Seven Sisters<\/em>-rige fan Lucinda Riley oanret. Dat l\u00fbkt my dus hielend\u00e1l net. Want ik fyn echt net alles goed hear. In boek as <em>Eat Pray Love<\/em> fan Elizabeth Gilbert bygelyks: d\u00ear koe ik dus hielendal net oer. Privilezjearre gemiich, presintearre as wat \u00fats\u00fbnderliks. Mmm, ik sil my hjir wol net popul\u00ear mei meitsje, haha.\u2019<\/p>\n\n\n\n<h5 class=\"wp-block-heading\">Silst dy sels nochris weagje oan it skriuwen fan in roman?<\/h5>\n\n\n\n<p>\u2018Ik tink it wol, mar ik \u00fbnderskat it net. Wat my sa dreech liket \u2013 en wat ik enoarm bew\u00fbnderje oan myn favorite auteurs \u2013 is om in ferhaal te fertellen dat hielendal lossongen is fan dyn eigen libben fan de werklikheid om dy hinne. Lykas de geweldige Jeff VanderMeer \u2013 hy stiet yn myn Top 5 \u2013 dy\u2019t letterlik in b\u00fbtenierdsk soarte fantasy hat, sadat ik my \u00f4ffreegje hokker paden en ferbiningen hy eins yn harsens hat te lizzen. Dus ja, ik soe hiel graach in roman skriuwe, ik ha it idee foar in ferhaal ek al lizzen, ik ha allinnich noch gjin ein. En gjin tiid. Want skriuwen is in fak dat 100% tawijing freget. Mar dat boek komt der.\u2019<\/p>\n\n\n\n<figure class=\"wp-block-gallery has-nested-images columns-6 is-cropped wp-block-gallery-1 is-layout-flex wp-block-gallery-is-layout-flex\">\n<figure class=\"wp-block-image size-large is-style-default\"><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" width=\"550\" height=\"827\" data-id=\"12109\" src=\"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2023\/07\/annihilation_550x827-1.jpeg\" alt=\"\" class=\"wp-image-12109\" srcset=\"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2023\/07\/annihilation_550x827-1.jpeg 550w, https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2023\/07\/annihilation_550x827-1-399x600.jpeg 399w\" sizes=\"auto, (max-width: 550px) 100vw, 550px\" \/><\/figure>\n\n\n\n<figure class=\"wp-block-image size-large is-style-default\"><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" width=\"170\" height=\"261\" data-id=\"12105\" src=\"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2023\/07\/stephenking.jpeg\" alt=\"\" class=\"wp-image-12105\"\/><\/figure>\n\n\n\n<figure class=\"wp-block-image size-large is-style-default\"><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" width=\"1200\" height=\"1839\" data-id=\"12112\" src=\"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2023\/07\/detransition-baby.jpeg\" alt=\"\" class=\"wp-image-12112\" srcset=\"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2023\/07\/detransition-baby.jpeg 1200w, https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2023\/07\/detransition-baby-783x1200.jpeg 783w, https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2023\/07\/detransition-baby-392x600.jpeg 392w, https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2023\/07\/detransition-baby-768x1177.jpeg 768w, https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2023\/07\/detransition-baby-1002x1536.jpeg 1002w\" sizes=\"auto, (max-width: 1200px) 100vw, 1200px\" \/><\/figure>\n\n\n\n<figure class=\"wp-block-image size-large is-style-default\"><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" width=\"1687\" height=\"2560\" data-id=\"12121\" src=\"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2023\/07\/tomorrow.jpeg\" alt=\"\" class=\"wp-image-12121\" srcset=\"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2023\/07\/tomorrow.jpeg 1687w, https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2023\/07\/tomorrow-791x1200.jpeg 791w, https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2023\/07\/tomorrow-1265x1920.jpeg 1265w, https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2023\/07\/tomorrow-395x600.jpeg 395w, https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2023\/07\/tomorrow-768x1165.jpeg 768w, https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2023\/07\/tomorrow-1012x1536.jpeg 1012w, https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2023\/07\/tomorrow-1350x2048.jpeg 1350w\" sizes=\"auto, (max-width: 1687px) 100vw, 1687px\" \/><\/figure>\n\n\n\n<figure class=\"wp-block-image size-large is-style-default\"><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" width=\"250\" height=\"384\" data-id=\"12118\" src=\"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2023\/07\/Utopia_Avenue.png\" alt=\"\" class=\"wp-image-12118\"\/><\/figure>\n\n\n\n<figure class=\"wp-block-image size-large is-style-default\"><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" width=\"520\" height=\"708\" data-id=\"12115\" src=\"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2023\/07\/pokkoheefteentrommel.jpg\" alt=\"\" class=\"wp-image-12115\" srcset=\"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2023\/07\/pokkoheefteentrommel.jpg 520w, https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2023\/07\/pokkoheefteentrommel-441x600.jpg 441w\" sizes=\"auto, (max-width: 520px) 100vw, 520px\" \/><\/figure>\n<\/figure>\n\n\n\n<h3 class=\"wp-block-heading\">Eva\u2019s Top 5 l\u00eastips<\/h3>\n\n\n\n<p><br><strong>1. Jeff VanderMeer &#8211; <em>Annihilation <\/em>(2014)<\/strong><br>It wie lang lyn dat ik mysels sa ferlear yn it l\u00eazen fan in boek as mei dit earste diel fan de <em>Southern Reach Trilogy<\/em>. It is sci-fi s\u00fbnder aliens. VanderMeer skriuwt oer Gebiet X, d\u00ear\u2019t wat frjemds mei is en dat troch de oerheid fan \u2019e b\u00fbtenwr\u00e2ld \u00f4fsletten is. De teams dy\u2019t nei binnen stjoerd binne, komme net werom, op ien man nei, mar d\u00ear is d\u00fadlik wat nuvers mei oan \u2019e h\u00e2n. <em>Annihilation<\/em> folget in team \u00fbnferskrokken, mar ek troch it libben tekene froulju dy\u2019t op \u00fbndersyk gean. De ferbyldingskr\u00eaft fan de skriuwer is fenomenaal, hy br\u00fbkt eleminten \u00fat de wittenskip dy\u2019t it ferhaal plausibel meitsje en hy spilet in t\u00fbk spul mei ferwachtingen en oannamen.<\/p>\n\n\n\n<p><strong>2. Stephen King &#8211; <em>11\/22\/63<\/em> (2011)<\/strong><br>Foar elk dy\u2019t fan spannende sciencefiction- of aksjefilms h\u00e2ldt, mar net sa fan l\u00eazen, ried ik dizze Stephen King oan, it ideale ynstapboek. Skiedkundich kloppet it hielendal, \u00fatsein dat der in portal nei in oare tiid is. Mar fierder is it min ofte mear in klassike whodunnit, in ferskuorrend spannend ferhaal oer de moard op presidint Kennedy en oer hoe\u2019t de wr\u00e2ld der\u00fat sjen soe as dat nea bard wie. Immen reizget \u00fat de ienentweintichste iuw wei werom nei 1963 en besiket de oanslach tefoaren te kommen. King sketst in skitterjend tiidsbyld, d\u00ear\u2019t bygelyks elkenien noch yn smookt en rasisme in grut diel \u00fatmakket fan it deistich libben.<\/p>\n\n\n\n<p><strong>3. Torrey Peters &#8211; <em>Detransition, Baby<\/em> (2021)<\/strong><br>Yn de trans-literatuer giet it dochs hiel faak oer it trans w\u00eazen, faak mei in tragyske of seksualisearjende lading. Mar Peters, in transfrou, skriuwt gewoan oer har (leafdes)libben yn New York en har bernewinsk. It trans w\u00eazen is fansels wol \u00fbnderdiel fan har identiteit, mar dat is net wat hingjen bliuwt nei it l\u00eazen fan de l\u00easte sin. Ik f\u00fbn it in ferfrissende, supergoed skreaune en konfrontearjende roman, dy\u2019t dy beseffe lit hoe\u2019n bytsje transpersoanen heard wurde b\u00fbten de kontekst fan it trans w\u00eazen. <em>Detransition, Baby<\/em> giet oer alle aspekten fan it libben, net allinnich oer genderidentiteit.<\/p>\n\n\n\n<p><strong>4. Gabrielle Zevin &#8211; <em>Tomorrow, and Tomorrow, and Tomorrow<\/em> (2022)<\/strong><br>Dit ferhaal giet oer in Koreaansk ymmigrantebern en in Amerikaanske rikeljusdochter, dy\u2019t in bys\u00fbndere freonskip slute en wr\u00e2ldferneamd wurde sille mei harren gamedesigns. Ik bin sels gjin gamer, mar ik wit wol dat it \u00fas wr\u00e2ld yngripend feroare hat en dat gaming troch mannichien as keunstfoarm besk\u00f4ge wurdt. Zevin skreau in spannend, nuansearre en prachtich skreaun ferhaal oer sukses en leafde.<\/p>\n\n\n\n<p><strong>5. David Mitchell &#8211; <em>Utopia Avenue<\/em> (2020)<\/strong><br>En dan dit boek, dat ik as muzykleafhawwer alle oare muzykleafhawwers \u2013 en hielendal de <em>boomers<\/em> \u2013 fan herten oanrekommandearje. Wat in ferskuorrend alsidich skriuwer is Mitchell dochs. Dit is wer in hiel oare roman as bygelyks syn <em>Cloud Atlas<\/em>. It is in lekker psychedelysk ferhaal oer in fiktive, eigensinnige Britse band \u00fat \u2019e sixties. Der sitte geweldige cameo\u2019s yn fan bygelyks David Bowie, dy\u2019t ergens om in fjoerke freget, of Joni Mitchell, dy\u2019t achteleas foarbykomt. Hearlik hoe\u2019t de skriuwnocht, de leafde foar en de kennis fan muzyk fan dizze roman \u00f4fspatte.<\/p>\n\n\n\n<p><strong>BERNEBOEKETIP: Matthew Forsythe &#8211; <em>Pokko heeft een trommel <\/em>(2020)<br><\/strong>Ik skamje my mei weromwurkjende kr\u00eaft oer de stomme cadeau\u2019s dy\u2019t ik de l\u00easte jierren meinommen ha nei bernefeestjes. Want ik hie fansels hieltyd dit boek jaan moatten! Ik l\u00eas it om \u2019e dei foar oan myn dochter en se krijt der gjin gen\u00f4ch fan. It is in magistraal ferhaal oer muzyk meitsjen, oer trochsettingsfermogen, fol humor en mei prachtige yllustraasjes. Pokko is in kikkert dy\u2019t in trommel krigen hat. Har \u00e2lden wurde gek fan it getrommel en stjoere har nei b\u00fbten. En dan bart der fan alles\u2026<\/p>\n\n\n\n<!--more-->\n\n\n\n<div id=\"narrow-column-1764758271581-143\" class=\"wp-block-custom-narrow-column narrow-column offset-space-16\"><\/div>\n","protected":false},"excerpt":{"rendered":"<p>Eva Koreman (1984) is radiomakker by NPO 3FM en NPO Radio 1, \u00fbnder mear fan VPRO\u2019s Een Uur Cultuur. Se die mei oan De Slimste Mens en wie te sjen yn Expeditie Robinson. Yn in oar libben wie se drummer, lid fan it Feministisch Alcoholisch Verbonden helle se in Bachelor B\u00e8ta-gamma (mei in major sosjology) [&hellip;]<\/p>\n","protected":false},"featured_media":12100,"parent":12220,"menu_order":146,"template":"","project_type":[],"class_list":["post-12159","project","type-project","status-publish","has-post-thumbnail","hentry"],"acf":[],"yoast_head":"<!-- This site is optimized with the Yoast SEO plugin v27.5 - https:\/\/yoast.com\/product\/yoast-seo-wordpress\/ -->\n<title>Eva Koreman: &#039;De e-reader hat myn l\u00easlibben r\u00eaden&#039; - Leeuwarden City of Literature<\/title>\n<meta name=\"robots\" content=\"index, follow, max-snippet:-1, max-image-preview:large, max-video-preview:-1\" \/>\n<link rel=\"canonical\" href=\"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-2023\/eva-koreman-de-e-reader-hat-myn-leslibben-reden\/\" \/>\n<meta property=\"og:locale\" content=\"nl_NL\" \/>\n<meta property=\"og:type\" content=\"article\" \/>\n<meta property=\"og:title\" content=\"Eva Koreman: &#039;De e-reader hat myn l\u00easlibben r\u00eaden&#039; - Leeuwarden City of Literature\" \/>\n<meta property=\"og:description\" content=\"Eva Koreman (1984) is radiomakker by NPO 3FM en NPO Radio 1, \u00fbnder mear fan VPRO\u2019s Een Uur Cultuur. Se die mei oan De Slimste Mens en wie te sjen yn Expeditie Robinson. Yn in oar libben wie se drummer, lid fan it Feministisch Alcoholisch Verbonden helle se in Bachelor B\u00e8ta-gamma (mei in major sosjology) [&hellip;]\" \/>\n<meta property=\"og:url\" content=\"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-2023\/eva-koreman-de-e-reader-hat-myn-leslibben-reden\/\" \/>\n<meta property=\"og:site_name\" content=\"Leeuwarden City of Literature\" \/>\n<meta property=\"article:modified_time\" content=\"2025-12-04T20:25:06+00:00\" \/>\n<meta property=\"og:image\" content=\"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2023\/07\/Eva_Koreman_LETTER_\u00a9Marc_Knip_02_web.jpg\" \/>\n\t<meta property=\"og:image:width\" content=\"1199\" \/>\n\t<meta property=\"og:image:height\" content=\"900\" \/>\n\t<meta property=\"og:image:type\" content=\"image\/jpeg\" \/>\n<meta name=\"twitter:card\" content=\"summary_large_image\" \/>\n<meta name=\"twitter:label1\" content=\"Est. reading time\" \/>\n\t<meta name=\"twitter:data1\" content=\"11 minutes\" \/>\n<script type=\"application\/ld+json\" class=\"yoast-schema-graph\">{\"@context\":\"https:\\\/\\\/schema.org\",\"@graph\":[{\"@type\":\"WebPage\",\"@id\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/project\\\/magazine-letter-2023\\\/eva-koreman-de-e-reader-hat-myn-leslibben-reden\\\/\",\"url\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/project\\\/magazine-letter-2023\\\/eva-koreman-de-e-reader-hat-myn-leslibben-reden\\\/\",\"name\":\"Eva Koreman: 'De e-reader hat myn l\u00easlibben r\u00eaden' - Leeuwarden City of Literature\",\"isPartOf\":{\"@id\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/#website\"},\"primaryImageOfPage\":{\"@id\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/project\\\/magazine-letter-2023\\\/eva-koreman-de-e-reader-hat-myn-leslibben-reden\\\/#primaryimage\"},\"image\":{\"@id\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/project\\\/magazine-letter-2023\\\/eva-koreman-de-e-reader-hat-myn-leslibben-reden\\\/#primaryimage\"},\"thumbnailUrl\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/wp-content\\\/uploads\\\/2023\\\/07\\\/Eva_Koreman_LETTER_\u00a9Marc_Knip_02_web.jpg\",\"datePublished\":\"2023-07-13T13:56:01+00:00\",\"dateModified\":\"2025-12-04T20:25:06+00:00\",\"breadcrumb\":{\"@id\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/project\\\/magazine-letter-2023\\\/eva-koreman-de-e-reader-hat-myn-leslibben-reden\\\/#breadcrumb\"},\"inLanguage\":\"nl-FY\",\"potentialAction\":[{\"@type\":\"ReadAction\",\"target\":[\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/project\\\/magazine-letter-2023\\\/eva-koreman-de-e-reader-hat-myn-leslibben-reden\\\/\"]}]},{\"@type\":\"ImageObject\",\"inLanguage\":\"nl-FY\",\"@id\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/project\\\/magazine-letter-2023\\\/eva-koreman-de-e-reader-hat-myn-leslibben-reden\\\/#primaryimage\",\"url\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/wp-content\\\/uploads\\\/2023\\\/07\\\/Eva_Koreman_LETTER_\u00a9Marc_Knip_02_web.jpg\",\"contentUrl\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/wp-content\\\/uploads\\\/2023\\\/07\\\/Eva_Koreman_LETTER_\u00a9Marc_Knip_02_web.jpg\",\"width\":1199,\"height\":900},{\"@type\":\"BreadcrumbList\",\"@id\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/project\\\/magazine-letter-2023\\\/eva-koreman-de-e-reader-hat-myn-leslibben-reden\\\/#breadcrumb\",\"itemListElement\":[{\"@type\":\"ListItem\",\"position\":1,\"name\":\"Home\",\"item\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/\"},{\"@type\":\"ListItem\",\"position\":2,\"name\":\"Projecten\",\"item\":\"https:\\\/\\\/www.leeuwardencityofliterature.nl\\\/project\\\/\"},{\"@type\":\"ListItem\",\"position\":3,\"name\":\"Magazine LETTER 2023\",\"item\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/project\\\/magazine-letter-2023\\\/\"},{\"@type\":\"ListItem\",\"position\":4,\"name\":\"Eva Koreman: &#8216;De e-reader hat myn l\u00easlibben r\u00eaden&#8217;\"}]},{\"@type\":\"WebSite\",\"@id\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/#website\",\"url\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/\",\"name\":\"Leeuwarden City of Literature\",\"description\":\"\",\"potentialAction\":[{\"@type\":\"SearchAction\",\"target\":{\"@type\":\"EntryPoint\",\"urlTemplate\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/?s={search_term_string}\"},\"query-input\":{\"@type\":\"PropertyValueSpecification\",\"valueRequired\":true,\"valueName\":\"search_term_string\"}}],\"inLanguage\":\"nl-FY\"}]}<\/script>\n<!-- \/ Yoast SEO plugin. -->","yoast_head_json":{"title":"Eva Koreman: 'De e-reader hat myn l\u00easlibben r\u00eaden' - Leeuwarden City of Literature","robots":{"index":"index","follow":"follow","max-snippet":"max-snippet:-1","max-image-preview":"max-image-preview:large","max-video-preview":"max-video-preview:-1"},"canonical":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-2023\/eva-koreman-de-e-reader-hat-myn-leslibben-reden\/","og_locale":"nl_NL","og_type":"article","og_title":"Eva Koreman: 'De e-reader hat myn l\u00easlibben r\u00eaden' - Leeuwarden City of Literature","og_description":"Eva Koreman (1984) is radiomakker by NPO 3FM en NPO Radio 1, \u00fbnder mear fan VPRO\u2019s Een Uur Cultuur. Se die mei oan De Slimste Mens en wie te sjen yn Expeditie Robinson. Yn in oar libben wie se drummer, lid fan it Feministisch Alcoholisch Verbonden helle se in Bachelor B\u00e8ta-gamma (mei in major sosjology) [&hellip;]","og_url":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-2023\/eva-koreman-de-e-reader-hat-myn-leslibben-reden\/","og_site_name":"Leeuwarden City of Literature","article_modified_time":"2025-12-04T20:25:06+00:00","og_image":[{"width":1199,"height":900,"url":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2023\/07\/Eva_Koreman_LETTER_\u00a9Marc_Knip_02_web.jpg","type":"image\/jpeg"}],"twitter_card":"summary_large_image","twitter_misc":{"Est. reading time":"11 minutes"},"schema":{"@context":"https:\/\/schema.org","@graph":[{"@type":"WebPage","@id":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-2023\/eva-koreman-de-e-reader-hat-myn-leslibben-reden\/","url":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-2023\/eva-koreman-de-e-reader-hat-myn-leslibben-reden\/","name":"Eva Koreman: 'De e-reader hat myn l\u00easlibben r\u00eaden' - Leeuwarden City of Literature","isPartOf":{"@id":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/#website"},"primaryImageOfPage":{"@id":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-2023\/eva-koreman-de-e-reader-hat-myn-leslibben-reden\/#primaryimage"},"image":{"@id":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-2023\/eva-koreman-de-e-reader-hat-myn-leslibben-reden\/#primaryimage"},"thumbnailUrl":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2023\/07\/Eva_Koreman_LETTER_\u00a9Marc_Knip_02_web.jpg","datePublished":"2023-07-13T13:56:01+00:00","dateModified":"2025-12-04T20:25:06+00:00","breadcrumb":{"@id":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-2023\/eva-koreman-de-e-reader-hat-myn-leslibben-reden\/#breadcrumb"},"inLanguage":"nl-FY","potentialAction":[{"@type":"ReadAction","target":["https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-2023\/eva-koreman-de-e-reader-hat-myn-leslibben-reden\/"]}]},{"@type":"ImageObject","inLanguage":"nl-FY","@id":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-2023\/eva-koreman-de-e-reader-hat-myn-leslibben-reden\/#primaryimage","url":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2023\/07\/Eva_Koreman_LETTER_\u00a9Marc_Knip_02_web.jpg","contentUrl":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2023\/07\/Eva_Koreman_LETTER_\u00a9Marc_Knip_02_web.jpg","width":1199,"height":900},{"@type":"BreadcrumbList","@id":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-2023\/eva-koreman-de-e-reader-hat-myn-leslibben-reden\/#breadcrumb","itemListElement":[{"@type":"ListItem","position":1,"name":"Home","item":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/"},{"@type":"ListItem","position":2,"name":"Projecten","item":"https:\/\/www.leeuwardencityofliterature.nl\/project\/"},{"@type":"ListItem","position":3,"name":"Magazine LETTER 2023","item":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-2023\/"},{"@type":"ListItem","position":4,"name":"Eva Koreman: &#8216;De e-reader hat myn l\u00easlibben r\u00eaden&#8217;"}]},{"@type":"WebSite","@id":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/#website","url":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/","name":"Leeuwarden City of Literature","description":"","potentialAction":[{"@type":"SearchAction","target":{"@type":"EntryPoint","urlTemplate":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/?s={search_term_string}"},"query-input":{"@type":"PropertyValueSpecification","valueRequired":true,"valueName":"search_term_string"}}],"inLanguage":"nl-FY"}]}},"_links":{"self":[{"href":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/project\/12159","targetHints":{"allow":["GET"]}}],"collection":[{"href":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/project"}],"about":[{"href":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/types\/project"}],"version-history":[{"count":0,"href":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/project\/12159\/revisions"}],"up":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/project\/12220"}],"wp:featuredmedia":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/media\/12100"}],"wp:attachment":[{"href":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/media?parent=12159"}],"wp:term":[{"taxonomy":"project_type","embeddable":true,"href":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/project_type?post=12159"}],"curies":[{"name":"wp","href":"https:\/\/api.w.org\/{rel}","templated":true}]}}