{"id":12157,"date":"2023-07-13T15:54:52","date_gmt":"2023-07-13T13:54:52","guid":{"rendered":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/?post_type=project&#038;p=12157"},"modified":"2025-12-04T22:24:37","modified_gmt":"2025-12-04T20:24:37","slug":"yn-petear-mei-skriuwer-daan-remmerts-de-vries","status":"publish","type":"project","link":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-2023\/yn-petear-mei-skriuwer-daan-remmerts-de-vries\/","title":{"rendered":"Yn petear mei skriuwer Daan Remmerts de Vries"},"content":{"rendered":"\n<p class=\"wp-block-paragraph\">\u2018Syn boeken dolle djip en fiele licht, se binne aktueel en ha in universele kr\u00eaft.\u2019 De sjuery fan de Theo Thijssen-priis wie s\u00fbnder mear loovjend oer de winner fan de trijejierlikse oeuvrepriis dy\u2019t Daan Remmerts de Vries yn 2022 tafoel.<\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\"><em>Tekst: Radboud Droog | Foto: Sebastian Steveniers | Yllustraasjes: Daan Remmerts de Vries<\/em><\/p>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">Bern en folwoeksenen; syn pinne sl\u00fat nimmen \u00fat. In liter\u00ear oeuvre dat ta folle waaksdom kommen is; ripe, mar op gjin stikken nei \u00fatbloeid. Want Daan Remmerts de Vries is net \u00fatskreaun. 61 jier jong en alle dagen yn syn skriuwkeuken. In selsoplein rezjym dat him fan tsien oere moarns oant seis oere j\u00fbns achter it toetseboerd fan syn Mac h\u00e2ldt. En dan nei h\u00fbs. In kuier fan in pear minuten troch it hert fan \u2019e Amsterdamske Jordaan. Werom nei it lytse appartemint dat er mei syn freondinne en harren dochter bewennet.<\/p>\n\n\n\n<h4 class=\"wp-block-heading\">Trochbraak<\/h4>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\"><em>Godje<\/em> betsjutte yn 2002 syn trochbraak. It smiet him syn earste grutte priis op, in Gouden Griffel. Mei \u2013 en nei alle gedachten foaral tanksij \u2013 in haadpersonaazje dat d\u00earnei in typyske Daan Remmerts de Vries-figuer wurde soe: in atypyske protagonist mei eigenskippen dy\u2019t dy ynearsten op \u2019e ferkearde foet sette. Robbie Nathan \u00fat <em>Godje<\/em> is in rotsek dy\u2019t de l\u00eazer nettsjinsteande syn streken foar him wint. <em>You love to hate him<\/em>, sizze de Ingelsen. De sjuery fan de Theo Thijssenpriis oer dy ynstek: \u2018Daan Remmerts de Vries jout it oare bern de romte\u2019. En sa giet it ek mei de oare karakters \u00fat syn boeken. Se wike faak \u00f4f: in mislearre prins, in domme foks, in bange bear. Syn boeken falle yn \u2019e smaak. De yn Ljouwert berne skriuwer wint de iene priis nei de oare.Twa Gouden Griffels, fiif Zilveren Griffels, in Gouden Lijst, fjouwer Vlag en Wimpels en de earder neamde Theo Thijssenpriis folje foarearst syn fitrine. Dan binne de talleaze nominaasjes net iens neamd. Remmts de Vries\u2019 boeken wurde fier foarby de Europeeske grinzen l\u00eazen en binne sels oerset yn it Sineesk, Koreaansk en Arabysk.<\/p>\n\n\n\n<h4 class=\"wp-block-heading\">Kennis<\/h4>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">Sjoernalist Joukje Akveld stelde dat syn skriuwdriuw komt \u00fat: \u2018Sjoen wurde, net \u00fbnbemurken bliuwe.\u2019 En dat slagget Remmerts de Vries oan no ta hiel behoarlik. Syn nijsgjirrige kyk op \u2019e deistige gong fan saken, keppele oan syn geweldige kennis fan \u2019e natuer en syn eardere oandriuw om te reizgjen soargje derfoar de ferhalen net opdr\u00fbgje.<\/p>\n\n\n<div class=\"wp-block-image is-style-default\">\n<figure class=\"aligncenter size-thumbnail\"><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" width=\"600\" height=\"458\" src=\"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2023\/07\/031MGM-DRdV-600x458.jpeg\" alt=\"\" class=\"wp-image-12075\" srcset=\"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2023\/07\/031MGM-DRdV-600x458.jpeg 600w, https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2023\/07\/031MGM-DRdV-1200x915.jpeg 1200w, https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2023\/07\/031MGM-DRdV-768x586.jpeg 768w, https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2023\/07\/031MGM-DRdV.jpeg 1259w\" sizes=\"auto, (max-width: 600px) 100vw, 600px\" \/><figcaption class=\"wp-element-caption\">H\u00faske oan &#8216;e Burgumermar<\/figcaption><\/figure>\n<\/div>\n\n\n<h5 class=\"wp-block-heading\">W\u00ear kaam dy fassinaasje foar de natuer wei?<\/h5>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">\u2018Yn Amstelveen, d\u00ear\u2019t ik opgroeide, gl\u00fbpte is as trijejierrige soms in legere skoalle yn om nei it grutte akwarium te sjen. D\u00earfoar wie ik op myn trijetsjiller \u00fatnaaid \u00fat \u00fas t\u00fan en, net alhiel \u00fbngefaarlik, twa strjitten oerstutsen. Letter spandearre ik in grut part fan \u2019e skoalfak\u00e2nsjes oan \u2019e r\u00e2nen fan \u2019e Burgumermar, ticht by it b\u00fbtenferbliuw fan myn \u00e2lden. Ik spotte d\u00ear ferskate kearen in otter, doe folle seldsumer as no. Dy \u00fbnderfiningen en de reizen dy\u2019t foar in grut part yn it teken stiene fan \u2019e bisten, sitte yn myn holle en komme der geregeld \u00fat.\u2019<\/p>\n\n\n\n<h5 class=\"wp-block-heading\">Tinkst noch wolris werom oan dyn jeugd yn Frysl\u00e2n, op aventoer by de Burgumermar?<\/h5>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">\u2018O ja. En no\u2019t ik \u00e2lder wurd hieltyd faker, fernim ik.\u2019<\/p>\n\n\n\n<h5 class=\"wp-block-heading\">Reizgest sa folle net mear as eartiids.<\/h5>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">\u2018Dat kloppet. Ik ha earst reizge en bin d\u00earnei beg\u00fbn te wurkjen. Dat is foar in skriuwer de goeie folchoarder, tink ik.\u2019<\/p>\n\n\n\n<h5 class=\"wp-block-heading\">W\u00ear brochten dy reizen dy?<\/h5>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">\u2018Ik neam in pear lannen. Newfoundland yn Kanada, om nei walfisken te sjen. Op \u2019e Shetlandeilannen seach ik prachtige beamleaze natuer. Yn Noarwegen bestudearre ik muskusoksen. Yn Yndia ha ik fjouwer kear west. In pear kear mei \u00fas mem en in kear koart nei de middelbere skoalle. Mei myn freon Sameer. Op syk nei tigers. Koartlyn ha wy as h\u00fash\u00e2lding nei de Pyrenee\u00ebn west. Ha wy yn in sk\u00fblhutte nei gieren sjoen. Dy wurde d\u00ear nammentlik byfuorre. In prachtige \u00fbnderfining. De gieren seagen \u00fas net, want wy sieten achter in fertsjustere r\u00fat.\u2019<\/p>\n\n\n\n<blockquote class=\"wp-block-quote is-layout-flow wp-block-quote-is-layout-flow\">\n<p class=\"wp-block-paragraph\">\u2018As ik der net mear bin, fuorje my dan mar oan \u2019e gieren\u2019<\/p>\n<\/blockquote>\n\n\n\n<h5 class=\"wp-block-heading\">De bisten, lykas de gieren, komme werom yn dyn ferhalen.<\/h5>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">\u2018Faak, ja. Sympatike f\u00fbgels. As ik dea bin, meie se myn lyk oan \u2019e gieren fuorje. Dy binne der grif bliid mei.\u2019<\/p>\n\n\n\n<h5 class=\"wp-block-heading\">Wurket it sa, datst earst it bist sikest en dan pas it l\u00e2n?<\/h5>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">\u2018Earlik sein wol. Op fak\u00e2nsjes mij ik minsken. Dat hat eins altyd sa west.\u2019<\/p>\n\n\n\n<h5 class=\"wp-block-heading\">Al fan it momint \u00f4f datsto oan by de Burgumermar omstr\u00fandest \u2026<\/h5>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">\u2018Beslist. Strune! Alle f\u00fbgels wiene der doe ek noch. F\u00fbgels dy\u2019t no seldsum wurden binne, de blauwe hoanskrobber, de hoants, de reiddomp. Neffens my is der noch mar in tredde part oer fan \u2019e Nederl\u00e2nske f\u00fbgelpopulaasje. D\u00ear meitsje ik my wol soargen oer.\u2019<\/p>\n\n\n\n<h5 class=\"wp-block-heading\">Hoe is de leafde foar f\u00fbgels \u00fbntstien?<\/h5>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">\u2018Op in dei r\u00fbn ik yn it park yn Amstelveen en fan dat stuit \u00f4f beg\u00fbn ik se te tekenjen en deroer te l\u00eazen. Dat wie eins fuort folslein logysk foar my. En al gau wist ik der mear oer as myn \u00e2lden. <em>Nee mem, dat is gjin m\u00fbzebiter. Dat is in wapseglee<\/em>.\u2019<\/p>\n\n\n\n<h5 class=\"wp-block-heading\">Soest, ast it yn dizze tiid allegear oerdwaan mochtst, wer sa dwaan?<\/h5>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">\u2018Skriuwen is wol wat dreger wurden, liket my. It is lestiger om by in \u00fatjouwer binnen te kommen. Se binne foarsichtiger en jouwe minder gau boeken \u00fat.\u2019<\/p>\n\n\n\n<h5 class=\"wp-block-heading\">Omdat der minder l\u00eazen wurdt?<\/h5>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">\u2018Dat hat der beslist mei te krijen. Eartiids waard der gewoanwei mear oan fertsjinne. Doe bestie de earste \u00fatjefte \u00fat fjouwer oant fiift\u00fbzen boeken. Dat binne der no folle minder, oardel oant twat\u00fbzen. En it is d\u00earby ek noch mar de fraach oft de earste druk folslein ferkocht wurdt.\u2019<\/p>\n\n\n\n<h5 class=\"wp-block-heading\">W\u00earom l\u00eaze wy net mear safolle?<\/h5>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">\u2018Omdat der telefoans kommen binne. Wy l\u00eaze wol, mar it binne foaral artikels en koarte nijsberjochten, allegear fan dat skermke. Miskien is myn generaasje wol de l\u00easte dy\u2019t fan it skriuwen libje kin. It ynternet hat in soad stikkenmakke, fyn ik.\u2019<\/p>\n\n\n\n<h5 class=\"wp-block-heading\">Hat it \u00fbnderdiel begripend l\u00eazen der faaks ek wat mei \u00fat te stean?<\/h5>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">\u2018No, hjir makkest in terjochte punt. Dat begripend l\u00eazen fyn ik om te sjitten! Myn dochter moat dingen leare dy\u2019t ik sels net kin. Ik kin bygelyks net \u00fbntlede, mar is dat slim? Nee. En ik hoech ek net te witten wat sinjaalwurden binne. Dat \u00fbnderdiel hellet elke wille \u00fat it l\u00eazen. En dat sil elke skriuwer meistimme. Begjin de skoaldei leaver mei trije kertier l\u00eazen. Gewoan l\u00eaze, yn \u2019e klasse, dat soe folle better w\u00eaze.\u2019<\/p>\n\n\n\n<h5 class=\"wp-block-heading\">Hokker skriuwer meist sels graach l\u00eaze?<\/h5>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">\u2018Der is in skriuwer d\u00ear\u2019t ik al it wurk fantastysk fan fyn. Daniel Kehlmann. <em>Het Meten van de Wereld<\/em> fyn in geweldich boek. Mar ek <em>Roem<\/em> is behoarlik briljant en humoristysk skreaun. Alles fan Sjoerd Kuyper fyn ik ek b\u00fbtengewoan goed. Ted van Lieshout en Joukje Akveld, ek hielendal skitterjend.\u2019<\/p>\n\n\n\n<h5 class=\"wp-block-heading\">Hasto noch dreamen?<\/h5>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">\u2018Ast \u00e2lder wurdst, libbest mear op dyn oantinkens dan op dyn dreamen. Logysk, om\u2019t it ein datst noch \u00f4flizze silst stadichwei ynkoarte wurdt.\u2019<\/p>\n\n\n\n<h5 class=\"wp-block-heading\">Woest oait muzikant wurde. Gjin dream mear oer in lette karri\u00eare as popsjonger?<\/h5>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">\u2018Nee. Paolo Conte is foar safier\u2019t ik wit de iennichste dy\u2019t op lette leeftiid wist troch te brekken as sjonger.\u2019<\/p>\n\n\n\n<h5 class=\"wp-block-heading\">Mar yn in dream kin alles.<\/h5>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\">\u2018Yn dat gefal soe ik earne yn in stil gebiet allinnich mar skilderje wolle.\u2018<\/p>\n\n\n\n<figure class=\"wp-block-gallery has-nested-images columns-default is-cropped wp-block-gallery-1 is-layout-flex wp-block-gallery-is-layout-flex\">\n<figure class=\"wp-block-image size-large is-style-default\"><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" width=\"961\" height=\"1086\" data-id=\"12081\" src=\"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2023\/07\/L1030436-2.jpeg\" alt=\"\" class=\"wp-image-12081\" srcset=\"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2023\/07\/L1030436-2.jpeg 961w, https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2023\/07\/L1030436-2-531x600.jpeg 531w, https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2023\/07\/L1030436-2-768x868.jpeg 768w\" sizes=\"auto, (max-width: 961px) 100vw, 961px\" \/><\/figure>\n\n\n\n<figure class=\"wp-block-image size-large is-style-default\"><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" width=\"958\" height=\"1280\" data-id=\"12078\" src=\"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2023\/07\/029KGM-DRdV-1.jpeg\" alt=\"\" class=\"wp-image-12078\" srcset=\"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2023\/07\/029KGM-DRdV-1.jpeg 958w, https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2023\/07\/029KGM-DRdV-1-898x1200.jpeg 898w, https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2023\/07\/029KGM-DRdV-1-449x600.jpeg 449w, https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2023\/07\/029KGM-DRdV-1-768x1026.jpeg 768w\" sizes=\"auto, (max-width: 958px) 100vw, 958px\" \/><\/figure>\n\n\n\n<figure class=\"wp-block-image size-large is-style-default\"><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" width=\"961\" height=\"1192\" data-id=\"12084\" src=\"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2023\/07\/Vos-en-Vis_20.jpeg\" alt=\"\" class=\"wp-image-12084\" srcset=\"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2023\/07\/Vos-en-Vis_20.jpeg 961w, https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2023\/07\/Vos-en-Vis_20-484x600.jpeg 484w, https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2023\/07\/Vos-en-Vis_20-768x953.jpeg 768w\" sizes=\"auto, (max-width: 961px) 100vw, 961px\" \/><\/figure>\n<\/figure>\n\n\n\n<p class=\"wp-block-paragraph\"><a id=\"_msocom_1\"><\/a><\/p>\n\n\n\n<!--more-->\n\n\n\n<div id=\"narrow-column-1764758271581-143\" class=\"wp-block-custom-narrow-column narrow-column offset-space-16\"><\/div>\n","protected":false},"excerpt":{"rendered":"<p>\u2018Syn boeken dolle djip en fiele licht, se binne aktueel en ha in universele kr\u00eaft.\u2019 De sjuery fan de Theo Thijssen-priis wie s\u00fbnder mear loovjend oer de winner fan de trijejierlikse oeuvrepriis dy\u2019t Daan Remmerts de Vries yn 2022 tafoel. Tekst: Radboud Droog | Foto: Sebastian Steveniers | Yllustraasjes: Daan Remmerts de Vries Bern en [&hellip;]<\/p>\n","protected":false},"featured_media":12067,"parent":12220,"menu_order":210,"template":"","project_type":[],"class_list":["post-12157","project","type-project","status-publish","has-post-thumbnail","hentry"],"acf":[],"yoast_head":"<!-- This site is optimized with the Yoast SEO plugin v28.7 - https:\/\/yoast.com\/product\/yoast-seo-wordpress\/ -->\n<title>Yn petear mei skriuwer Daan Remmerts de Vries - Leeuwarden City of Literature<\/title>\n<meta name=\"robots\" content=\"index, follow, max-snippet:-1, max-image-preview:large, max-video-preview:-1\" \/>\n<link rel=\"canonical\" href=\"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-2023\/yn-petear-mei-skriuwer-daan-remmerts-de-vries\/\" \/>\n<meta property=\"og:locale\" content=\"nl_NL\" \/>\n<meta property=\"og:type\" content=\"article\" \/>\n<meta property=\"og:title\" content=\"Yn petear mei skriuwer Daan Remmerts de Vries - Leeuwarden City of Literature\" \/>\n<meta property=\"og:description\" content=\"\u2018Syn boeken dolle djip en fiele licht, se binne aktueel en ha in universele kr\u00eaft.\u2019 De sjuery fan de Theo Thijssen-priis wie s\u00fbnder mear loovjend oer de winner fan de trijejierlikse oeuvrepriis dy\u2019t Daan Remmerts de Vries yn 2022 tafoel. Tekst: Radboud Droog | Foto: Sebastian Steveniers | Yllustraasjes: Daan Remmerts de Vries Bern en [&hellip;]\" \/>\n<meta property=\"og:url\" content=\"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-2023\/yn-petear-mei-skriuwer-daan-remmerts-de-vries\/\" \/>\n<meta property=\"og:site_name\" content=\"Leeuwarden City of Literature\" \/>\n<meta property=\"article:modified_time\" content=\"2025-12-04T20:24:37+00:00\" \/>\n<meta property=\"og:image\" content=\"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2023\/07\/F6I0495_DaanRemmertsdeVries_\u00a9SebastianSteveniers_LR.jpg\" \/>\n\t<meta property=\"og:image:width\" content=\"1200\" \/>\n\t<meta property=\"og:image:height\" content=\"843\" \/>\n\t<meta property=\"og:image:type\" content=\"image\/jpeg\" \/>\n<meta name=\"twitter:card\" content=\"summary_large_image\" \/>\n<meta name=\"twitter:label1\" content=\"Est. reading time\" \/>\n\t<meta name=\"twitter:data1\" content=\"7 minutes\" \/>\n<script type=\"application\/ld+json\" class=\"yoast-schema-graph\">{\"@context\":\"https:\\\/\\\/schema.org\",\"@graph\":[{\"@type\":\"WebPage\",\"@id\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/project\\\/magazine-letter-2023\\\/yn-petear-mei-skriuwer-daan-remmerts-de-vries\\\/\",\"url\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/project\\\/magazine-letter-2023\\\/yn-petear-mei-skriuwer-daan-remmerts-de-vries\\\/\",\"name\":\"Yn petear mei skriuwer Daan Remmerts de Vries - Leeuwarden City of Literature\",\"isPartOf\":{\"@id\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/#website\"},\"primaryImageOfPage\":{\"@id\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/project\\\/magazine-letter-2023\\\/yn-petear-mei-skriuwer-daan-remmerts-de-vries\\\/#primaryimage\"},\"image\":{\"@id\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/project\\\/magazine-letter-2023\\\/yn-petear-mei-skriuwer-daan-remmerts-de-vries\\\/#primaryimage\"},\"thumbnailUrl\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/wp-content\\\/uploads\\\/2023\\\/07\\\/F6I0495_DaanRemmertsdeVries_\u00a9SebastianSteveniers_LR.jpg\",\"datePublished\":\"2023-07-13T13:54:52+00:00\",\"dateModified\":\"2025-12-04T20:24:37+00:00\",\"breadcrumb\":{\"@id\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/project\\\/magazine-letter-2023\\\/yn-petear-mei-skriuwer-daan-remmerts-de-vries\\\/#breadcrumb\"},\"inLanguage\":\"nl-FY\",\"potentialAction\":[{\"@type\":\"ReadAction\",\"target\":[\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/project\\\/magazine-letter-2023\\\/yn-petear-mei-skriuwer-daan-remmerts-de-vries\\\/\"]}]},{\"@type\":\"ImageObject\",\"inLanguage\":\"nl-FY\",\"@id\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/project\\\/magazine-letter-2023\\\/yn-petear-mei-skriuwer-daan-remmerts-de-vries\\\/#primaryimage\",\"url\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/wp-content\\\/uploads\\\/2023\\\/07\\\/F6I0495_DaanRemmertsdeVries_\u00a9SebastianSteveniers_LR.jpg\",\"contentUrl\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/wp-content\\\/uploads\\\/2023\\\/07\\\/F6I0495_DaanRemmertsdeVries_\u00a9SebastianSteveniers_LR.jpg\",\"width\":1200,\"height\":843},{\"@type\":\"BreadcrumbList\",\"@id\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/project\\\/magazine-letter-2023\\\/yn-petear-mei-skriuwer-daan-remmerts-de-vries\\\/#breadcrumb\",\"itemListElement\":[{\"@type\":\"ListItem\",\"position\":1,\"name\":\"Home\",\"item\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/\"},{\"@type\":\"ListItem\",\"position\":2,\"name\":\"Projecten\",\"item\":\"https:\\\/\\\/www.leeuwardencityofliterature.nl\\\/project\\\/\"},{\"@type\":\"ListItem\",\"position\":3,\"name\":\"Magazine LETTER 2023\",\"item\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/project\\\/magazine-letter-2023\\\/\"},{\"@type\":\"ListItem\",\"position\":4,\"name\":\"Yn petear mei skriuwer Daan Remmerts de Vries\"}]},{\"@type\":\"WebSite\",\"@id\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/#website\",\"url\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/\",\"name\":\"Leeuwarden City of Literature\",\"description\":\"\",\"potentialAction\":[{\"@type\":\"SearchAction\",\"target\":{\"@type\":\"EntryPoint\",\"urlTemplate\":\"https:\\\/\\\/leeuwardencityofliterature.nl\\\/fy\\\/?s={search_term_string}\"},\"query-input\":{\"@type\":\"PropertyValueSpecification\",\"valueRequired\":true,\"valueName\":\"search_term_string\"}}],\"inLanguage\":\"nl-FY\"}]}<\/script>\n<!-- \/ Yoast SEO plugin. -->","yoast_head_json":{"title":"Yn petear mei skriuwer Daan Remmerts de Vries - Leeuwarden City of Literature","robots":{"index":"index","follow":"follow","max-snippet":"max-snippet:-1","max-image-preview":"max-image-preview:large","max-video-preview":"max-video-preview:-1"},"canonical":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-2023\/yn-petear-mei-skriuwer-daan-remmerts-de-vries\/","og_locale":"nl_NL","og_type":"article","og_title":"Yn petear mei skriuwer Daan Remmerts de Vries - Leeuwarden City of Literature","og_description":"\u2018Syn boeken dolle djip en fiele licht, se binne aktueel en ha in universele kr\u00eaft.\u2019 De sjuery fan de Theo Thijssen-priis wie s\u00fbnder mear loovjend oer de winner fan de trijejierlikse oeuvrepriis dy\u2019t Daan Remmerts de Vries yn 2022 tafoel. Tekst: Radboud Droog | Foto: Sebastian Steveniers | Yllustraasjes: Daan Remmerts de Vries Bern en [&hellip;]","og_url":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-2023\/yn-petear-mei-skriuwer-daan-remmerts-de-vries\/","og_site_name":"Leeuwarden City of Literature","article_modified_time":"2025-12-04T20:24:37+00:00","og_image":[{"width":1200,"height":843,"url":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2023\/07\/F6I0495_DaanRemmertsdeVries_\u00a9SebastianSteveniers_LR.jpg","type":"image\/jpeg"}],"twitter_card":"summary_large_image","twitter_misc":{"Est. reading time":"7 minutes"},"schema":{"@context":"https:\/\/schema.org","@graph":[{"@type":"WebPage","@id":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-2023\/yn-petear-mei-skriuwer-daan-remmerts-de-vries\/","url":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-2023\/yn-petear-mei-skriuwer-daan-remmerts-de-vries\/","name":"Yn petear mei skriuwer Daan Remmerts de Vries - Leeuwarden City of Literature","isPartOf":{"@id":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/#website"},"primaryImageOfPage":{"@id":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-2023\/yn-petear-mei-skriuwer-daan-remmerts-de-vries\/#primaryimage"},"image":{"@id":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-2023\/yn-petear-mei-skriuwer-daan-remmerts-de-vries\/#primaryimage"},"thumbnailUrl":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2023\/07\/F6I0495_DaanRemmertsdeVries_\u00a9SebastianSteveniers_LR.jpg","datePublished":"2023-07-13T13:54:52+00:00","dateModified":"2025-12-04T20:24:37+00:00","breadcrumb":{"@id":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-2023\/yn-petear-mei-skriuwer-daan-remmerts-de-vries\/#breadcrumb"},"inLanguage":"nl-FY","potentialAction":[{"@type":"ReadAction","target":["https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-2023\/yn-petear-mei-skriuwer-daan-remmerts-de-vries\/"]}]},{"@type":"ImageObject","inLanguage":"nl-FY","@id":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-2023\/yn-petear-mei-skriuwer-daan-remmerts-de-vries\/#primaryimage","url":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2023\/07\/F6I0495_DaanRemmertsdeVries_\u00a9SebastianSteveniers_LR.jpg","contentUrl":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/wp-content\/uploads\/2023\/07\/F6I0495_DaanRemmertsdeVries_\u00a9SebastianSteveniers_LR.jpg","width":1200,"height":843},{"@type":"BreadcrumbList","@id":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-2023\/yn-petear-mei-skriuwer-daan-remmerts-de-vries\/#breadcrumb","itemListElement":[{"@type":"ListItem","position":1,"name":"Home","item":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/"},{"@type":"ListItem","position":2,"name":"Projecten","item":"https:\/\/www.leeuwardencityofliterature.nl\/project\/"},{"@type":"ListItem","position":3,"name":"Magazine LETTER 2023","item":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/project\/magazine-letter-2023\/"},{"@type":"ListItem","position":4,"name":"Yn petear mei skriuwer Daan Remmerts de Vries"}]},{"@type":"WebSite","@id":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/#website","url":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/","name":"Leeuwarden City of Literature","description":"","potentialAction":[{"@type":"SearchAction","target":{"@type":"EntryPoint","urlTemplate":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/?s={search_term_string}"},"query-input":{"@type":"PropertyValueSpecification","valueRequired":true,"valueName":"search_term_string"}}],"inLanguage":"nl-FY"}]}},"_links":{"self":[{"href":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/project\/12157","targetHints":{"allow":["GET"]}}],"collection":[{"href":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/project"}],"about":[{"href":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/types\/project"}],"version-history":[{"count":0,"href":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/project\/12157\/revisions"}],"up":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/project\/12220"}],"wp:featuredmedia":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/media\/12067"}],"wp:attachment":[{"href":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/media?parent=12157"}],"wp:term":[{"taxonomy":"project_type","embeddable":true,"href":"https:\/\/leeuwardencityofliterature.nl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/project_type?post=12157"}],"curies":[{"name":"wp","href":"https:\/\/api.w.org\/{rel}","templated":true}]}}